Home » Lemmer » Visserij en schepen » Visserij algemeen, te Lemmer |1|

Visserij algemeen, te Lemmer |1|

DE LEMSTER SKIPPERIJ

Būtenfeart.

De Lemmer hat troch de ieuwen hinne foar it greatste part syn bistean foun op it wetter. Hjoed-de-dei is it noch altyd in tige wichtich plak foar de skipperij. Undanks it Prinses Margrytkanael foar de greatere skippen yn it nasionael en yntemasionael forkear ut Holląn en Belgié nei Noard-Dśtslān, moat de Lemsterslūs elts jier noch in tal skippen fan meiinoar oer de miljoen tonne forarbeidzje.

Net allinne mei Frankryk wie in soad hannel mar ek mei de Eastsélannen. Sa is der yn 'e famylje Sleeswijk in skipsjoumael biwarre bleaun, dźr't in forslach yn stiet oer sa'n tocht yn it jier 1729 fan de Lemster skipper Haeije Boukesz. Mei it nije fluit skip "De Jonge Swaen" wie hy fan 'e Lemmer nei de Flie-ré feam en op woansdei 4 maeije waerd it anker licht en bigoun de greate reis. It eindoel wie Vyborg (Finlįn) om dźr in skipfol hout wei to heljen. Op 26 juny wiene hja sūnder ūngemakken werom.

Fluitschip uit het midden der 17e eeuw.

Stjūrman op "De Jonge Swaen" wie Sicke Frederiks Sleeswijk, ut hokker laech de lettere Sleeswijks kamen, dy't oant om 1920 hinne hjirre de houtseagerij dreaun ha. Sūnder mis hat dat houtfarren ut de Eastsélannen wei de foarrinder west fan de yn lettere jierren oprjochte houtsaek.
De Lemmer hat altyd in tuskenstasjon west foar de skipfeart fan Sūd nei Noard en oarsom. Ek yn de Frąnske tiid wie it de haven foar it forfier fan fracht en soldaten oant yn Dśtslān, Dat der doe wol hwat om hear gyng, docht bliken ut de douaneregisters fan maeije 1812.

Allinne yn dy moanne binne 1460 skippen troch de ąlde slūs kommen, noch ōfsjoen fan inkelde hūnderten skippen dy't foar de Fransken hjir oanleinen en trochfoeren. Yn de perioade fan 2 jannewaris oant 26 novimber 1812 is der oan fjūr- en havenjild f 2037,- ynbard. Der wie 37 sint it skip forskuldige, sadat yn dat tiidrek 5505 skippen troch de Lemstersyl gyngen. Yn 1910-'14 wienen dat 58.908 skippen of trochinoar 11.782 jiers.

Binnenfeart.

It wetterforkear wie foar 1800 fan folIe greatere bitsjutting as it lānforkear. De Lemmer hie mei Hams en Starurn slūzen om it séwetter to kearen en de skipfeart tagong to jaen nei de Sudersé. Dizze skipfeart hat troch de ieuwen hinne fan tige great bilang west foar De Lemmer en dźr hat dit
plak syn opkomst oan to tankjen.

De ālds te feartsjinsten binne al ut it bigjin fan 1700. Sa founen wy, dat op 13 maert 1703 oktroai forliend wurdt oan grytman Van Andringa foar in beurttsjinst fan 'e Lemmer op Swol. Amsterdam folget yn 1719 en Grins yn 1727. Njonkelytsen wienen hjir forskate beurttsjinsten, bygelyks op Snits, De Jouwer, Boalsert, Balk, De Gordyk, Grins, Amsterdam, Kampen, Ljouwert en Stroobos. Dat de Lemsters ūndernimmingsgeast hienen, docht bliken ut de oanfraech fan immen om in beurtfear yn to lizzen nei Schiedam.

Hy wol dan neist oare fracht spesiael it Ierfier fan sterke drank nei it noarden en nei De Lemmer ha, om it dźr oer to laden foar de omlizzende plakken yn Fryslān en Grinslān. Troch it hannelsforkear hie men kontakten mei West- en Sūdnederlän en mei it noarden oant yn Dśtslān.
Neist it gewoane frachtforfier kaem ek it forfier fan reizgers ut fiere omkriten en it fear fan 'e Lemmer op Grins hat yn dit stik fan saken bikend west. De beurtskippen wienen dan ek tagelyk ynrjochte foar it forkear fan de reizgjende man. Underweis nei De Lemmer of Grins naem men minsken op of sette guon ōf, dy't dan fierder de ein fan har bistimming sochten, itsij oer sé, itsij nei Swol of Kampen.

Lykwols forrint it by de beurtfearen net allegear like maklik. Geregeldwei komme klachten yn oer it laden, it forfier fan guod en passagiers. Troch in ynfieren fan de wet fan 1815 kriget it gritenijbistjūr it rjocht om regeljend op to treden en dan wurdt it gans better. Ut in skriuwen fan it gritenijbistjūr oan Deputearre Steaten docht bliken dat dan ūndersteand tal beurtfearen erkend is:

Underwilens hie de stoomkrźft syn yntré dien en yn 1864 wurdt it gemeentebistjūr om advys frege oangeande in forsyk ta it ynlizzen fan in stomboattsjinst fan 'e Lemmer op Grins. De forgunning is neijerhān jown oan de hearen W. J. H. Geveke en J. Nieveen to Grins. Dizze tsjinst hat de foarrinder west fan de letter sa bik ende stomboatmaetskippij Grins- Lemmer.

Ut in antwurdbrief fan Deputearre Steaten, dy't yn 1875 om inkelde ynljochtingen oer de binnenskipperij yn 'e Lemmer fregen, witte wy dat dźr doe thus hearden;

It wienen dus meast lytse skippen, dy't stadichoan fordwounen neigeraden dat der mear stomboaten kamen.

De Lemmer-Amsterdam.

Yn maert 1719 krige skipper Albert Hanses fan de Steaten fan Fryslān in forgunning foar it ynlizzen fan in fear fan De Lemmer op Amsterdam.
Letter droech hy dat rjocht oer oan Regnerus van Andringa, dy't in soad goed dien hat foar De Lemmer en dźrfcar algemiene biwūndering en tankberens fan de boargerij krige. Troch it byinoar bringen fan ūnderskate beurtfearen en it bifoarderjen fan skipsbou en fabriken hat Van Andringa der ta meiholpen, dat dit plak fan in neatsizzend fiskersdoarpke ūtwoeksen is ta in bilangrike oan- en trochfierhaven.

It fear nei Amsterdam hie it neist frachtforfier ek drok mei it oerbringen fan persoanen en faek wienen dagen tofoaren de kajuten mei sliepplak al bisprutsen. Hjir op oanslutend hie Van Andringa ek in weinfear fan 'e Lemmer nei Grins en letter nei Snits en Ljouwert. Foaral yn de tiid doe't hast alle forkear noch oer it wetter gyng, wie De Lemmer it sintrum fan ūnderskate forbiningen.

Nei oanlieding fan in adres oan de Kening foar it ynlizzen fan in fźste tsjinst mei in stomboat fan Amsterdam nei De Lemmer foar it forfier fan persoanen en frachtguod wurdt by de gemeente om advys frege. Dat wurdt jown troch de grytman, dy't tagelyk in forlykjende skóging oer de stoomen sylfeart byfoeget. Dźryn stiet ū.o., dat de sylfe art de ōfstān fan 'e Lemmer nei Amsterdam faek yn seis ūren docht, mar soms kin dat ek 5½ ūre wźze.

Der wurdt net oannommen dat de stomboat de oertocht flugger dwaen silo Būtendat hat de praktyk ūtwiisd, dat in stomboat by in wylde en holle sé gauwer lizzen bliuwt as in sylskip. Sa'n boat sil op 'e Sudersé it fakentige woelige wetter ek net treast wźze. Fierders wurdt der wiisd op de ūndjipte Pampus, it Inkhuzersān en de droechte foar de Lemster haven, dy't alle trije yn de koerts fan Amsterdam nei De Lemmer lizze en dy't gjin djipgeande skippen talitte. De oanfrege ūndernimming sil gjin forbettering wźze foar publyk en keapmansguod. Foar f 1,25 hat de reizger yn it beurtskip in goed forbliuw mei bźdden en de lytse man, dy't gjin bźd hat, komt yn in goed forbliuw de sé oer foar f 0,55. It bisteande fear kin feilich en goedkeap neamd wurde en der wurdt alles oan dien om de feiligens sa heech mooglik op to fieren.

De Lemster beurtman

Der binne miskien wol skippen dy't de Lemster beurtman moai aerdich op 'e side komme, mar gjinien skipper is him oermānsk. Wy doarre dit to sizzen, sa skriuwt de grytman, om't wy soks heard ha ut de mūle fan in bikwaem marine-ofsier, skout by nacht Lemmers silger. Dy koe it him suver net bigripe hoe't de beurtman sa goed en sa fluch mei in swier laden skip omgean koe, en dan trochgeans ek noch by nacht as der by Amsterdam in hiele float it IJ op en Of fart. Fiif jier letter wurdt de stomboat "De Ysel" ynlein op in fźste tsjinst fan Amsterdam op 'e Lemmer.

Stoomschip "IJssel" bouwjaar 130 Verschure Amsterdam- 1942 "IJsselstroom" 1964 J.H.D. Koppe- 1973 "Scherpenhof"- 1975 "Pax IV"- 1976 "Stad Enkhuizen"- 19.. "Columbus"

Njonkenbidriuwen.

It wetterforkear brocht mei, dat op 'e Lemmer ek bidriuwen dy't mei de skipfeart forboun wienen fan 'e groun kamen. Sa waerd Jouwert Sybrands Stapert, dy't berne wie to jistrum yn 1689 en yn 1719 op 'e Lemmer boaske mei Tetje Nannes (Muscullus) opnommen yn 'e saek fan syn skoanheit, Nanne Nannes, berne 1670.

Dy wie houtkeaper en hie ek in saek yn Medemblik. Soan Sjoerd Jouwerts Stapert - Sjoerdbaes - waerd tige bikend as wetterboukundige, oannimmer fan publike wurken en skipsbouwer.
Dat de Lemster skippen fan de famylje Stapert in hiel goede namme hienen, kin blike ut in sulveren bokael dy't hjoed-de-dei noch to sjen is yn it stedmuseum fan Frjentsjer. Dy bokael moat skonken wźze troch de Kening fan Sweden as blyk fan wurdearring foar de goede kwaliteit oarlochsskippen dy't troch neamde skipsbouwers levere wienen. 

Dus neist hannels- ek oarlochsskippen en de namme fan 'e Lemmer waerd dźrtroch yn in great diel fan West-Europa bikend. Ut meidielingen oan Deputearre Steaten wurde wy gewaer, dat der tusken 1850 en '73 yn dizze gemeente mar ien skūtmakkerij is foar de oanbou fan skippen foar de binnen- en būtenfeart. Yn dat tiidrek rounen fan steapel skoeners, koffen, smakken en tsjalken. Ek wurdt trochdien dat it wurkfolk yn 1850 f 0,90 - f 1,10 deis fortsjinne en de bazen f 8,- yn de wike mei frije hūshier. Yn 1873 hienen de wurklju f 0,10 - f 0,14 yn de ūre en de bazen f 10,- wyks mei frije hūshier.

Neist skipsbou kaem De Lemmer sa yn it lźst fan 'e 18de en yn it bigjin fan 'e 19de ieu ek nei foaren troch syn mźst-, blok- en seilmakkerijen en boppedat wie hjir doe in touslaggerij.
Yn forbān mei it greate bilang fan de skipfeart foar De Lemmer waerd hjir yn 1819 in maritime skoalle oprjochte; dy hat lykwols mar inkelde jierren bistien.

De stjūrman fan "De Jonge Swaen", Sicke Sleeswijk, is yn 1733 troud mei Corneliske Cornelis. Hy wie doe "grootschipper", reder en séhanneler en hie in taenderij en in seilmakkerij, Hy en syn frou binne beide yn de Ned. Herf. tsjerke op 'e Lemmer bigroeven. Cornelis Sleeswijk, dy't ūntfanger fan de gritenij en fan it wetterskip "De Zeven Grietenijen en Stad Sloten" wie, kocht yn 1849 de houtmoune oan de Rien. Hy wie in great Lāneigner en mei-oprjochter fan de Ychtener feanpolder.

Jierrenlang hat de seagerij eigendom fan de famylje Sleeswijk west en de moune wie foar mannich arbeider yn it gea fan Lemsterlįn de klok, hwant as de fluit gūlde wist men yn fiere omkriten, dat it tiid fan skoftsjen wie. Sa om 1920 hinne is it bidriuw yn oare harmen oergien en nou is it in ūnderdiel fan de Halbertsmafabryk to Grou. Yn 'e rin fan de jierren is de bou fan skippen to neate gien, mar de njonkenbidriuwen binne bleaun.

Havenwurken.

Nei't de Lemsters mei hiel hwat arguminten yn 1860 oan de Kening it forsyk dien hawwe om meiwurking foar it ūtdjipjen fan de haven, kloppet it gemeentehistjūr yn 1875 by Provinsiale Steaten oan om de Lemsterrien to forbetterjen. Dat farwetter wie yn ūnderhāld oergien nei de provinsje en der wurdt nou frege om it wider to meitsjen. By it fornijen fan de Truitjesylsbrźge is de wiidte brocht op 7.75 m, mar efkes westlik fan 'e brźge is dat mar 5.50 m.

Soks is fan dy gefolgen, dat de greatste skippen net troch de Truitjesylsbrźge en de Lemsterslūs farre kinne en dźrtroch wurdt it de skippers ūnmooglik makke om de maklikste forbining mei Hollān to folgjen. Ek eastlik fan neamde brźge is forbreding wol nedich. Oer in lingte fan 50 m is de wiidte fan it wetter 9.25 m, dat de greatere skippen kinne elkoar amper foarby komme.

Om ta dizze needsaeklike forbettering to kommen hat de Rie yn it bilang fan de skipperij in bisprek hawn mei de eigners fan groun en huzen oer it ófstean fan har eigendommen. Tsjin in forgoeding fan f 5000,- mei dźrnjonken de kosten fan it öfgraven en it meitsjen fan in wālmuorre sille de kosten westlik fan 'e brźge oprinne oant f 7500,-.

Foar it ūtdjipjen en oar wurk fan it eastlike part wurde de kosten op f 9000,- bigreate. It gemeentebistjūr freget Provinsiale Steaten foar it westlike dielom in subsydzje fan 50% en foar it eastlike stik in bydrage neffens in persintaezje yn oerienstimming mei it provinsiael bilang. It provinsiael bistjūr is net op it adres fan 'e gemeente yngien en it wider meitsjen hat noch jierren in punt fan bisprek en oerliz west.

Yn septimber 1881 kriget it gemeentebistjūr in brief fan it wetterskip "De Lemstersluis" , dźr't yn oanbean wurdt it leverjen, it pleatsen en it ūnderhalden fan in mistklok op 'e westhavendaem, alles op kosten fan it wetterskip. Dat oanbod wurdt yn greate tank oannommen.

Nei't yn 1880 oan Provinsiale Wetters teat yn Fryslān skreaun is, dat it gemeentebistjūr it greater meitsjen fan de haven mei sa'n 100 į 150 m tige winsklik achtet, wurdt twa jier letter in forsyk stjūrd oan de Minister fan Wettersteat oer de havenforbettering, hwerby't op greate haest oanstien wurdt. De skipfeart nimt alle jierren ta en is nou al ūtdijd ta in 15000 kof-, tsjalk- en skoenerskippen, meiinoar mei mear as in miljoen tonne yn häld. Dźr komme dan noch de fiskersskippen en de fźste beurttsjinsten fan 'e Lemmer op Amsterdam en oare plakken by. De haven is faek to lyts om alle skippen to herbergjen en sadwaende moatte de fiskers dan būten de haven foar anker gean.

As it gemeentebistjūr heart dat it wetterskip "De Zeven Grietenijen en Stad Sloten" mei it provinsiael bistjūr plannen ūtwurke hat om de sédiken to forswierjen, is hja fan bitinken dat by it trochgean fan dizze plannen in forgreating fan de Lemster haven net ūtbliuwe kin. De gemeente skriuwt Deputearre Steaten om ynljochtingen en freget "Schuttevaer" om meiwurking yn 'e plannen. Tagelyk giet in skriuwen nei de Keamers fan Keaphannel fan Grins, Ljouwert, Snits, Dokkum, Hearrenfean, De Gordyk, Wynskoat, Delfsyl, Feandam, Amsterdam en Saendam, en wurdt der oangeande de havenforbettering by de Minister fan Wetters teat nochris op haest oanstien.

De forbettering hat yn beide Keamers oan de oarder west en in kommisje ut de Rie hat in ūnderhāld hawn mei de Minister, mar op de ryksbigreating foar 1883 stiet lykwols noch gjin jild foar de havenforbettering. Inkelde jierren letter is it farwetter troch De Lemmer forlein en binne nije slūs- en havenwurken ta stān kommen.

Bron A.E. Klijnsma. 'In Kuijerke Troch It Forline'

Foto van Hielke Roelevink: Een foto van 1910 in de hang van Tjebbe de Jager, in de vaten zit ansjovis, die behalve aan de wal soms ook pas later in de hang werd gekopt, en in vaten gestopt. In de hang werd ook haring gerookt. De pijpen op de achtergrond zijn van de gebroeders Sterk.

Omschrijving van Evert de Vries: De mensen die er op staan zijn: De vrouw met de muts is wed. W. Scheffer-Ras. Bij haar kochten we altijd groenten en fruit en voor de zondag een stuk Urkerbrok. Dan Mevr. Aaltje Scheffer-de Vries. De volgende is Mevr. Molenberg-Scheffer, van de textielwinkel, waarin nu haar zoon (7 augustus 1980) H. Molenberg en zijn vrouw de scepter zwaaien. Mevr. Molenberg, bereikte de hoge leeftijd van 93 jaar. De man met de pet op is Simon Scheffer. Hij heeft o.a veel gedaan voor het Lemster skûtsje. De volgende is Jan Duim. De man met de hoed en de snor is Johannes Coehoorn. Hij was koopman in groenten, maar ook visser en werkte waar maar werk te vinden was. Hij woonde in één van de stegen van het Achterom.

De volgende is Andries Scheffer, iemand die ook heel wat werk heeft verricht. Hij was bovendien een echte geheelonthouder. Wat werd er genoten als hij toneel speelde voor de vereniging van de geheelonthouders. Naast Andries Scheffer, zien wij Harm Duim. Uit het feit dat hij de mouwen opgestroopt heeft, is te zien dat hij bezig is de ansjovis uit de pekel te halen. Het was een bekwame visrokers knecht. Als laatste staat op de foto Bonne Blinksma. Een zeer gezien en bekend mannetje in Lemmer. Voor hem was de grootste en mooiste gondelvaart van Friesland, die toen in Lemmer werd gehouden, een hoogtepunt. Als de kaden dan vol stonden met kijklustigen zat Blinksma, parmantig op een Zwaan en kreeg voortdurend applaus van de omstanders.

Bovenstaande serie van 5 foto's, zijn van Jenny Baartjes, het betreft de familie Poepjes.

Onder Jan Adriaan Visser met boven Theunis Visser (de Flapper) op de LE 91

Foto van Kristien Kramer-Visser: Theunis Visser (de Flapper)

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.