Home » Historie-Friesland » Opsterland-Hemrik » De grafhoogte uit het stenen tijdperk

De grafhoogte uit het stenen tijdperk

© Henk F. Hansma


De grêfhichte út de Stientiid.

By de Poaswei is al healwat bard, mar dat er ek noch in âld grêf lei út der stientiid wist ik net.
It is al sa, op de kaart út it jier 1927 is er al yntekene as hichte mar ja, net as in grêf fan in “oerminsk” út de stientiid.

En wa ûntduts dit grêf út it ferliene? Nee, gjin profs, mar amateur argeologen en wol Hendrik Jan Popping út Easterwâlde en Heine van der Vliet út Lippenhúzen. Ja, se dogge wol ris wat geringsgatten oer de amateurs en neame se wol es stientsjesikers., dy op omploege ikkers omstrune en yn mollebulten omwrotte. It die bliken, dat ik sels ien yn de famylje hie: Mefr Grytsje van der Brug-van der Burg út Selmien by Oerterp.

Har man Binne en sy wienen betûfte amateur argeologen en harren samling is yn 2008 nei it iistiden museum yn Bûtenpost gien. Ik hie it foarrjocht om Grytsje in oantal kearen besykje te meien. In markante en betûfte frou mei leafde foar de natuer, skiednis en stambeamûndersyk.

Wenjeterp/Himrik, tiisdei 8 augustus 1939.

Heine Hendriks van der Vliet 49 jier âld stuts moarns betiid nei syn hok ta. Hy wie mitseler fan berop en hie mei syn broer Tjamme en noch in kompanjon in oannimmersbedriuw. Hy kaam mei in lodde (skep) , dy er justerjûn  noch efkes op de slypstien hân hie, út it hok. “Wat sil dat ?“, sei syn wyfke Tryntsje (de Vries), “moast net te mitseljen?“
“Nee”, sei Heine, “hjoed net, ik sil in grêf iepenje “ Tryntsje seach raar op. “Dat mei net, sei se, brûk dyn ferstân, lit de deaden rêste Heine “. “Brûk de skep mar foar de ierpels, dy moatte er nedich út”.

Miskien is it sa wol gien, ik wit it net. Mar lit ik Heine sels mar oant wurd: Sa’n foech trije fjouwer tûzend jier hie er der sa al lein, in lytse hichte op in grutten ien en faaks hie noch nea immen erch yn him han, oant in jier of tsien lyn, de hear Popping fan Easterwâlde syn kenners eagen oer ‘e Wynjeterper heidefjilden gean liet en him yn ‘e gaten krige.
In jier of fjouwer lyn kamen wy ris by Popping oan hûs, nei oanlieding fan in fynst, dy’t wy dien hine. Hoarnen fan in rindier hienen wy fûn.  

It wie doe dat Popping tsjin my sei: “Der yn Wynterp, oan ‘e Poaswei, moat noch in grêfhichte lizze, sa’t it my taliket. Jo moatte der ek ris om tinke. No, dat dienen wy en wy seagen him al gau. Op in heech plak yn ‘e heide, san twahûndert jelnen fan de wei of, stiek in lytse hichte boppe it oaren út. Letter trapen wy der ris hinne, mar troch de hege heide dêr’t er mei bedutsen wie, as mei in tsjok brún kleed wie der fan syn san lichem net folle te sjen. Mar doe ‘t wy der boppe op stienen en him fan alle kanten beseagen, syn suver rûne foarm, dy de hege heide net fertsjusterje koe, doe seinen wy: ja, dit is minskewurk, dit moat in grêfhichte wêze, it kin net oars.

Er gienen fjouwer jier foarby, de skoandere heide feroare yn lân. Ek de heide wer de grêfhichte yn lei moast er oan gelove. Allinnich in lyts stikje soe sparre wurde, de grêfhichte mei in hoekje derom hinne.

It Fryske Gea soe him er oer bûge, mar liet it sitte doe in “deskundige”oardiele dat it allinne in stobult wie. (Tige spitich, wat soe dit in moaie opstekker west wêze foar It Gea.)
Fan de Ryksynspekteur fan ‘e wurkferskaffing, de har Falkena krigen wy permisje de hichte ôf te graven.  Sa makken wy op de bewuste datum in begjin.

De hiele hichte bestie út skier sân, mei hjir en dêr wat donkere plakjes fan de boppegrûn,dy’t der tusken rekke wienen. It grêf dat him hegerop ôftekene hie troch in donkere ferkleuring fan de grûn, wie in rûch fjouwerkant fan sawat twa jelnen en tachtich dûmen breed. It rûn East- West. Foarsichtich laachje by laachje waard de grûn ôfskaafd.

De earste fynst wie in moaie striidhammer fan it saneamde Jutlânske type, dy’t op it westein fan it grêf lei. Sa yn it midden in lyts eintsje fan elkoar ôf, leinen in pylkpunt, dy’t moai bewurke wie en in stienen mes, dy’t út in lange spoan fan fjoerstien bestie, sûnder dat er fjirder wat oan dien wie.

Op it eastein lei in lyts fjoerstienen  byltsje, glêd en skerp beslipe. It sprekt fansels, dat oeral houten stallen oan sitten hienen en oan de pylkpunt in skacht west wie. Ek sil er wol in spanbôge by lein ha, mar de tiid lit fan dat alles neat oer.
Fan it lyk wie neat mear te sjen, of it moast wêze dat it streekje fetlike swarte grûn mids yn it grêf der noch fan oer wie.  It ark wat er by lei sil mooglik brûkt west wêze foar de man syn deistich brea, dat út jacht bestie.

Fjirder yn de omjouwing fûnen wy stikken fan mealstiennen fan tuf stien, sikken fan bolpotten wat op bewenning yn folle letter tiid, yn de midsieuwen wiist.  Sa lang en sa faak der minsken yn Fryslân wienen, wie de Wynterper heide bewenne, dat stiet fêst.

Lippenhuzen, H.v.d. Vliet Sr.

  • It ferslach fan de opgraving is troch my tige ynkoart, mar de foto seit miskien wol genôch oer it wurk wat dizze minsken ferset ha. Boppedat hat Heine (lofts op de foto) , yn syn ferslach in naukeurige situaasje jûn wer it grêf wie.

TOP