Lemster Annie

Wize: Gentle Annie fan Tommy Makem
Tekstbewurking: Stoffel Zandstra, De Lemmer, 27-02-1996

Video: Janny Bergh

Lemster Annie

1   Krease blonde Lemster Annie
wie in faam fan achttsjin jier,
dy’t yn ’e leafde noch net sa bebiten wie.
De jong matroas dy’t krekt fan board gie,
ûnwennich op ’e haven stie,
seach op ’e haven ’t famke mei it gouden hier.

Lemster Annie, Lemster Annie,
Mei de gouden glâns fan sinne yn har hier.

2.   Doe’t syn eagen harres moeten,
sloech de fonk fuortdaliks oer,
en wisten beide dat de oar de wiere wie.
Want harren hert sei, dit is goed en
se fielden beide ’t leafdesfjoer,
en ’t duorre net lang ear’t hja yn syn earmen stie.

3.   Doe’t de leafde flamjend bloeide,
der sa te sjen gjin ein oan kaam,
like in ôfskied tusken beide tige fier.
En as de leafdeswyn wer floeide
en hy har yn syn earmen naam,
wie’t krekt as kaam der fjoer út Annie’s hier

4.   Mar der moast in ein oan komme,
want syn skip dat soe wer gean,
mei folle seilen nei kontreien frjemd en fier.
Hy sei: ”Ik sil wer by dy komme,
silst dan wer op ’e haven stean,
myn famke mei de glâns fan sinne yn har hier.”

Lemster Annie, Lemster Annie
wachtet dêr op him al mear as fjouwer jier.
Lemster Annie, Lemster Annie,
ferlear de gouden glâns fan sinne yn har hier.

Wize: Gentle Annie fan Tommy Makem
Tekstbewurking: Stoffel Zandstra, De Lemmer, 27-02-1996