Home » Historie-Friesland » Opsterland-Hemrik » De Berchebos uit de 18 de eeuw

De Berchebos uit de 18 de eeuw

© Henk F. Hansma


It sil wol omtrint 1750 west wêze, dat it bosk de namme De Berchebosk krige hat, want yn 1744 waard de Himrikker slûs makke yn de Compagnonsfeart. Doe de feart groeven waard gie de modder faaks oer it lân, of waard de wâlkant mei ophege. By de slûs krôde men de modder ek nei it bosk ta en der ta grutte bulten skept.

Omdat de bulten yn it Frysk wol berch neamt wurde krige it bosk de namme fan Berchebosk. De measten binne letter sljochte of it san is brûkt om op te heegjen of gatten te foljen. Fan al dy grutte ‘berchen’ binne der mar twa mear fan oerbleaun. Midden yn it bosk leit ien en oan de kant fan de Berchleane de oare. Sy ha ek in namme krigen. De iene hjit de Knineberch en de oare de Katteberch. Yn de oarloch hat der in plan lein om yn dit bosk in wurkkamp te meitsjen, dat is net troch gien, dizze lokaasje is yn it doarp ( en by Sparjeburd) kaam.

Oer dit bosk is troch Hendrikje v.d. Linde-de Kleine (18.11.1902 – 20.12.1999) in ferske makke.

Op 9 septimber 2011 is de bosk offisjeel iepene, nei dat it bosk ta in kuier bosk makke is. De sichtlinen binne opmakke en de paden wer begeanber. By de yngong stiet no in board mei taljochtingen en yn it bosk binne ferskate sitbankjes oanbrocht troch de ynwenners.

Sels wie der al in dassenboarch fûn, mar dy is al wer ferlitten. Miskien ha hûnen der lucht fan krige. De dassen ha lokkich in oar plak fûn yn de bosken fan De Himrik.

De Berchebosk

 De Iepening

Nije dassenboarch


TOP