Home » Lemmer » Rymkes en telsjes, van Wietze de Haan

Rymkes en telsjes, van Wietze de Haan

17795788_110666902822802_9157425848784796579_n-1.jpg

Wietze de Haan


De AAK.

Ut seil opstropt kreas tsjin de mèst
Ut swurd omheech en yn'e rèst
Sa leit de aak as deade ein
Te wachtsjen op wat wyn

De fisker pruumket wot tabak
En fliebet de múle skjin
Ut wachtsjen durret him te lang
Mar de wyn lit him net sjen

Ut spieringnest foor op'e plecht
Roekt weeïg en it stjonkt
Straks kreit de fisker net de priis
Die fisk opbringe mut

De wyn hellet un en twingt de aak
De kop te richtsjen op' e nei
Nei huus, nei Trien en Bouk en bern
Mei hjerring, nest en bot

op nei de Lemmer ta....


De Lemster op syn Lemsters.

De lemster is sa os ut wetter
Wield en onberekkenber
Onferskillug en net bang
Eigensinnug mei misbaar

 

 

Ik ken de Lemster as myn büse
Ik ken de Lemster as myn broek
De eigen taal, ut sluchte waar ik
Ut komt wol goei juh, mei un flók

Freifochten fiskersmonnen
Frôlju fan de südersee
Steeds noch ken men dit wol sjen
Draagt men ut ek mei sich mee

Leugenbank of vv. Lemmer
Lemsterskutsje of de slús
Altiid binne dur ferhalen
Komt men wèr mei praatsjes thús

Humor dat jet bei De Lemmer
Grapjes mei un ûndertoan
Kritiesk folgje se de meensken
Roeg en hurd foeden troch hoan

De toer die sjocht ut no al jierren
De Lemmer is de wei wat kwyt
Langsme nei de rèst fan doe
Stiet by de burger yn ut kryt

Toch wol ik ik in Lemster bliuwe
Al is net alles echt sa goed
Onferskillug hurd, net bang ek
Oant ien'e ieren, lemster bloed.

De Lemster op zijn Hollands

De Lemster is zoals het water
Grillig onberekenbaar
Onverschillig onverschrokken
Eigenzinnig, met misbaar

Leer mij niet de Lemster kennen
Ik ken de Lemster als mijn broek
De eigen taal, het slechte weer ook
Het komt wel goed, soms met een vloek

Vrijgevochten vissersmannen
Vrouwen van de Zuiderzee
Nog steeds kan men dat herkennen
Draagt men het ook met zich mee

Leugenbank of vv.Lemmer
Lemster skutsje of de sluis
Altijd zijn er de verhalen
Komt men weer met roddels thuis

Humor is het Lemster kenmerk
Grappen met een ondertoon
Kritisch volgen hoort bij Lemmer
Ruw en hard gevoed met hoon

De toren ziet het nu al jaren
Lemmer is de weg wat kwijt
De rust van vroeger is verdwenen
Staat bij de burger in het krijt

Toch wil ook ik een Lemster blijven
Al is niet alles echt zo goed
Onverschillig onverschrokken
Tot in de vezels, Lemster bloed.


Ut Wouda.....

De sjettels stookt mei cokes en swit
Troch swarte honnen ut fuur yn smyten
Bringe warmte en de kragt
De wjillen toch wer un te setten

De mins fan doe mei pet en pruumke
Het ut wonder un 'e praat
De Wouda draait, al honderd jier no
Fur droege futten is't uus maat

Ut monument fan stien en izer
Fertrouwt en hecht al jierren lang
Jout uus ut feilige gefoel
Fur Lemmer en foar Fryslân
Kom sjoch op en wès net bang

Wouda gemaal...
Hoedjend de takomst yn .......


De Lemster toer.

Ut sicht fier oer ut lân
As beaken no al jieren
Fun boegjen fremd
Symbool fan ut ferliene

Wer har dea üs freidom is
De flagge strak stiet fun'e wyn
En de tiid de takomst bringt
Slagt de klok syn oeren en de dea

Ropt hy minsken nei de tsjerke
Fôle noaten op üs del
Je so no mar lemster wèze
Him te sjen jout piekefel


Befrijding

De Lemmer skeint troch kriegsgefjocht
Is yn april de freede brocht
Troch Hitlers hânnen is’t Leech fernyld
Mei bloed en triennen it leed ferdyld

Har dea Us freidom schreeuwt Us ta
Wy wolle fryhiet en freede ha
Nea wer verlies fan hús, fan mins
Bliuw by us wei, dit is de grins

Fan no ôf oan binne wy frei
Wy stean foar oaren en foar dy
Foar mins en fryhiet en foar freede
Foar humanist en Christenbede

De Lemmer en harn lyts omkriten
Is yn de striid der foar bebiten
Hja hat wot leart doe yn april
Unrjocht fuort, de wapens stil.


Ut wetter slagt tsjin stien en pealen
De kjelt docht sear tot op'e huud
En wyn die kâlder is dan'k togt hie
Makket net un noflike luud

Toch wol ik op dit plakje bliuwe
Ut plakje wer de leafde wie
Wer jonkjes mei de famkes buoten
Un frommes soms te wachtsjen stie

Dot plak dot is nog steeds ut Eintsje
Hjir komt men faaks de Lemmer yn
Ut beaken skynt nog op ut hokje
Fynt men sa de lemmer blyn

De leite socht, makket de wyn
Ta plak fan hoedjen op'e daam
K'sjoch ut ferliene no wer foar my
Hjir wie uus heit do my de faam

"As tiiden tiiden hebbe"
Tink don un de skiedenis
Wont wat fuort is, is ferlern no
Pos don fielst echt wol ut gemis.