TUSKEN TJONGER EN IE.

J. Wagenmakers


Lemmer in 1812

Toponymen.

Foar hwa't it wurd toponymen net thûs bringe kin,is hjir dan de betekenis: toponymen binne de ierdrykskûndige nammen. De bedoeling fan dizze rigge artikels is, om hwat mear bikendheit to jaen oan de nammen fan lannen, wegen, dyken ensfh.

Sa wurde hjoed de dei noch nammen brúkt, dy't om 1500, hinne al foarkamen, dêr tsjinoer wel oaren hwerfan de lizzing net bikend is. De sé hat sûnder mis syn ynfloed op ien en oar hawn.

Folle is der op it gebiet fan de toponomy oer ús gea net to finen, ôfsjoen dan fan it troch O. Santema publisearre "Toponymen rond de Suthermuthe", dat de nammen bi-westen de strjitwei jowt. En daninkelte losse krante-artikeltsjes.

Foar hwa 't him ek roppen field omnei dy alde nammen to sneupen, hjir inopjefte fan de bronnen: de benificiaalboeken dy't fan us gea biwarre bleaun binne, hja binne fan 1543 en jowe hiel hwat lân- en wetternammen, nei to sjen op de Prov. Bibleteek.

Fan tige bilang binne de floreencohieren fanôf 1700. Dizze jowe in opjefte fan lân hweroer bilesting bitelle wurde moast, hjiryn ek hiel hwat nammen. Dizze cohieren binne yn hânskrift en fanwege de krullen en halen net altyd like maklik to lêzen. To rieplaehtsjen op it Ryksarehief to Ljouwert.

Dan binne der fierdersde âlde kaerten sa as dy fan Schotanus 1664, hiel moai, dy fan Eekhof 1854, inkelde âlde gemeentekaerten, Wetterskipskaerten, kranteknipsels, adfortinsjes fan' lânforkeap, oerlevering fan âlde Lemsters. Men sjocht, der is keur genôch.

Hwer moochlik ha wy de bron en it jiertal der by set, mei sa moochlik de lizzing en oare gegevens.

In B bisjut ut de Benificiaalboeken, F stiet foar floreencohieren. As der neat by stiét is dit ut kranteknipsels of oerlevering.


DE LEMMER, LÂNNAMMEN.

● In Claescamp, (B 1543) en (F 1748), west fan de Mutserf.

● In Hernschcamp, (B 1543)

● In de Hoef, (B 1543)

● Toe Fenne eynden, (B 1543)

● In de Groetcampt, (B 1543)

● De Westercamp, (B 1543)

● Een Bandacker lopende van de dijksloot aen de Rien, (F 1748) Nog voor pond in de Lemster Buiten Brekken de Bijl genaemd, (F 170) wie tsjerkelan. De namme Bijl kin wize op de foarm fan it lan, mar ek kin it wêze dat it fan Bile - Bil - Bild komt. Dan hat it de bitsjutting dat it hwat bolfoarmich boppen it oanlizzende lan utkomt.

● De Lemster Buiten Brekken, (F 1798) In de Hop of Buiten Brekken, (F 1748) tsjerkelan, dit Hop net forwarre mei it Hop east fan de Lemmer. 2 p.m. in de Hoge Hop, Tsjerkeboeken N.H. fan de Lemmer

● Op de Duykerswal, (F 1748)

● Het Erwtlandt lopende van de kolk tot aan de hop, de dyk ten zuiden, de Zijlroede ten noorden, ((F 1700)) Dit wie tsjerkelan, 't kin wêze dat dit lan brûkt waerd foar de bou fan peulfruchten foar bideling oan de earmen, to mear om 't dit tsjerkelan wie.

● De Breede Fenne by verscheidene koemelkers gebruykt, lopende van Fedde Sybrens Helling tot aan de sloot van 't volgende stuk de Vaart ten zuiden, ((F 1748)) De Brede Fenne wie it stik lan wer nou de gasfebryk op stiet. Voorste stuk van de Fenne, ((F 1748)) Lopende uit de Rien aan de hoge Fennen, (F 1748) Hjir sil mei bidoeld wêze de Hege Fonnen, it sté dêr 't de camping fan Frans de Witte was.

● In de Gerbenschar, (F 1748)

● Alle gelegen in 't Gaastyeld, (F 1738)

● In de Heerenscamp (1748) Tsjin platte dyk oan west fan de Mudsert, krt WS 1859 Een half pond in de Hoek van de Keeg, (F 1748) Lopende van de Inform (tot) aan de Presterscamp, (F 1748)

● Jacheiland genaemd, (F 1700), is tsjerkelân

● In de Keeg, (F 1748)

● In de Nijmarder Keeg, (F 1738)

● In de Leyen buytendycks, (F 1748)

● In de Kinderkamp, leggende op, de Langeslootswal, (F 1748) Drie en een half ponds lands, in de hop de Kerkevijf ten noorden, (F 1748) Nog eenige pond in het Gaastveld meerendeels gelegen by en in de Lemsterhoek, (F 1738)

● De Molencamp de Lemster huizen ten noorden, de Zeedyk ten zuiden, lopende van de sloot van grietman Andringa hof, tot aan de dwarssloot, (F 1700), wie tsjerkelân. Drie ponds de Muisvaart, (F 1700) tsjerkelân

● De Muytzard, (krt 1718)

● Manepolle leggende tusschen de hopen Lemster buitenbrekken, (F 1700)

● Op de Priestercamp, (F 1748) Lopende uit de duyker tot omtrent halfwegen het Schar, (F 1748)

● Op de Hoge Fennen De Spek genaemd, (F 1738)

● In de Stolte camp, (F 1748)

● Het Steenland is alhier vergraven lopend uit de Kolk tot aen de Hop, de Zeedijk ten zuiden de Sijlroede ten noorden, (F 1748) Een stukje land lopende van de Engwirder kolk tot aan de Steen-kolk het Turfland genaamt. (F 1748) Eigenaars van het Turfland lopende van de inform tot aan de sloot bij Fedde Sijbrens hellinggat, (F 1748)

Eigenaars van het tweede stuk van het Turfland lopende van de dray tot aan de scheidsloot agter het hof en dus van de Zylroede tot aan de Zeedijk, (F 1748)
It earste Turflân roun fan it lytse kampearterrein nei de jachthaven.
It twade fan de Herfoarmde Tsjerke nei Flevobrêge, de Koartestreek hiet doe dus Turflân. It tredde stik Turflân fan it lytse kampearterrein nei de Pottebakkerssteech.

● De Maden tusschen de rieden zuidelyke grens van het erwtland (F 1748) In de muisvaart de Rieden ten noorden (F 1738) In de voorste camp, (1700), tsjerkelân

● De weerde camp, (F 1748)

● Polder de Aap of Mirderveld, krt. WS 1859

● Afgegraven land N fan de Lemsterhoek, krt WS 1898

● De Batterij oan de Strjitwei, forkeap 86 roede weidlân, L.C. 1860

● Brekkenpolder of Kikkerpolder de Fok 1e stik lân tusken Nyedyk en rige pealwurk, dat roun fan it Ooievaarsnest nei it eadere tramstasjon 1880
2. Stik lân by Pasfear
3. Hwer nou it greate kampearterrein is. Alle trije hiene in trijehoekige foarm.

● De Fenne lyts trijehoekich stikje lân by Teakesyl, krt. WS 1926.

● Hop. 1877 bigoun men mei de oanliz fan in kapwurk, hjirtroch waerd it oanslibjen bifoardere. Yn 1922 krige men tastimming fan Gedeputearde Staten om it Hop droech tolizzen. L.C. 1878 12-12: Verzanding van de haven van Lemmer wegens de aanleg van een stenen dam door het Hop.

● Lemsterhoek, is al yn 1413 forwoest, it hat eartiids in doarp of streek west, de resten sille wol yn sé lizze, hwant de dyk is faek forlein yn dy kriten Mar de namme is oan 't hjoed de dei biwarre bleaun.

Yn it charterboek komt in stik foar ut 1488, steld yn âId frysk: Item by lycke penna is 't befellen dat nemmen in da mayemonna fiortien daegen foer maya ende fiortien daegen nei maya dy fiskje mei binna Lyaemstera herna fan Taekezijl nochfoer dae Lyamer bij een bussa schet vant land.
By gelike boete is 't forbean dat gjinien yn 'e maeijemoanne fjirtsjin dagen foar maeijedei (is 12 maeije) en 14 dagen dêrnei fiskje mei binnen lemsterhoek foar Teakesyl of foar de Lemmer op in kanonskot fan 't lân. Ek doe al fiskerij dos.

 

Op de kaart wordt de Lemsterhoek, Lemmer horn genoemd

● Murkomslantsje fan de helling fan Poppen oan Pasfear 1880. Dit stik lân roun winters ûnder, dêr koe men dan al gau op ride, ek wiene hjir wol hurdriderijen op.

● Mounepolle
1. Bij de gasfebryk
2. It sté hwer de houtmoune op stiet beide om 1880 hinne

● De Schudding súd fan de Langesleat, krt. WS 1856

● De Uitheiing. It eastlik diel bidike troch in kadyk yn 1850. It westlik yn 1856

● Het Zandland, krt WS 1859. Het zandland lei op it plak fan de jachthaven.

Tekening van C. van Slageren: De Langesloot.

DE LEMMER, WETTERNAMMEN.

Lopende uit de Kleine Brekken tot in het moddrig wijd, (F 1748)

● Lythie Breek, B 1543 De lytse 'Brekken is droech makke, hat lein ûngefear wer nou de aquacamping is.

● De Brekken, (F 1738). De forklearing fan de namme Brekken is heal lân, heal wetter. De betekenis komt hiel moai 'ut yn in stik ut de Benificiaal boeken ûnder Dunegea "mad mei de geast deer de twa mad fan is breeckland off heenland off onland der in weta jeeren naet fulle fan rispet is". (Der forskate jieren net folIe fanôf helle is). Dan wie der noch in Kleine Brekken noardeast fan de greate Brekken, krt 1853, letter ek droech makke.

● Doolhofsloot 1880, roun tusken efterkant fan de huzen Langestreek en Túnstrjitte.

● Fennesloot of Nijeduiker, krt 1713 fan de Mudsert nei Teakesyl sédyk, "waterlossinge" stiet der by.

● Vaenesloot, krt 1664, selde as Fennesloot

● Het Hellinggat, (F 1748) Der, wiene yn de Lemmer mear gatten. Men sei: deade gatten, dizze útrinners fan Rien en Dok. Sa wie der ien neist de R.K. Tsjerke, neist de timmerwinkel fan Tinga, tusken gemeentehûs en Herfoarmde Tsjerke, ien yn de Flevostrjitte op dat sil boppeneamd hellingat wêze dan ek in gat yn 't Waaigat op.

Fan 1525 is it Truytie's Gat, it wurdt yn it charterboek sa omskreaun: "Op 't Noord van de Lemmer nae Taekesyl is een gat heetende Truyties gat ,dat omtrent vyf roeden lanch ende een manstal diep is ende op beide zyden land." Hjirmei sil doeld wêze op it deade gat tusken de Herfoarmde Tsjerke en it gemeentehûs.

● Gat van Emden, krt 1718, hwer de Sylroede út it Stroomkanael komt. Siemens Loen Gatten 1880, oan de sudkant fan de Plattedyk. Hjirut wie de groun helle foar de Plattedyk.

● Molensloot, (F 1748)

● Molensloot

1. Fan it earste tsjerkhôf oan de Strjitwei roun oan de noardkant in molensloot fan trambaen nei Rien. Dizze hjitte ek wol fan Brechjesleat of Molier.
2. Fan Greate Wielen nei Rien.
3. Fan Strjitwei nei eardere oerset nei Eastersé.

● Het Moddrig Wijd, (E 1748), is opgien yn 't Stroomkanael. De oude duyker, krt. 1664, fan súdpunt Brekken nei Stoomgemael. Op de westereg van Synnerts sloet. (B 1543).

● Kolken, Us gea mei syn súdlike grins oan de sé, hat mear as ien kear fan de sé to lijen hawn. As de dyk trochbruts en it wetter mei enorme krêft it lâm ynkolke, ûntstiene op dy plakken djippe kolken. Men lei de dyken der gewoan omhinne en as oantinken bleauwen dy kolken yn it gea efter. Dy kolken krigen de nammen fan it doarp of streek dat dat bitreffende ein dyk yn 't ûnderhâld hie.

Soms lei dat doarp in hiel ein yn de provinsje op en omdat er gjin direkt bilang wie, forroun it ûndehâld net altyd like soepel. Sa stie yn de L.C. fan 18 jannewaris 1900: "Een eeuw geleden is de kwestie over de te maken waterlossing tusschen Wymbritsetadeel, Doniawerstal, Haskervyfgea, Utingeradeel en Lemster Vijfgha door G.S. van Friesland opgelost".
Yn, in charter fan 1503: "Sal Oosterzeeland en de Schoterland den dyck van Fenhuizen ter (tot) Lemmer maken. Oich sal Doeniawarstal van die Lemmer off totten dycken an Geesterland den dycken maken,"

● De Engwirder Colk (F 1748) It kampeerterrein, Ooievaersnêst' stiet der nou op. Neamd nei Engwirden, dat letter opgien is yn 't Hearrenfean.

● Reenkolk, krt Schotanus 1718. Dit, is fout skreaun en moat wêze Steenkolk, lyts kolkje dat even oan de Lemster kant fan it wite húske lei, der wie in sleat dy forbining hie mei de Sylroede. Oan dizze sleat in wettermoune dy't it polderke droech mealde dat nou it parkeerterrein fan 't stran is.

● Teroele Kolk, ûntstien yn 1702, hie mear nammen Greate Kolk of Jan Siebeskolk. Is de kolk by it Stoomgemael, der flakby wie in lytsere kolk, ûntstien yn 1616. Dizze hie in útwetteringslûs, oanlein troch de Kompagnons fan 't Hearrenfean.

● Donyagaer Kolk krt 1718, tusken Stoomgemael en Lemsterhoek.

● Houtmoune Kolk, is lang yn gebrúk west om it hout yn to biwarjen. Dat dizze kolken djip wiene bliek wol doe 't men in forbining meitsje woe oer dy kolk hinne, dêr wiene peallen fan 18 meter foar nedich.

● De Sylroede (F 1748). Syl = slûs, dus wetterrin nei de slûs, folle foarkommende namme. Also men oock verstonde, dat Willem Boon, teghenwoorde mits 't invallen van de Lemster-zijl aldaer weynigh dienst can doen, ende nochtans op de Take-zijl wel beter toesicht dient ghenomen, is goed ghevonden d'selve t'ordonneren aldaer mette woninghe te komen, ende niettemin toe te sien, dat omtrent de Lemmer ofte andere quartieren gheene goederen over de dijcken en werden uytghesteecken.

De Sylroede

DE LEMMER, WEGEN - DYKEN.

● Plattedyk, oanlein yn 1734. It stik sédyk fan de Lemmer nei Lemsterhoek wie min, tige min. Dat kaem omdat er makke wie fan feangroun, dan de slappe feanige ûndergroun en al mei al klonk it saekje yn. Dan wie it ek noch sa dat efter dit stik sédyk inar efkes fjouwer kolken leine. G.S. skreauwen dan ek oer dizze dyk, dat se it nedich achten in slieperdyk to lizzen "om het afdyken van de extra ordinaire diepe kolken en percileuse stranden.

Troch de oanliz fan dizze slieper tocht men in bettere bifeiliging to krijen.
De groun, nedich foar de dyk, helle men út gatten besuden de plattedyk. Dy gatten ha der noch lang lein, nei ik mien binne se tagelykl mei it meitsjen fan de Margrietslûs ticht spuite.
Mar krekt os mei de alde,sédyk de groun wie fean en de ûndergroun dito, sadat it net mear to sjen is dat dit in wetterkearing wie, mar hy is folle heger west.

Yn de floreencohieren komt dizze dyk foar: "vijf pond in de Lemster buyten brekken, meerendeels tot aanleg van de nieuwe binnenlegger vergraven." (F 1748).

● Polderdyk. Foar de mêstmakkerij fan v. d. Neut lâns nei it Tsjûkemar.

● Skiepedykje, sil noch wol bikend wêze. Dit is al ien fan dy nammen dy't oer in skoftsje net mear bikend binne. Ek wol Sûkerdyk neamd.

● Njjedyk. Alhoewol it er net mear oan to sjen is, wie dit in bilangrike séwarring. Dizze dyk hat faek op trochbrekken stien mei great gefaer foar de Lemmer.

In plan om dizze dyk to forbétterjen koe net trochgean de dyk wie foar it greatste part biboud.
Unteigenje soe tofolle tiid en sinten koste. Dêrom is yn 1878 in oar plan utfierd, in dyk dêrfoar lizze, doe wie de Nijedyk slieperdyk wurden.

Oanslutend binne doe de slûzen ek mear nei bûten lein. Hwerom dit de Nijedyk is, is noch net dúdlik as der al in alde d'y'k wie dan moat dy mear yn sé oplein ha, mar dat moat foar 1500 west ha. Wol komt foar yn de Cohieren fan 1748 de Oude Zeedijk, mar hjir is mei, bidoeld de dyk fan wite huske nei Lemsterhoek, hwant de Plattedyk wie de nieuwe binnenlegger.

● It Paed. Aldere namme foar de Strjitwei, dy't oanlein is yn 1834. It wie in "besloten voet- en paardepad" moast men nei de Jouwer, dan gie dit oer de Hearewei Eastersé Ychten, mar it forkear oer lân wie sa bilangryk net as dat oer 't wetter.

It Paed - Strjitwei

DE LEMMER, STRJITNAMMEN.

● It Greate Hoofd. 1880 roun fan de Skulpen be-easten de slûs richting fan de gording yn de fluchthaven.

● It Lytse Hoofd. Sahwat gelyk op mei de Emmakade roun op it ein nei it greate hoofd ta. Dizze hoofden wiene fan houten peallen.

● It Greate Leech 1880. Fan it tramstasjon nei it Ooievaersnêst roun in rige peallen foar de séwearing. Bûten dizze peallen wie it grèate leech

● It Lytse Leech. De huzen yn it tsjintwurdiche Leech stiene der noch net. Wol in rige peallen ek foar de séwearing. De huzen yn it Leech binne oer dizze peallen hinne boud. De wenningen yn de Boppeskâns seagen doe dos oer sé út.

● De Merk (F 1748) "een huysinge aan het merkt in de Lemmer", nou B.K. plein. Yn 1887 is de merk trochgroeven om in koartere forbining mei de haven te krijen, nou dan wer yn de âlde steat. Jammer is dat dizze namme fordwine moast, historysk groeide nammen moatte net foroare wurde.

● Bakkershoek, diel fan de merk.

● Under de hoek. Al hat hjir nea in nambuortsje stien mei dy namme, elts wist dat dit it sté wie foar, Cafetaria Schaaf.

● De Hichte. It plak foar foto Werner: It wrâldnijs, it doarpsnijs wurd hjir noch altyd fan it noadiche kommentaer forsjoen.

● Skulpen. Wie froecher lytser en hie doe de namme fan Havenswal, (F 1748) "De Heer Andringe een huys op de Havenswal" .

● Gedempte Gracht, tapasselike namme, hjir roun de Rien troch, dempt in 1887.

● Schans. Schotanus 1661 skriuwt oer de Lemmer: "Hier plagt in tijden van oorloghe een schans te zyn die ook de Hollandsche graven in bezit hebben gehad". Of de Skans dêrmei bidoeld is, is net nei to gean, mal' leit wol yn de reden.

● SpinhúspoIle, Tsjerkeboeken 1691: "Fan de Markt, Agterom tot op de Pol". Dit terrein hat. tusken twa deade gatten lein tusken Skâns en Rien en wie om 1880 hinne eigendom fan de diakonie. It hat lang as jiskelân tsjinne.

Yn 1832 kaem oan it earmhûs dat hjir fIak by stie in spinhûs, moochlik hat it hjir syn namme fan.
Mar om 1770 spinde men hjir op 'e Lemmer ek hennep foar hollanske rederyen yn Krommenie.
Dan is der inkelde kearen sprake fan in kasteel of forsterking, mei grêften der omhinne.

As it ergens sin hie om dat del to setten, dan wie dat hjir op dizze polle, troch trije kanten bigrinze troch wetter, de Rien en de beide gatten, oan de fjirde kant de sédyk. Hjir hie men de kontrole oer de ienige bilangrike tagongswei oer wetter en lan, hwer soe men it kasteel of blokhûs better plak ta tinke kinne as hjirre.

● Weverswal, tusken Agterom en Fiskersbuorren. As dizze namme yn forbân brocht wurde mei mei it weven fan biezen matten, dat se yn it earmhûs diene, is net nei to gean.Dat aer yn it earmhûs weef waerd is út de diakonyboeken bikend. In fjirde part fan hwat se fortsjinnen mocht hâlden wurde.

● Achterom. Komt yn de Tsjerkeboeken yn 1691 foar. Hjir hat it yn 1817 boude earmhûs stien. Der binne nochal hwat nammen mei steech. De measten hiene in forbining Skans-Agterom. Opteikene nammen út 1880.

● Wide steech - Oranjeboomsteech, Beintjehoeksteech, Earrebarresteech, Earmhûssteech, Harmoniesteech, Skoallesteech, tusken De Helling en Dijken. Fierder de Koartestreek op de Bokkesteech, Pottebakkerssteech

● Dûbelsteech, Tsjerkeboeken 1691: foarkommende as Dubbelstraat.

● Lommertsteech, ek wol sein fan Brouwersteech, tsjinoer it Postkantoar. Yn dizze steech de bank fan liening, de lêste bankhalder wie in IJlst.

● Roordasteech, selde as Lommertsteech.

● Lynbaan, (F 1748). Der hawwe twa touwslagerijen west yn ,dizze strjitte. Yn de L.C. jan. 1791 komt de adfortinsje foar: "Drie à vier lijnbaans-knechten werk begerende te hebben, adressere zich in persoon op 't spoedigste aan de lijnbaan van 'Sjoerd Stapert in de Lemmer".

● Kipebuertsje, sil der de langste tiid ek wol stien ha.

● Swartewegje, de namme fan in sintelpaed, hwat nou de Flevostrjitte is.

● It Ein, selde as Turflàn.

● Pietersbuurt, is in diel fan it Turflan. De namme komt fan Pieterbaes, in timmerman dy't dizze wentsjes delset hat.

● Singel, hjir stie yn in rjochte streek ek in diel fan de Pieterbaeswentsjes.

● Túnstrjitte. Dizze strjitte is sa neamd, omdat er set is op de tún fan de Kempenaar, dy't syn hûs hie op de Skulpen. By dizze wenning wie in greate tun, dy roun oan de Pottebakkerssteech ta. Tusken dizze tun en de Langestreek wie in slaet, krekt as tusken de tun en de Nyedyk. "Syn ed. Hof", skreau men deftig yn de Cohieren.

● Waaigat, de namme liket op 't 'earste gesicht net sa moeilijk, komt fan waeien, mar hwer waeide it eigenlik net, doe't de Lemmer foar iepen sé lei? Waeien kin ek wize op trochbraken. Soms wurdt it ek brûkt foar djippe kûen hwer groun foar de dyk úthele is. Op de âldere kaerten rint in wetterke fan it Dok alhiel yn it Waeigat op, hast oan de Nijedyk ta.

● Noorwegen, wie om 1880 hinne de namme fan it lêste stikje Langestreek oan de tramdyk ta.

● Siberië, is nei it ôfskaffen fan de Spinhuspolle as jiskelân, it plak wurden dêr 't de yntiids bifaemde Lemster jiskepream syn lading loste. Nou is dêr dan de jachthaven.

● De Polle, tagongswei nei de houtmoune efter winkel fan Slump.

De houtmoune

DE LEMMER, DIVERSEN.

● Spûkershikke. Op de sédyken om de Lemmer waerd nochal hwat fé wéide.- Om to forkommen dat it fé net al to fier fuortroun, stiene der op bipaelde ôfstânnen hikken, op it weidiel fan de dyk hie men in hikke pleatst, dy troch it forkear seIs iependien wurde moast. De dyk nei de Kunder hie noch al hwat fan dizze giele hikken. De earste hikke nei Pasfear wie de Spûkershikke. it sechje gie dat er by joun fansels iepengie, sûnder dat er in minske oan to pas kaem. Frjemd dat soks altyd allinne by nacht barde.

● Pasveer is pas-ver fan de Lemmer. Oer de dyksleat lei in ophaelbrêge.

● Slûkershaventsje. Wettergemaeltsje mei sluske yn 't bigjin fan 't Hop, oanlein yn 1922, tagelyk mei it yndykjen fan 't Hop.

● Easthoeke. Hoeke fan 'e dyk tsjinoer de houtmoune.

● Vluchthaven. Eardere fiskershaven.

● Tramhaven, makke yn 1901.

● Stjonkhoeke. De fileardery fan Gebr. Sterk stiet der nou.

● De Wielpollen, Krt 1718, lyts eilantsje yn de Brekken westkant.

● De Lytse Murk. Fiskershuske hat stien aan de Brekken eastkant. Hjir hat in Murk Koopmans wenne.

● Joadsk tsjerkhôf by Teakesyl, L.C. 14 augustus 1876: "Jhr. v. Sinderen, burgemeester van Gaasterland, geeft aan de Lemster Joden een stuk grond ten geschenke."

● Villa Nova, buorkery tsjinoer it gasfebryk, ôfbarnd 1966. Voorby de Kalkovens tot in de vaart de Zylroede ten noorden de Zeedyk ten zuiden, (F 1748). Een stuk land lopende van de huysen tot aan de dray na de molen de Zijlroede ten Noorden, (F 1748).

Fan 1880 is bikend de Akke draai. De Engwirder kolk hie in forbining mei de Sylroede, in smelle feart, dy't de Langestreek dêr ûnderbruts. Oer dizze feart de Akkedraai. Letter is der in fêst brecheje foar yn 't plak kaem.

● Blokjebrêge, brêge by de âlde slûs. It dek oer dizze brêge bistie ut houten blokjes.

● Lange brêge, de foargonger fan de Flevobrêge, dit wie in draeibrêge.

● Plugsbrêge 1880. Doe't de Rien syn loop hie oer hwat nou de Gedempte Gracht is, lei de Plugsbrêge fan Noppert nei de drukkerij.

● Truitjezijlsbrêge, forbining Skâns-Hichte. Foar 1887 lei dizze. brêge oer de Rien fan Merk nei de Nybuorren. De namme is ôfkomstich fan in gat dat der nak by lein hat; it saneamde Truytiesgat. Dizze brêge hie ek wol de namme fan Hottingabrêge, (F 1748), een huysinge over de Truytjezyl.

● Knarjeflecht, hûs yn 't Achterom.

● Aldeslûs, krige denamme fan âlde doe't de slûs yn 1887 in ein fierderop lein waerd. Der is al hiel hwat skreaun oer de tolheffing fan de slûs. Ek dizze slûs wie eigendom fan de tsjerke. Sûnt 1599 leit de slûs op dit plak.

Yn it Charterboek komt in resolusje foar fan de Staten fan Fryslân, 17 febrewaris 1606: "In den eersten alsoo een iegelyck notoir (bekend) is met hoe grooten ongeryff van de gemene coopluyden en de ingesettenen deeser landschap die Lemsterzyll onbruyckbaer gelaten wordt deur dyen (troch dat) die middellen totten deurgravinge (trochgraven) nodich, voor als noch nyet hebben gevonden worden."

● En dan fierders : "Offet nyet raedtsaem soude syn dat de voorn. zyll omme 't ontgaan die groote costen van den voorn. deurgravinghe en de beter commonditeit van dyen verlecht werde naeder aen den dyck."  't Docht frjemd oan dat hjir sein wurdt dat de slûs ûnbrûkber litten wurd mei trochgraven, sil bidoeld wêze fan útbaggerjen.

Reactie plaatsen

Reacties

Piet. J. Winia
7 jaar geleden

Piet. J. Winia, uit Canada, had de volgende aanvulling: Lytse Murk's huske, dat huske stond achter de boerderij van mijn grootvader Pieter S. Winia Schilstra woont er nu. Het stond op de Polderdijk, bij de Brekken en er was een sluis vlakbij. Dat was vroeger voor de boten, die brachten kleimodder naar de boeren, wij noemden het 'Het Slushuske'. Lytse Murk Koopmans, woonde er in mijntijd. Grote Murk, woonde bij het Overhaal, naar Oosterzee. Na Lytse Murk, stond het leeg, later woonde Marten Hofman er.