Home » Lemmer » Verhalen van en over Oud-Lemsters » Verhalen van Gerrit Elzinga (1)

Verhalen van Gerrit Elzinga (1)

Wa bin ik.

Myn namme is Gerrit Elzinga, bin berne “op Wieringen” yn 1937. Myn heit Melle wurke by de “Directie van de Wieringermeer” en hat meiwurke oan it plantsjen fan it bosk oan it begjin fan de Wieringermarpolder. Doe’t de oarloch útbrekke soe woe myn mem perfoarst wer nei Frylân ta en doe wennen wy boppe Frentsjer. Doe krige myn heit wurk yn de nije polder, dy’t yn 1942 droechfallen wie en hy kaam yn de smidderij te wurkjen even fierder as it Bumagemaal. Letter gong hy de polder yn om kapotte trekkers en sa wer oan de praat te krijen. Noch wer letter hie hy in eigen leanbedriuw yn de polder.

We soenen in hûs ha yn de Willembarendszstrjitte op ‘e Lemmer, mar der wie noch net ien frij. Dy huzen hie de direksje dêr setten litten foar harren meiwurkers. Doe ha we in skoft yn ien fan de lege barakken sitten oan it begjin fan de Noardeastpolder, op it plak fan de lettere Lemster fuotbalfjilden. Dêr wennen we flak ûnder it Dútse ôfwargeskut.

Dêrwei bin ik op 1 april 1943 nei de iepenbiere legere skoalle gongen. Dêr siet ik earst neist Jan van Looy wit ik noch. Sa hie ik twa jier juffer Huisman, trije jier master De Hoop en ien jier master De Vries (“Duco”). Juffer Grijpsma en master Van Loon wienen der doe ek noch, mar bin ik dus misrûn. Om’t de skoallen oerskeakelden fan april nei septimber, ha’k ek noch in pear moannen yn de sânde klasse sitten by haadmaster Scholten. Doe ha’k fjouwer jier nei de Mulo oan de Koarte Streek west en fiif nei de “Kweek” op it Hearrenfean.

Yn de rin fan de jierren ha’k ferskate maten hân. Op de legere skoalle Ultsje Hofstra, soan fan de feearts dy’t yn in moai hûs oan de Lange Streek wenne. Doe’t hy op de Mulo kaam moast er Ulbo neamd wurde. Nei it earste jier gong hy oer nei de HBS yn Snits. Doe ha’k him út it each ferlern. Dan wie dêr Wim de Berg, dy’t op de Skulpen wenne. Mar doe’t dy mei twa oare maten mei in auto fan de heit fan ien fan harren nei Frankryk útpike woe om harren by it “Vreemdelingenlegioen” oan te sluten, wie dat ek oer. Se binne by de grins oppakt… In hiel trelit op ‘e Lemmer.Doe ha’k letter freon west mei Tette fan Siene de Vries. Mei him ha’k al ris nei Nijverdal nei myn omke en muoike west. De fytsen mei op de frachtauto fan de “Houtmole” en dan op de fyts werom nei de Lemmer ta.

Sa wie ik ek noch wol by Piter Vlig, dy’t op de hoeke fan de Koarte Streek wenne, oan de oare kant fan Meine Gaastra en de muzyktinte. Ek gong ik wol om mei Gauke (“Kromme Goune”) en Tjalling Bijma ( “Sjokkie”) út de Túnstrjitte en Alle Visser fan ‘e Platte Dyk.

Myn heit syn leanbedriuw gong net sa bêst mear omdat de boeren sels masjines kochten. Hy sollisitearre by de gemeente Lemsterlân en waard sjef-monteur by de reinigingstsjinst. Wy moasten doe ferhúzje nei Pampusstrjitte 9 en kamen boppe de nije garaazje te wenjen. Myn mem fûn it dêr ferskrikkelik. Se miste de kontakten mei de buorren, foaral dy mei de bewenners yn de fjirde Parkstrjitte achter ús. Sa as Jelle en Gep Visser, “Oate” en Anne. Dêr neist ken ik op dy streek ek noch “Swarte Jouk”, “Reade Lys” (troud mei Hindrik “Pruis” Bootsma) en dan dêr neist Cor en Sytske Visser.

Ik ha by ferskate sportklups op ’e Lemmer west. Winterdeis lei der faak iis en dus fûn ik hurdriden tige moai. Sa wie der in kear hurdriden fan jonges ( 12 en 13 jier) om it kampioenskip fan Lemsterlân en doe bin ik twadde wurden. Hennie Beljon wie te sterk foar my. Ik hie in steand nûmer hân sadat Ids van der Tempel, dy’t tredde waard, mis rinne koe, wylst hy oars ek hurder koe as ik.

Ik wie ek by de gymmestykklub, tafeltennisklup en it fuotbaljen. Dat lêste wie net sa lang, want myn fuotbalskuon wiene my te lyts ( krigen spul ) en ek wie ik net sa wei fan hurde “tackels” en sa. Ek wie ik by de keatsferiening “Súdwâl”, mar der wienen net sa folle leden, sadat de pear jonges dy’t der by wienen meidwaan moasten by de grutten. Doe’t ik ris mei D. Faber en Andrys Visser in twadde priis wûn, krige ik as balkearder in … fuotbal! Dat wie mis fansels want dêrnei fuotballe ik folle leaver…

Út de boekhâlding fan it leanbedriuw fa. M. Elzinga.

Inkelde posten út de administraasje fan ús heit Melle syn leanbedriuw. Mei liend jild kocht hy in rupstrekker en mei in hierde ploech der achter die hy wurk foar de “Direksje” yn de polder en letter foar de nije boeren dêr. Dat die hy tusken 1947 en 1954. Doe rûn it wurk sa bot werom dat hy de boel wer ferkocht en sollisitearre by de gemeente Lemsterlân as sjauffeur-monteur. Hy waard beneamd út 64 sollisitanten. Hy moast doe wol ferhúzje nei de nije gemeentegaraazje oan de Pampusstrjitte.

• Notariskosten by A. Bakker op ‘e Lemmer f 15
• Rydbewiis f 5,- Wegenbelesting f 9,01
• Ús mem krige f 60 húshâldjild yn de wike.
• Op 8 maaije 1948 kocht er in DKW motor fan R.W. de Jong op ‘e Lemmer foar f 600 en oaljeprodukten foar f 194,68.
• Op 4 nov. ’48 kocht er “knielaarzen” by Fa Jan Pen foar f 11,40.
• Kerst Koopmans levere ûnderdielen en die in reparaasje foar f 87,82. Hy ruile syn moter dêr ek yn foar in oaren ien en moast f 435 bybetelje. Foar f 5,70 kocht er noch benzine by him.
• By Aukema en de Vries kocht er 10 liter benzine foar f 3,54. Dat is dus goed 35 sinten de liter.. En gasoalje foar f 2,90. Dizze firma ferfierde syn trekker ek wol nei Hollân ta. Hy ploege wol yn de Haarlemmermar.
• Yn 1949 die A. v.d. Berg syn administraasje foar f 68. Yn 1951 die R. Tysseling dat.
• Yn 1952 makke fa Andries v.d. Berg syn trekker foar f 343.
• By fa. Koopman en Knol liet er drukwurk meitsje foar 15,29 en kocht in stimpel foar f 2,68.
• By J. Weitenberg op ‘e Lemmer slute hy in fersekering ôf foar f 44,39.
• Hy kocht bindertou by J. Poelstra foar f 72,10.
• Firma Bos en Heida op ‘e Skulpen moast f 500 profyzje ha doe ’t er syn trekker wer ferkocht yn 1954.

Oare firma’s en winkels op ‘e Lemmer dy’t noch neamd wurde yn it earste jier (1947):

• Chr. Van Slageren ( yn de Skâns ), skilderwurk
• A. Witteveen ( Nijbuorren ), benzine
• J. Gort, izerwaren
• Ykema, garaazje
• Fa K. de Boer Lange Streek, stoffearing
• H. Dijken, fytsesaak
• Gebr. Van der Bijl, frachtriders
• J. van Putten, smidderij en oaljehannel
• Nijholt, skilder
• W. Poppe, skilder
• Fa. Hollander, smidderij
• H. van der Wolf, garaazje
• J. Wagenmakers, garaazje
• Fa. Th. De Roos, gasoalje
• W. de Blauw, reparaasje oan de binder
• Lemmerboat, frachtjild

Tekening van Siemen van der Wal: 't Oost hoekje van VV Lemmer voetbalclub

Yn de polder.

Yn 1942 kaam ik mei myn âlden út it noarden fan Fryslân op 'e Lemmer te wenjen. Myn heit wurke yn 'e Noardeastpolder yn 'e smidderij even foarby it gemaal. Letter gong er as ûnder-hâldsmonteur fan trekkers en lânboumasinen fierder it nije lân yn. Op 'e Lemmer soenen we in hûs ha fan 'e Direksje fan de Wieringermar, mar der wie noch net ien leech. Sa kamen we yn in hast ferlitten arbeiderskamp te wenjen, op it plak dêr 't letter de fjilden fan fuotbal-feriening "Lemmer" kamen te lizzen. De measte "pioniers" wienen doe al fierder de polder ynlutsen om it lân oan te meitsjen of ûnder te dûken.

Wy mochten yn de eardere kantine wenje en dat fûn ik moai, want ik koe sa moai knikkerje op dy houten flier yn 'e grutte taapromte. Der wennen hjir en dêr yn 'e barakken noch wol wat húshâldings, dy't miskien ek oars plak ha moasten en der tydlik sieten.
Flak by hûs lei smelspoar mei lokomotyfkes en kypkarkes der achter en dêr koenen wy moai mei ride as it wurkfolk dien hie. Der is doe wol in jonkje by dea rekke, omdat hy fan in lokomotyfke, dy 't syn heit ek noch wol bestjoerde, ôffoel en der ûnder kaam. Ik wie der wol net by, mar it hat wol djippe yndruk op my makke.

Wat net sa goed út kaam, wie dat ôfwargeskut fan de Dútsers flakby, boppe oan de dyk. Dêr wie ek de yn- en útgong fan de polder en der lei in brede strook stikeltried oan de haven ta. Dy trochgong hat by myn witten altiten iepen stien, mei wachtposten der by. Letter kaam ik der deis in pear kear lâns nei skoalle ta, want ik wie flak foar ien april '43 seis jier wurden.

Yn it midden fan de kantine hie myn heit in fjouwerkant hoal boud fan striepakken, wat ik freeslik nijsgjierrich fûn, benammen as we der sa no en dan yn moasten. Myn âlden fer-trouden dy Dútsers foar gjin sint, ek al net omdat se wol ris dronken wienen…Faak gongen de sirenes en dan bin ik nachts wol ris fan 't bêd skuord en der yn brocht. Ien kear skodde de
hiele brot en wienen der in pear potsjes mei "peper, nootmuskaat, kaneel en foelie" út it kastke yn 'e keuken rammele. Stikken fansels, mar se binne der noch, want ús mem hat alles wer plakt mei velpon. Letter hearden we dat der bommen loslitten wienen troch in Ingels fleantúch, earne yn 't lân achter de tramdyk út nei de Brekken op.

Der wie ús leard, as we bûten boarten en der kamen fleantugen oan, dat we dan gau in sleatkant opsykje moasten en der yn lizzen gean. Dat barde ien kear ek. Der kamen út 'e polder wei in pear fleanmasinen oan en it wie al gau in " retteketet" om ús hinne. Wy gau yn in djippe greppel en doe 't it sjitten oer wie gau nei hûs ta. Doe 't ik fertelde hoe 't wy lein hienen en wêr, doe die bliken dat we krekt de ferkearde skeane kant útkeazen hienen…

Op in nacht doe't ik wer ris fan bêd helle wie en wy mei ús trijen yn 'e striehutte midden yn 'e kantine sieten, gong it der raar om wei. Doe't it wer wat feilich like en it moarn wurden wie, kamen we wer foar 't ljocht. We seagen nuver om ús hinne: oeral sieten grutte gatten troch de sydskudden hinne fan 'e kantine, ja der wie sels in kûgel ûnder myn bêd lâns gongen…

Us mem wie ek net sa bliid dat in bân fan har fyts stikken sketten wie. Se wie oars noch sa grutsk dat se in fyts mei luchtbannen hie. Neffens myn heit hienen de Dútsers grif wer yn 'e oalje west, soks koe net fan boppen út de fleantugen dien wêze.
Lokkich kamen we al gau yn 'e Lemmer te wenjen, yn in moai hûs oan de Willembarendsz-strjitte nûmer 9 en dêr ha we sa'n tsien jier taholden.

Foto van Henk Haveman: OLS klas uit Lemmer van plm 1925, met juffrouw Huisman.

Nei skoalle.

Op ien april begûn doe it skoaljier. Doe 't ik seis wurden wie, waard ik yn '43 yn in grutte klasse fan 'e iepenbiere skoalle by juffer Huisman troch myn mem neist Jan van Looy delsetten. Ik koe net ien fan al dy bern, juffer prate allinne mar Hollânsk, de bern meast Lemsters en ik hast allinne klaai-Frysk. Sa waard ik yn in in lyts skoft trijetalich en dus kaam alles as in lawine op my ôf. De measte niget hie 'k oan de moaije platen oan 'e muorre, lyk as dy fan de fabel fan de foks en de earrebarre, dêr 't juffer letter ek moai fan fertelde. Of fan de platen fan de lêsmethoade mei in aap op it dak, Gijs by it fjoer en sa mear, de " aap- noot- mies- methoade dus.

Ek yn 'e twadde hold ik juffer Huisman, dy't tegearre wenne mei har broer, dy't wy Koos Hap neamden. Dan wie der noch juffer Grijpsma, dy't mei har mem op 't ein fan it Turflân wenne, tsjin de Tramdyk oan. By har ha 'k net by yn 'e klasse sitten, ek net by master Van Loon.
Yn 'e lêste winter fan 'e oarloch ha we in skoft mar heale dagen nei skoalle west, want yn inkelde lokalen leinen mannen yn 't strie, dy 't troch de Dútsers oppakt wienen en wachten op ferfier nei Dútslân ta om te arbeidzjen. De banken stienen opsteapele tsjin de muorren.
Yn 'e tredde, fjirde en fyfde klasse ha'k altyt master De Hoop hân, in noflike man. Doe kaam ik yn de seisde by master De Vries, Duco sa as wy seinen. Dêr barde altyt fan alles: jonges dy 't útnaaiden as master se mei syn spaansk-reiten stokje tenei komme soe, heiten dy 't op skoalle kamen te skellen en in jonge dy 't útnaaide en bûten yn 't finsterbank lusifers oan struts om de skoalle " yn 'e brân te stekken", sa 't er sei. Mar master stelde ús gerêst: "de school wil niet branden".

Op in middei nei iten wie de klasse heal leech. Doe waard der ynienen fûleindich fan ûnderen tsjin de flier oan stompt en kamen der potleaden en linialen troch de naden yn 'e flier omheech. Doe waard it master wat al te mâl en hy helle haadmaster Scholten der by. Dy hie wol gesach want de jonges, dy 't dêr yn it middeisskoft "ûnderdûkt" wienen, kamen ien foar ien smústerich en wol boppe de grûn.

In goede eigenskip fan master De Vries wie dat er sa merakels moai fertelle koe, benammen oer de skiednis. Op it spannendste stik koe er dan hurd op 'e flier stampe as der in oerfal of sa wie en dan leinen wy hast ek plat fan skrik... En dan syn sommen. Op it boerd hie hy dy yngewikkelde dingen opskreaun en as wy dy kringen mei muoite en pine útrekkene hienen, dan wienen de oare deis alle gegevens feroare en dan koenen je op'e nij begjinne…

Ultsje Hofstra, de soan fan 'e feedokter, kaam op in kear mei in baarnende tuorrebout ( in "bollepyst" seinen wy) de klasse yn. " Doe weg dat stinkding ", sei master. Ultsje die der in stik papier om en die 'm yn 'e papierbak. Under de les sei der ien dat it sa stonk dêrre. Master reagearre net. Doe kamen der reekwolken út 'e papierbak. Hy sei noch neat. De heale klasse siet yn 'e reek. Hy die rêstich de ruten ticht, gie der út en bleau op 'e gong foar de doar stean. Sa hie hy de klasse no ris in kear te pakken…
Ik ha noch trije moannen by master Scholten yn de sânde klasse sitten, want yn '49 waard it skoaljier fan april - april feroare yn septimber - septimber.

As ik mei Ultsje, dy 't myn kammeraat wie, út skoalle wei nei hûs ta rûn, dan fertelden wy elkoar de ynhâld fan de strip út de krante fan de foarige deis. Ik krige it ferhaal fan Bokke Heidehipper út 'e “Heerenveense Koerier” te hearren en hy dy fan Bulletje en Bonestaak út “Het Vrije Volk”. Sa rûnen we earst om de Roomse skoalle hinne, dan de Kristelike skoalle foarby en op 'e hoeke by De Spar fan Van der Laan gongen we elk in kant út: hy de Lynbaan foarby, de brêge oer en de Langestreek op en ik rjochtsom en dan links de Willembarendszstrjitte yn. We gongen ek wol de Parkstrjitten troch dan hienen we mear tiid om te fertellen.

Simmers en winters.

't Is nuver, mar as ik nei safolle jierren werom tink, liket it wol as foarhinne de simmers altyt hyt wienen en dat der winterdeis altyt riden wurde koe. Dat sil wol net sa wêze ,tink.
We ha dochs simmers wol sitten te puffen yn skoalle en dan krigen we ek wol ris in middei frij om te swimmen. Al wie der by de tramhaven yn 'e hoeke “by sé” mar in lyts stikje strân, we gongen der hinne. Doe 't we wat âlder waarden, ferhuzen we fierder nei 't stoomgemaal op en we ha sels wol ris achter it gemaal op in lyts strantsje west, mar dat mocht eigenlik net.
We hienen wol de gekke gewoante soms om earst yn in fize blabbersleat te springen om dan skjin te wurden yn it "seewetter". Doe 't we echt swimme koenen wie ús plak de strekdaam en de haven.

Wie 't yn 'e foarsimmer moai waar, dan moast der sleatsjesprongen wurde achter de tramdyk of we bouden in hutte yn 'e Wiele, in boskje mei sompen oan de strjitwei nei Follegea ta en dan it lân yn. Je koenen der makliker komme as je de tramdyk delrûnen.
Winterdeis wie der ek in soad fertier as it ferzen hie. Doe' t we lyts wienen learden we it riden op 'e sleatsjes achter de Parkstrjitten, doe skarrelen we de moliere del lâns it tsjerkhof, dan ûnder in brechje troch by toskedokter Noorderhaven en sa fierder de brede feart del lâns de Rien nei Follegea ta. De Rien waard befearn en wie letter pas fertroud en dan noch wie 't iis faaks wat skossich. Mar dan koenen je ek foarby de Brette Hoanne de Tsjûkemar berikke.

Dy grutte flakte wie grif net faak fertroud, want it heucht my net dat we der op rieden. Miskien mocht ik ek wol net fierder fan thús.
De oare kant út wie ek aventoerlik: de Sylroede del, it Stroomkanaal, de Langesleat troch de Brekkenpolder hinne en sa nei Sleat. Of de Grutte Brekken oer nei Spannenburch. Earst mei de âldelju en dan allinnich mei wat jonges. As de Spannenburch-toertocht holden waard, rieden we dêr earst hinne, hellen in startkaart en rieden dan de tocht oer Wâldsein en Heech en sa en nei ôfrin wer op 'e Lemmer oan. En dat op ien middei…

Mar boartsje op it iis wie ek machtich moai. Krijboartsje op redens om 'e peallen hinne fan de trambrêge of iishockeye op in plasse, dêr 't letter de kamping wie. De iisbaan lei letter achter de buorkerij Villa Nova. It wie middeis meastentiids al let as we beswit thúskamen.

As it begûn te teijen dan bleau it feest: dan koenen we skoske traapje op 'e sleatten. Mei de earms op elkoars skouders gongen we op in rige de sleat op. Ien-twa-trije waard der roppen en dan stampten we yn 't midden tagelyk en meastentiids wie der hiel stik oan smots trape.
Mar je moasten wol útsjen om oan de bûtenkant te bliuwen, want soms waard der wat flústere en by de folgjende kear liet elk los, stampten hurd op it iis en dy 't yn 't midden stie, gong der troch en koe mei in "snoek" nei hûs ta.

Ek mei teiwaar koenen we moai yn 'e haven farre op de grutte losse skossen. Mei in stôk triuwe en dan soms ek noch fan de iene op 'e oare skosse springe. Op in kear bin 'k alderheislikst kjel wurden, doe 't ik achter in stillizzende boat wei kaam en der opiens in oare boat oanfarren kaam om te draaien op 't brede ein by it gemaal nei de Rien ta. Ik koe der noch wol krekt foarwei komme, want it skip hie fansels gjin gong.

Foar skoalbern hat der flak nei de oarloch in hurdriderij west op 'e Sylroede achter it Turflân.
Wa 't der yn 'e earste omloop ôfgong krige as treastpriis in boekje fan Bokke Heidehipper. Ik ha der ien ôfriden en doe ferlear ik yn 'e twadde omloop en doe hie 'k de 14e priis. Grutsk helle ik myn priis op, beskikber steld troch suvelhannel Flear yn 't Turflân: in grutte leverwoarst! Wat wie 'k lulk, ik hie folle leaver dat boekje hân, mar thús wienen se der wol wiis mei…

In pear jier letter brocht ik it der al better ôf, doe 't ik twadde fan Lemsterlân waard by de jonges. Mar ik wie wol wat fortúnlik yn 'e finale kommen. Op it trijetal lotte ik in "steand nûmer", dus kaam ik fuort yn 'e finale, dy 't ik rom ferlear. De winner wie Hennie Beljon. De tredde priiswinner ( Ids van der Tempel ) wie oars ek wol better as my, mar ja, grutsk wie 'k wol.
Neffens my koenen je dus altyt ride winterdeis…

Boartsje

Der wie yn en nei de oarloch gjin tillevyzje en ek boartersguod wie der amper, dus dan wie it bûtendoar te heljen. In autopet hie 'k wol en dy brûkte ik ek in soad. In omkeerde jiskamer der op, ien der op sitte en de oar triuwe, dan hienen je in moai ferfiermiddel. Fierders hie 'k in hoepel, dat wie in fytsfelch en mei in stokje der tsjin oan draafde ik dan hiele stikken fan de Lemmer troch.
Dan makken we noch fan alles sels, lyk as in kattepûl yn dizze foarm : Y. It elastyk makken we fan ôfknipte rinkjes fytsbân, in stientsje der yn en it wie in (gefaarlik) wapen. Ek makken we in proppesjitter fan flearbeamhout; we kôgen de "kûgels” fan papier.

Maitiids wie draakje-fleanen yn 'e moade. Nei de timmerman om wat ôffallatsjes, nei de slachter om wat fetfrij papier of kleurd papier by boekhannel " Wafke " wei. Sa neamden we de âlde frou, dy 't ús dan holp yn boekhannel W.A.F. Koopmans. En dan wat gluton of meast stisel dy 't de memmen foar ús makken en wy oan 't plakken. Achter de Parkstrjitten yn it lân wie plak genôch om de draak op te litten. Soms moast der in tûfke gers oan de sydkant, omdat er net hielendal yn it lykwicht hong. En dan wer in nijen ien meitsje as je draak " priis " gong as it toutsje bruts en earne yn 'e beammen kaam te hingjen of yn 'e tillefoantriedden. Je moasten wol besykje it toutsje sa ticht as koe by de draak los te skuorren want tou wie kostber. Faak hellen we stikken tou fan in oar syn draak út in beam en knopen dat oan ús eigen, dan stie de draak wer heger. In haspel makken we ek sels.

Op in fjild der't no de fuotbalklub CVVO spilet, ha we wol wedstriden hân yn ’t draakjefleanen. Der wienen prizen foar it moaiste gehiel. Sa wie der in Lemster toer , in kastiel en in moaije stjêr bygelyks. Ek wie der in priis foar de draak dy 't it steilst stean koe. Mar de heiten holpen fansels like hurd mei om in priis te winnen…
Hjerstmis moast der knikkere wurde. We setten in boster, dat is in grutte glêzen knikkert foar ús del en we stelden fêst hoefolle tegels as ien fuort stean gean moast en dan mar roaie mei klaaiknikkerts. Wie hy rekke, dan mar prebearje him werom te winnen. "Potsjeknikkerje" wie in oare mooglikheid, mar we wienen ek wol oan 't "kûgelsjitten". Grutte glimmende kûgels út 'e lagers fan frachtweintsjillen wei brûkten we om elkoars kûgels mei te reitsjen, soms oer hiele grutte ôfstannen.

Topjen wie in oar fertier. "Swyptopje" dienen we mei in stokje en in eintsje tou der oan en dan besykje de top mei slaan oan it draaien te hâlden. Of "topsette"; dan draaiden je in eintsje tou fan ûnderen nei boppen om in dikke, tapse top hinne en dan tagelyk dy top oer de kop sette en dan sjen wa sines it langst draaien bliuwe koe. In oare fariaasje wie noch it "potsjetopjen". Dan waard op hurde grûn in kring lutsen en elk moast syn top sette. As er útdraaid wie moast de top yn of sa ticht as koe by de pot lizzen bliuwe. Dy hie dan wûn. We wienen sa ta de jûn út oan 'e gong, soms wienen de lantearnen al oan.

"Tipelje" fûn ik ek sok moai wurk. Je hienen in lang en in koart houtsje. Op ferskate wizen koenen je it lytse houtsje fuortslaan: út ien hân, tusken de knbbels wei of fan 'e klompen ôf. De tsjinpartij moast mei it lytse houtsje it gruttere reitsje, dat dwars op in pear klompen of op’e stiennen lei. As je in houtsje opheinden mochten je trije stappen nei foaren ta meitsje.De partijen wisselden as elk ôf wie.

Ik sammele yn dy tiid ek fan alles. Lusifersmerken sa as molen-, zwaluw-, haka-, vlinder-,hofnar-, toekan- of plutolusifers. En dan ruilje fansels.
Sigarebantsjes die ik ek yn en yn postsegels. Mar dy wienen letter waardeleas, want ik hie se ynplakt mei velpon…

By it strân socht ik skulpkes, lytse bonkjes fan seefûgels en ik naam ek wol lege buskes en sa mei, sa as fan Erdal en Brasso. Dy leinen oeral lâns de haven en sa. Ja elke skipper smiet syn rommel oer board. Sa wit ik noch hoe 't it stonk fan rottige fisk, seewier en oalje yn in hoeke fan 'e binnenhaven, dy 't wy de "stjonkhoeke" neamden. Ek dobberen dêr wer blikjes, buskes en stikkene fiskkratten tusken. Ik kaam der wol faak del, want oan de haven wie fan alles te beleven: de Jan Nieveen lei dêr en der sieten faak fiskers iel te strûpen foar de "hang" op 'e wâl. Ik koe der mar net by dat as dy iel strûpt wie, de yngewanden der út en de kop der ôf, dat se dan noch yn de amers omkrôlen….

Sjitterij.

Op in betide jûn yn april '45 sieten we wer ris mei ús fiven, myn heit, myn mem, Eddy de evakuee út Amsterdam, myn suske fan goed ien jier en iksels, acht jier âld, yn 'e kelder fan Willembarendszstrjitte, nûmer 9. It wie der lyts en ik siet heal ûnder it trepke. Oan 'e souder baarnde in par, mar we hienen ek noch wol in petroaljelampe foar needgefallen.
It gie der om wei en no en dan wie der tichteby in ynslach. Us heit gie der dochs even op út yn in stille rite en kaam ridlik gau werom mei it nijs dat yn 'e Tredde Parkstrjitte twa huzen weislein wienen en dat de hiele Lemmer wol plat goaid wurde koe. Jelle fan Gep wist dat allegearre te melden.

Even letter gongen we it tsjuster yn nei de tramdyk ta en der oer hinne it lân yn. Dêr wie't ien lang lint fan minsken. Sa no en dan kaam der in fluitsjend lûd oan, dan gong elkenien lizzen en dan folge in swiere dreun. Fierder gong it dan mar wer. Underweis stoppen we by in âlde frou, dy't plat op 't gat yn 't gers siet. Se koe net mear, sei se en se hie tsjin de oare famylje sein: lit my hjir mar sitte, rêd jim sels mar gau…
Sa kamen we foar in hiel breed wetter ( it “stroomkanaal” ) en dêr moasten we lang wachtsje. Boatsjes brochten groepkes minsken nei de oare kant, de Brekkenpolder, wist ik letter. Mar doe seach ik net wer't we telânne kamen. We moasten noch in eintsje troch 't lân en doe bedarren we by in buorkerij. Ik wit dat ik dy nacht noch wol even sliept ha, want ik waard wekker omdat der in keal rôp yn it strie nêst my.

De oare deis waarden wy ophelle troch in fiskerman, dy't yn 'e Parkstritte wenne. Dy wie der hinne fearn mei syn botter of aak en even letter tuften we by de gasfabryk lâns de Lemmer yn. We moasten wol plat op 'e boaijem sitte, want al wie de Lemmer dan wol befrijd, der koe hjir of dêr noch wol in Mof ferskûle sitte. Ik fûn dy fartocht in moai útsje.
We setten gau op hûs oan, mar doe 't we thús kamen die bliken dat myn heit fan 'e alteraasje ferjitten hie de achterdoar ticht te dwaan, dy stie noch heal iepen. Mar we misten neat…

De oare deis ha'k foar 't earst lekkere sjûkelade preaun, dy 't de Kanadezen ús tasmieten fan harren tanks ôf. De grutten krigen sigaretten.
Ik ha letter wol sjoen wat de sjitterij foar skea oanrjochte hie. Twa huzen stikken yn 'e tredde Parkstrjitte, in hûs yn 'e Skâns, mei slachtoffer(s), mar ek kapotte boaten. Ien oan 'e Lange Streek en ien wie troffen yn 'e haven, mar it slimst fûn ik de ravage yn in boat yn 'e polder achter de smidderij. De boat wie sonken, de húshâlding omkommen en dan sjoch ik noch de lappene pop driuwen fan it lytse famke…

Al dy besjittingen waarden útfierd troch de Kanadezen fan in fjildsje út in bosk by Ousterhaule wei, om de lêste Moffen de Lemmer út te jeijen. Yn 'e loft sirkelden fleantúchjes om oan te jaan of it doel rekke wie as net. De doelen wienen dy boaten der't menúsje yn sitte moast.

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.