Oosterzee/Eastersee

De Wijnjeterper dominy en it sânde gebod.

Eftergrûn

Abel Ewoldt waard berne yn Sleat op 25.06.1874 en wie in soan fan Jehannes Ewoldt en Treintsje Willems Pot. Syn heit wie weinmakker yn Sleat, de jonge Abel koe tige leare en wie al betiid in goed sprekker. Hy woe dominy wurde, dat wie in dy tiid wol in hiele opjefte. It slagge foartreflik en Abel wie op 29 jierrige leeftyd kandidaat dominy yn Sleat. Op 10.11.1902 wie er as teologysk kandidaat talitten ta de Evangelyske Herfoarme Tsjerke.

Op 13.06.1903 troude er yn Hinnaarderadiel mei Geertje Leenstra, dochter fan Sytze Jarigs Leenstra en Joukje Jehannes Twerda. Se wie in kreaze frou, der hâlde Abel omme raak fan. Dat soe letter wol bliken dwaan. Abel mocht tige oer froulju, der sil wol niks foarkeard by wêze, mar as predikant stiet men wol yn in glêzen hûske. Yn de krante liet it echtpear op 16.06.1903 in advertinsje sette dat A. Ewoldt ber. predikant te Wijnjeterp c.a. en G. Leenstra harren tank útsprutsen foar de protte bliken fan belangstelling dat se troud wienen.

Predikant te Wijnjeterp

Hy waard beroppen yn Wijnjeterp en dy syn yntree op 04.03.1903 yn de Herfoarme Gemeente . Se wienen earst tige oer him te sprekken, want hy wie in rjochtsinnich predikant en in betûft redenaar. Mar dat feroare alle gau, binnen 1 jier nei it houlik betrape skoanmem Trientsje Pot him al dat er de tsjinstfaam net fan de lea ôfbliuwe koe. Dat moast as dominee natuerlik net dwaan, dan krigest gedonder yn ‘e glêzen. Nei ferrin fan tiid wienen der wol gauris wurden tusken man en frou en dat sil wol oer itselde gien wêze. It houlik brocht blykber net wat de beiden der fan ferwachte hienen. Dominy bliuw in swak foar it “swakke” geslacht hâlden en dat hie Geertsje al gau yn ‘e gaten. Ek de gemeenteleden murken dat op, se hienen ek wol troch dat Dominee net allinne mei it sande gebod “Do silst net troubrekke” in striid hie mar ek me it achtste gebod: “Do silst net lige” hie er moaite mei as it sa út kaam. Oer de fierdere gang fan saken yn Wijnjeterp is net sa folle bekend, dat sil wol yn de notulen fan de tsjerke beskreun wêze, mar dat sil wol gefoelich lizze by de tsjerken tink ik. Ik ha der ek mar net nei frege. Der wie wol in sear plak tusken twa skoalmasters yn 1905 wer hy him my bemoeit hat.

Yn Eastersee en Echten

Der wienen se mar wat bliid mei him doe er it berop oannaam. Op 25.06.1906 dy hy der syn yntree. Hy wie de joviale en redenrike dominy wer se ferlet fan hienen. Mar se wisten net, dat se in kat yn de sek kochten.
It houlik wie net goed fan it dominys echtpear , dôchs krigen se trije bern. In jonkje en twa famkes. Mar dat brocht gjin semint tusken de (twa) stienen. Der kaam in tsjinstfaam yn tsjinst, Margaretha Bosma , sis mar Greetsje.
Ja, der hienen je it wer. Hy koe er net ôf bliuwe fansels. Er kamen klachten by it klassikaal bestjoer en de dominy waard skorst. Hy is letter, nei “ûndersyk” dôchs noch frij sprutsen en mocht wer preekje. Mar it tsjinstfaam bliuw him lûken en er kaam in nije klacht. It provinsjaal tsjerkebestjoer skorste him “wegens onchristelijke levenswandel” foar in jier en tagelyk hâlden se in diel fan syn lean yn (trije moanne) Dat wie op 19 july1909. Ja, doe wie út mei de frijerij en moast Greetsje de doar út, want fan de leafde koe ek in dominee net libje.
De preekfeint ferspruts betterskip en dat wie ek de reden dat it tsjerkelyk bestjoer him wer tastie syn amt wer út te oefenje. Mar net foar lang !!!!

In nije ferlieding

Foar Greetsje kaam Lamkje van Zanden yn de húshâlding fan de dominy, har mem wenne yn Rottum. En wer koe Abel dizze frou net my rêst litte. Syn hormoanen spielen wer tige op en hy koe se blykber net yn betwang hâlde. Dat kaam net goed en brocht ûnrêst yn it gesin. Yn 1911 hie syn frou Geertsje har nocht en sette ôf nei har mem. It wie har oer de skuon rûn, se hie genôch fan dat gedoch fan har man. Se koe it net mear oansjen wat dy beiden ûnder har eagen dienen en net neilieten te dwaan. Beiden hienen no frij spul yn dy wiken dat se er net wie. De wite reek kaam noch krekt net út de skoarstien.
Doe Geertsje wer om kaam, kaam in fersoening ta stân en krige Lamkje in augustus nije betrekking yn Ljouwert.
Mar nee hear, it rûn wer út de hân, de dominy socht har stees wer op yn Ljouwert dat op least tsjinne de tsjerkeread in nije klacht yn by it klassikaal bestjoer wat op 21 february 1912 behannele wurde soe.

Sûndige tsjin it sechste gebod ? : Do silst net deadzje.

“Ewoldtsbregje”, 16 february 1912.
Dy dei wie Geerstje nei har mem yn Snits west op ‘e fyts. Ôfspraak wie, dat har man Abel har jûns wer ophelje soe út Hommerts wer se elkoar by in swager ûntmoetsje soe. Dat is bard en tsjin tsien oere gie it pear op ‘e fyts nei hûs ta. It wie mistich en dûnker mar harren lampe ferljochten it paad wol en er wie hast gjin ferkear.
De preekfeint ried foarop en derefter syn frou, sa fertelde de dominy letter. By it “tiltsje” it brêchje dus, hearde de dominy ynienen in “plom” en in skriuw, sa as er sei. Syn frou wie it wetter yn fytst. Hy wie direkt werom gien en hie har heal op ‘e wâl krige en wie doe om help gien nei it tichtst bysteande hûs. Mar doe se werom kamen mei twa man wie syn frou al ferstoarn. Ferdronken sa it hiet.

Dôchs wienen der in protte fertochte punten dy net kloppen, sadat it gerjocht de folgende dei de predikant in finzenis naam. Er wie wol in heel sterk fermoeden, dat de dominy har earst ombrocht , har yn it wetter sakje litten hat, er wer heal út helle en doe om help sykjen gie.

Twa pleatselike artsen rapportearen dat mefrou yn it wetter terjochte kaam wie, nei dat se op in oare manier om it libben brocht wie.
Op 5 en 6 juny 1912 twa dagen lang tsjinne de saak yn Hearrenfean mei net minder dan 32 tsjûgen. De nijsgjirrichheid wie sa grut, dat er drommen minsken bûten bliuwe moasten en der net yn koenen. It ûndersyk nei it ûngefal wie net goed bart. It wie tige amateuristysk west.
Wol kamen er in protte tsjinstridichheden oan it ljocht. De dominee spruts him sels faak tsjin en wist op protte fragen gjin dúdlik antwurd te jaan. Hoewol er in grut oantal “deskundigen” wienen koenen se it bewiis net leverje dat de dominy skuldich wie.
Wol wienen se fan miening dat er in protte dingen net kloppen.

Bygelyks: De ûnderbroek fan de dominee soe wiet wêze moatte, sa djip hie er yn it wetter west om har er út te heljen. Mar neffens tsjûgen wie dat net sa. Hy wie mar krekt ta de ankels wiet west. Hy soe foarop fytst ha, mar in tsjûge hie sjoen, dat net sa wie. It domineeske hie san en gerskes tusken de fingers hân, mar dat soe wer kaam wêze dat se “efkes”fan de fyts ôf west wie. Se hie skrammen yn it gesicht, mar dat soe wer fan de fal yn it wetter kaam wêze. En gean sa mar troch. Der wienen fragen en nochris fragen wer gjin dúdlik antwurd op kaam. Mar hy waard frij sprutsen by gebrek oan bewiis. It koe net bewezen wurde. It gerjocht wie wol fan miening dat dizze dominy, dizze aartsliger sa as de rjochtbank sei , wol ta in moard yn steat wie.

Út it amt set

Troch it provinsjaal tsjerkebestjoer fan Fryslân is by útspraak fan 3 juny 1912 Abel Ewoldt, predikant by de Nederdútsk Herfoarme Gemeente te Eastersee en Echten skuldich ferklearre oan ûnkristlike wannel en út syn amt fan predikant yn de Nederlâns Herfoarme Tsjerke set.
De rjochtsaak die yn dy tiid hiel wat opskuor, de krante moast mei 2000 stikst fermeardere wurde, safolle fraach wie er nei.
Op de begraffenis fan syn frou hat er net west, al mocht dat wol.
Geertje Leenstra is beïerdige op it tsjerkhôf te Eastersee Bierum . Ûnder op har grêfstien stiet:

Waar zachte banden andren binden,
In eigen huis, droeg zij haar zwaarste kruis.
Haar liefde mocht slechts ontrouw vinden
Gods trouw zij met haar in zijn Vaders huis.

Op 15.11.1912 is Abel Ewoldt (38 jier) opnij boaske, no my Lamkje van Zanden (21 jier), Lamkje wie in dochter fan Otte van Zanden en Hiltje de Wilde. Se binne ferhûze nei Haarlim en ha der in boekwinkel iepene.

Abel Ewoldt & Lamkje van Zanden

fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-8.jpg

© Henk F. Hansma
Hemrik