Witte, Broer de

Afbeelding van: www.omropfryslan.nl

Broer de Witte, geboren op 7 juli 1923 te Workum, overleden op 3 mei 1943 te Leeuwarden, zoon van Douwe Hessel de Witte en Geertje Bakker.

In 1943 werd door 'Wehrmachtsbefehlshaber' generaal F. Christiansen, aangekondigd dat 300.000 Nederlandse militairen alsnog in krijgsgevangenschap zouden worden afgevoerd. Dit nieuws verspreidde zich als een lopend vuurtje door Nederland, nog voordat de officiële bekendmaking in de avondbladen van donderdag 29 april 1943 verscheen. Drukkerij Smit aan de Telgen in Hengelo had diezelfde middag het nieuws namelijk al op de ruiten van de drukkerij geplakt, zodat iedere voorbijganger het onheilspellende bericht kon lezen.

Als protest tegen deze maatregel brak spontaan overal in Nederland de April-Meistaking uit. De bezetter reageerde furieus. Met goedkeuring van dr. Seyss-Inquart werd het 'Polizei-Standgericht' ingevoerd. Bedrijfsfunctionarissen kregen het bevel om maandag 3 mei 1943 het werk te hervatten. Mensen die geen gehoor gaven aan deze oproep, konden op zware straffen rekenen.

In de drie noordelijke provincies werden zestig mensen omgebracht om de wilde staking neer te slaan. Van 34 werd het lichaam meegenomen 'naar een onbekende plek' om de bevolking extra te intimideren. Verschillende ooggetuigen wezen eind 1945 een plek aan in het voormalige militaire oefenterrein de Appèlbergen. Daar werden toen negentien slachtoffers gevonden. Vier jaar later bleek dat er nog meer vermisten in de Appèlbergen begraven moesten liggen. Verschillende zoekpogingen mislukten. Volgens een gedetailleerde reconstructie van de gebeurtenissen in 1943 en 1945 liggen de omgebrachte slachtoffers begraven in het Grote Veen van de Appèlbergen.

Deze reconstructie is gemaakt op grond van vele documenten die in verschillende archieven werden bewaard, gecombineerd met studie van omgeving, bodem en geschiedenis. Er zijn vervolgens verschillende onderzoeken gedaan naar de plaats waar de vermisten zouden zijn begraven. In 1991 hebben de Koninklijke Luchtmacht en de Technische Universiteit van Delft met behulp van speciale apparatuur bodemonderzoek gedaan, maar geen sporen van een begraafplaats kunnen ontdekken. Ook tijdens vervolgonderzoek, dat in 2003 mogelijk werd toen delen van het moeras werden drooggelegd, konden de graven evenwel niet worden gevonden.

De namen van de 34 slachtoffers luiden:

  • Berend Assies, Harm Bakker, Harm Bos, Grietje Dekker, Geert Jan Diertens, Jan Doornbosch, Karst Doornbosch, Jan Eisenga, Dirk Fokkens, Johannes Glas, Albert Hartholt, Andries Hartholt, Dirk Hartholt, Hendrik Hartholt, Gerrit Imbos, Eeuwe de Jong, Eisso Kleefman, Hermanus Kleefman, Cornelis Luinstra, Paulinus Nieuwold, Jan Postema, Friedrich Ludwig van de Riet, Willem Antonie van Rossum, Rienold Terpstra, Egbert Thoma, Berend Trip, Gerrit van der Vaart, Bouke de Vries, Sibbele de Wal, Jelle van der Wier, Steven van der Wier, Uitze van der Wier, Broer de Witte en Jogchum van Zwol.

Een vermist slachtoffer van de Tweede Wereldoorlog is teruggevonden in het oorlogsgraf op de begraafplaats West in het Groningse Marum. Het gaat om Broer de Witte uit Greonterp die in 1943 op negentienjarige leeftijd werd doodgeschoten omdat hij had meegedaan aan de melkstaking.

Na de oorlog werd bij de identificatie van de zestien Marumers die na de melkstaking werden gefusilleerd een vergissing gemaakt. Broer de Witte werd geïdentificeerd als een van de Marumers. Hij lag met hen in een massagraf in Appelbergen, een bos bij het dorp Glimmen.
De Marumer met wie De Witte werd verwisseld is daardoor ter aarde besteld als onbekende op de Erevelden van de oorlogsgravenstichting in Loenen en Broer de Witte werd begraven in Marum.

Binnenkort wordt de naam van De Witte toegevoegd aan het oorlogsmonument in Marum en wordt de man die Loenen begraven ligt naar Marum overgebracht.
Naspeuringen van Truus de Witte uit Noordhorn bracht bovenstaand verhaal aan het licht.

Leeuwarder Courant, 6 oktober 2008

Lêzing Aldegea.

Ik bin Truus de Witte, de dochter fan Wiebe en Roely de Witte. Ik haw fan berns ôf oan meimakke dat ús heit enoarm lijt hat ûnder de Maaiestaking en de dea en fermissing fan syn broer Broer. Hij waard slim siik doe ‘t ik 16 jier wie. Nachtmerjes gyngen oer de oarloch. Ik wie krekt 18 doe ‘t er stoar.

Omke Broer wie fermist. Dat wie slim. It hat in enoarm swiere lêst foar ús heit west.

Tsien jier lien begûn ik te sykjen, ik murk dat de herinnering oan ús heit syn lijden my ek tige sear die. Ik woe witte wat ús heit meimakke hie. Hoe siet dat mei omke Broer? Ik socht yn boeken, en socht minsken op dy’t my oer de Maaiestaking fertelle koenen. It oangripendste gesprek wie mei Wypke Martens, dy’t mei ús heit, omke Broer en Symen Wiersma yn de deadesel sitten hie en op it Scholtenshús west hat. Wypke hat 3 nachten nei it gesprek net sliepen, sei er letter.

Ik kriich tagong ta fertroulike argiven yn Ljouwert, Grins, Amsterdam en Den Haag om’t ik famylje wie. Der bliek folle mear ynformaasje te wêzen dan ik ea ferwachte hie, en doe socht ik troch. Ik woe ek it grêf fine fan myn omke Broer. It bliek in grêf mei 16 fermisten te wêzen. Ek Bouke wie der by. It grêf wer ‘t de Dútsers alle slachtoffers yn dumpt hawwe is fûn troch in rekonstruksje fan alle mogelike dokuminten út ferskillende Dútske en Nederlânske argiven. Ik haw alle ynformaasje, dy’t ik fûn, ferspraat ûnder de 16 famyljes dy ‘t it oangiet. Der is maaie 2004 in monumint pleatst (foto). En as ôfslúting haw ik ferskillende neibesteanden ynterviewd, en harren gesprekken binne ferspraat ûnder de 16 famyljes en oerheidsynstellings (bondel). Sa kinne se wat oan elkoar hawwe, en sa kin de oerheid lêze wat der allegear ûnbedoeld ferkeard gien is yn de ôfrûne 60 jier.

Bouke de Vries en Broer de Witte binne yn de oarloch deasketten troch de Dútsers. Se hienen, mei hûnderttûzenen oaren yn Nederlân, meidien oan de Maaiestaking fan 1943.

Yn ‘e oarloch wienen trije grutte stakingen. De earste wie de Februarystaking fan 1941 yn Amsterdam. De Maaiestaking wie de twadde, en de iennige massale, troch de befolking sels ûntketene staking. En de Spoorwegstaking fan 1944 wie de tredde, troch de Regearing útroppen.

Oer dy Maaiestaking, oer it sykjen nei Bouke en Broer om’t se fermist wienen, en oer hoe’t de fermissing in stimpel op it libben fan de famyljes drukt hat, sil ik it dit heal oere hawwe.

De Maaiestaking kaam net út ‘e loft fallen. In lytse 3 jier wie it betreklik rêstich west yn ‘e oarloch. Mar yn ‘e maaitiid fan 1943 waard it wat spannender. Stalingrad wie fallen, Berlyn waard bombardearre, reserves fan de Dútsers rekken op, yn Nederlân waard it earmer. Der wienen te min arbeiders yn Dútslân, want alle Dútsers wienen foar it leger nedich. Mei razzia’s waarden wurkkrêften oppakt. De spanningen rûnen oer de hiele liny op.

Doe betochten de Dútsers ek noch in plan: As we no ris alle 300.000 âld kriichsgefangenen wer oproppe, dan kinne dy moai yn Dútslân oan it wurk. Úteinlik moasten dy ommers wachtsje op ‘nadere maatregelen’. En sa kaam der op tongersdei 29 april 1943 in teleks yn by de kranten: de proklamaasje fan Friedrich Christiansen. ‘Kriichsgefangenen, meld jim, jim moatte nei Dútslân, en wa’t it net docht kin rekkenje op de strangste maatregels.’

In drukkerij yn Hengelo hong de proklamaasje foar it rút. Krekt doe’t de arbeiders fan Stork skafttiid hienen. Dat wie de “druppel” foar de befolking. De spanning ûntplofte. It wurk waard del lein, op grutte skaal, jong en âld die mei, hege en lege rangen staakten. As in rinnend fjoerke gyng it nijs fan de massale staking troch Twente, en fanôf freed 30 april troch de rest fan Nederlân.

It nijs beriek fansels ek Aldegea. Yn ‘e middei, nei it melken, waard de molke nei de molkfabryk brocht. En dat mocht net, fûnen Bouke de Vries, Wypke Martens, Symen Wiersma, Johannes Walinga, Tjitte Verbeek, Willem Bakker en in grutte groep oare jonges en famkes. Se fregen de molkefarders om de molke net ôf te leverjen. Doe dat net slagge sprongen se op de pream en legen se de molkbussen yn de Brekken en op strjitte.

Broer en Wiebe de Witte hearden fan de opstân yn Aldegea, en woenen ek meidwaan. ‘Jonges, fersichtich’, sei beppe noch, mar elkenien die dochs mei? Se troffen in molkrider, en fregen him net nei de fabryk te gean. Ek sy sprongen op de wein en legen de molkbussen.

Hiel Nederlân stie op ‘e kop. It wie in grut ûnorganisearre ferset, in ûntladen fan spanning. Einlings koe de hiele befolking sjen litte dat se net alles pikten fan de Dútsers.

Wa hie tocht dat it sa ferskrikkelik ôfrinne soe?

De Dútsers wienen frij rêstich west oan’t dy tiid, it libben wie net altyd like makkelik, mar alles gie syn gonkje noch. Foaral yn in doarpke as Aldegea. Deastraffen wienen noch nea útsprutsen yn it Noarden.

De Dútsers hienen sa’n massale aksje net ferwachte, en tochten dat er in flink ûndergrûns netwurk efter siet. Se skrokken. De opstân moast daliks brutsen wurde. Op it Skoltenshús yn Grins waard op sneon 1 maaie in Stânrjocht ynsteld, foar Fryslân, Grins en Drinte. Ek de deastraf waard doe as straf ynfierd. Mar dat soe wol bluf wêze, dat wie noch nea bard. En hielendal net foar sa’n lyts fergryp. En soenen se al die hûnderttûzenen no deasjitte, dat koe dochs net?

Hans Rauter, de grutte polysjebaas yn Den Haach, beneamde daliks in spesjale polysjemacht. Foar it Noarden waard dat Johann Mechels. Hy waard de baas oer alle polysje. Hij moast hurd optrede om de befolking wer yn it gareel te twingen.

De Dútsers moasten ek daliks alle ûnrêst witte, wie it befel. En die ûnrêst wie massaal. Bouke, Broer, Wypke, Symen, Johannes, Willem, Tjitte, Wiebe en de oaren seagen fanwegen dy massaliteit gjin gefaar yn harren dieden.

De ûnrêst is trochjûn oan NSB-boargemaster Schut yn Snits, sneontejûn.

Schut hat de SD yn Ljouwert belle, en de sneins 2 maaie wie it mis. De SD kaam út Ljouwert, mei Lammers as saneamde tolk. Underweis hellen se Schut op. In oerfalwein mei sa’n 25 Grüne Polizei kaam mei, mei Lottmann as polysjebaas ûnder Mechels.

In nijsgjirrige boerehelp hong om bij de molkfabryk, en waard oppakt. Hij hie net meidien, mar fan wa wist der it dan? Neam nammen! Arbeiders waren nammen frege. Direkteur Faber waard nammen frege. En doe’t de earsten oppakt wienen waren oan hun nammen frege.

Stel je foar, geraas, unifoarmen, gewearen, wat dogge je dan? Fan Johannes en Willem waren de jongere broers Hiele en Sikke as gijzelaar meinommen.

Fan Broer en Wiebe soenen se hun heit meinimme, mar se fûnen de jonges ûnder de bedstee. Fan Bouke is syn frou Grietje meinommen. Dat koe Bouke net ferneare, en hat himsels oanjûn.

Ut de hiele groep waren Bouke, Broer, Wypke, Siemen en Wiebe pikt as haaddieders. Bouke hienen se earst noch net te pakken. Alle fiif krigen se de deastraf, sei Lammers al yn Aldegea, Bouke ek alvast. En dat advys hat hij trochjûn oan it Stânrjocht yn it Scholtenshus yn Grins

De fjouwer jonges waarden nei de nacht yn de gefangenis fan Ljouwert, nei Grins brocht.

De foarsitter, rjochter Wendt, wie it mei Lammers syn advys iens. Hij stjoerde moandei 3 maaie in teleks nei Hans Rauter yn Den Haag, mei it fersyk de fjouwer jonges dea sjitten te maaien, en de meidieling dat de Aufhetzer Bouke de Vries noch socht waard. Rauter belle werom, dat allinnich de âldste deasjitten wurde moest, dat wie Broer. Hij wie 19 jier. Hij is op 3 maaie om 3 ure deasjitten op de pistoalbaan fan de Rabenhauptkazerne ûnder Grins. Wypke en Symen binne oan inoar festketene nei Vught ôfvoert. Wiebe is earst frijlitten en belâne letter yn de gefangenis. Op 6 desimber 1945 kamen se alletrije frij út de gefangenis fan Utrecht.

De tiisdeis, 4 maaie, is it noardelike Stânrjocht ferhuze nei it Aldburgerweeshus yn Ljouwert. Der is Bouke terjochte kaam. Foarsitter Wendt koe telexe dat de Aufhetzer fûn wie. Bouke is jûns op 4 maaie om hjelve 10 deasjitten op it Kalverdykje by Ljouwert. Bouke wie 35, de âldste fan de molkepream-aksje, Broer wie 19, de âldste fan de molkewein-aksje.

In soad minsken brekke hun holle oer it ferried en de willekeur. Foaral wij as neibesteanden, om alles in bytsje snappe te kinnen. De stikken bij Justitie jouwe gjin útslútsel oer ferried.

De minsken, dy’t letter ûnder twang nammen neamt hawwe, seagen gjin gefaar yn hun útspraken. Sels de minsken dy’t de aksjes trochjûn hawwe oan NSB-boargemaster Schut hienen net ferwachte dat der deaden falle soenen. Want dat wie noch nea bart. De ûnrêst is oan NSB-boargemaster Schut trochjûn troch wol 3-4 minsken, en yn Aldegea binne nammen neamt, dat wol. Mar net ien die dit op syn geweten hie, ferwachte dat alles sa ferskrikkelik ôfrinne soe, blykt út de stikken. De ienige die de deastraf foar eagen hie wie Lammers.

En oer de willekeur?

Rauter sei letter dat it net belangryk wie wa oppakt en deasjitten waard, mar dat op it goeie momint deaden foelen. Arrestaasjes wienen willekeurich. Frijlittingen wienen willekeurich. Straffen wienen willekeurich. Der siet gjin inkele lijn yn. Soe dat ek in foarm fan yntimidaasje wêze? De befolking fiele litte dat se mei de Dútsers nea witte koenen wer se oan ta wienen? Om sa ekstra macht te krijen? De Dútsers hienen nammen noadig, foar de grutte rôze oanplakbiljetten (laten zien). Wat dy nammen dien hienen wie net sa belangryk. De befolking moast witte wat der barre soe as se troch gyngen.

Op moandei 3 maaie kamen de earste berjochten yn ‘e krante, dat stakers fusilleerd wienen (laten zien). De 4 jonges sieten doe al yn Grins.

De lichamen fan de deasjitten slachtoffers waren meinommen en op in ûnbekende plak begroeven. Dit, om de befolking ekstra te yntimidearjen. Mar net allegear. Ek dit wie willekeurich, krek as de arrestaasjes en de strafmaten.

Fan de 60 minsken, dy’t yn de 3 noardelike provinsjes deasjitten binne, binne 34 yn ‘e Appèlbergen ferstoppe, 26 lieten se lizze op strjitte. Mar dat fan de Appèlbergen wisten allinnich in pear Dútsers en hun hantlangers. Ek Bouke en Broer wienen bij die ferstoppen.

De Appèlbergen wie in militair oefenterrein bij Glimmen, en dat hearde bij de Rabenhauptkazerne fan Grins, wer Broer deasjitten is. It wie in ôflein gebiet, en Sperrgebiet, men mocht er net komme. In prachtige ferstopplak.

Op 18 maaie stjoerde boargemaster Tjaberings een koart briefke nei frou De Vries en nei pake en beppe De Witte (laten zien, 2 sinnen).

De Maaiestaking wie de oergong nei de twadde, grimmige helt fan de oarloch, en de start fan it grutte en bewapene ferset.

Bouke en Broer wienen fermist. Wienen se wol dea? Wienen se net nei Dútslân of nei it Oostfront brocht? De Dútsers koenen doch safolle arbeidskrachten brûke? Om sa’n lytsichheid as it fuortgoaien fan molke wurde je doch net deasjitten? Wer wienen se? As se dea wienen moast der tooch in grêf wêze? De doar mocht net mear op slot. Stel dat se yniens thús kamen.

Nei de oarloch kamen se net werom. Mar se koenen hersenpjild wêze as se yn Ruslân sieten, en se koenen miskien de grins net oer? Soenen se echt dea wêze? Mar der waard gjin grêf fûn. Frou De Vries en de bern, Pake en Beppe De Witte en de bern, koenen gjin kant út. Mem de Vries libbe mei de swiere wetenskap dat har man sich foar har opoffere hat. Wiebe frege sich of: werom Broer, werom ik net. Pake de Witte sil ûnder de fraach lijt hawwe: hienen se mei mar meinommen as gijselaar.

Fragen, fragen, fragen, yn alle stilte, en der kaam gjin antwurd.

En sa gau kamen die antwurden ek net.

Want nei de befrijing lei de hoofdprioriteit fan de Regearing op het herstellen fan oarde en rust, snelle berjochting fan de fouten, en het op gang bringe fan it gewoane libben. ‘Sjoch foarút, bou wer op, ferjit wat bart is.’

Dieders, kollaborateurs en ferrieders waren oppakt. It wie in gekkeboel, safolle minsken waren oppakt troch allegear ferskillende ynstânsjes, yn een gaoatyske tiid. Berjochting fan allegear koe nooit yn koarte tiid. In lytse 90.000 binne úteindelik frijlitten soender ferhear en straf. Sa gong ynformaasje oer ûnder oare de begraafplak fan Bouke en Broer ferlern. Amearika stjoerde oan op freonskip mei Dútslân, want der wie in nije fijand: Ruslân. Dútsers waren amper útlevere, en ek sa kaam ynformaasje oer it grêf fan Bouke en Broer net boppe tafel. Oare ynformaasje en bewiismateriaal wie ferbrân, of fuortmoffele.

Ein 1945 waard der yn grêf fûn yn ‘e Appélbergen. 19 slachtoffers fan de Maaiestaking waren identifisearre, uit Grins en Drinte. Der waren mear grêven fûn, dus sa besûnders wie dat net, en der wienen hûnderten fermisten, swervende, daklozen, hongerevacuées, weromkearende gefangenen. Dus de Appèlbergen rakke wer út it fizier.

Nei in skoftsje waren troch it RIOD teleksen fan it Scholtenshus en ferslagen fan Dútsers fûn. En polysjebaas Mechels waard ein 1948 oppakt en ferhoart. Mechels fertelde dat alle slachtoffers fan de Maaiestaking út Fryslan, Grins en Drinte bij elkoar op de Appèlbergen begroeven wienen. Mechels wie de ferantwurdlike persoan fan die aksje.

Sa kaam de Appèlbergen op ‘e nij yn it ljocht, as plak wer se allegear leinen, alle ferstopte slachtoffers fan de Maaiestaking, dus ek Bouke en Broer. Der wienen al 19 fûn yn 1945. De oare 16 leinen der dus flakbij.

Mar wer wie dat grêf fan 1945 ek al wer? Men wist it net mear. Polysje Kerkhof is persoanlik nei Dútslân reizge, om de mannen te ûnderfreegjen dy’t de lichamen begroeven hawwe. Hij beloofde se dat se gjin straf krigen, as se asjeblyft de grêflokaasje mar oanwiisden. Dat waard neat. It geheugen liet hun sageneamd yn ‘e steek. Mar de Appèlbergen, dat wie seker. Yn 1949.

No is it akelige, dat al disse ynformaasje bij Justitie en Polysje en oare Oerheid bekend wie, mar dat partikulieren der gjin tagong ta hienen. Stel je voor dat die partikulieren foar eigen rjochter spylje soenen, en bij de deaders een stien troch de rúten smite soenen?

De befolking moest foarút sjen en de Dútsers sjen as nije freonen tsjin de Russen. De ynformaasje oer Mechels en de Appèlbergen bliuw yn de argiven. Nei de dea fan de dieders mochten partikulieren de argiven ynsjen nei spesjaal fersyk, en tekenje foar geheimhâlding. Dat haw ik dien. No ja. Ik haw de ynformaasje fansels daliks trochspile oan de famyljes dy ‘t er wat oan hienen. It giet ús net om dieders mar om greep.

Want wylst de ynformaasje oer Bouke en Broer yn de argiven siet, droegen de famyljes een enoarm swiere lêst. De ûnsekerheid. De skuldgefoelens. Wat wie der krekt bard, en wer wienen Bouke en Broer? Se koenen gjin kant út, se koenen it ferhaal net pleatse, se koene nergens hinne mei harren fertriet. De wûne koe net hele. En moasten se sykje of rouwe? Wie rouwe net ûntrou oan de fermiste? Mar wêr moasten se sykje? En mei wa koene se prate?

Fragen dy’t net beantwurde wurde, pine dy’t net ferwurke wurd, bliuwt aktueel, bliuwt malen, en wurd elke kear wer oprakele.

Neibesteanden fan fermisten hawwe it ûndraachlik swier.

Yn ‘e earste plak is it net seker of hun dierbere dea is. Dus dat binne al twa ferhalen: hij libbet, of hij libbet net mear. Hokker ferhaal kinne se yn harren libben yn pasje?

Ten twadde is it plak wer ‘t hij is net seker. Dat binne ek al talleaze ferhalen: hij is begroeven, en wer dan, of hij libbet yn gefangenskip of hij is harsens spielt?

Ten tredde hawwe se gjin idee wat der bard is. Se misse ynformaasje, en kinne neat in plak jaan. Alle mooglike ferhalen spylje troch de holle.

En dan komt der ten fjierde fanwege de oorloch en de Maaiestaking noch de willekeur fan de Dútsers bij: Werom is de iene oppakt en de oare net? Werom kriech de iene gefangenisstraf en is de oare frijlitten? Werom is it iene lichem meinommen en lieten se it oare lizze. De únsekerheid oer dizze fragen wie in ekstra taktyk fan de Dútsers om de befolking yn it gareel te twingen. Mar it binne slopende fragen.

Neibesteanden kinne nea ôfslute sûnder antwurd op dizze fragen.

En wat net ôfsluten wurde kin, kin ek nea in plak jûn wurde, en dan bliuwe de fragen mar mealen, en kinne se it libben fan alledei totaal behearskjen bliuwe.

En as dan blykt dat de ynformaasje oer de dea, de tadracht en it grêf al in heale ieu bekend is by in oantal Ynstânsjes, komt de klap hurd oan. De neibesteanden koene de wierheid net pakke, se koene dus net ferwurkje, en dy ynformaasje oer de wierheid is hun ek noch ûntholden.

It is fijn dat Aldegea daliks in betinkingsmonumint foar Bouke delsetten hat. Yn elts gefal in plak om bij stil te stean, in rêstplak, ek al leit er der net begroeven.

Tiidsgeast spilet yn dit alles een hiele belangrike rol. De nei-oarlogse tiid wie in tiid fan wederopbouw en takomsttinken en barmhertigheidspolityk nei de dieders. Mar ek de gesinnen wienen mear sluten. Bern wienen bern. No is alles iepener, der wurd folle mear praten. Der is fan alles op ‘e tillefysje, der is Ynternet. De tiid is oars.

Jan, Tryntsje en Auke wienen lytse bern, doe hun heit fermoarde is. Se begripen de grutte minskenwrâld noch net. Sa krigen se, krekt as wij, de bern dy’t nei de oarloch berne binne, in soad gefoelsynformaasje fan de âlderen. Mar dy koenen se net stave oan feitelijke ynformaasje. Deels omdat dy ûntbruts, deels omdat de weinige ynformaasje allinnich foar de grutte misken wie. En die grutte minsken sparren de bern. En de bern fielden dat de âlden it swier hienen, dus dy ûtseagen de âderen wer. It wie mear in tiidgeast fan ûtsjen, elkoar sparje, rekkening hâlde mei inoar, bern wienen bern. Mar by dy bern koe gefoelsynformaasje woekerje tot grutte hichten. As heit of mem der net oer prate kin, moat it wol ferskrikkelik wêze.

En die tiidgeast soarge der ek foar dat de argiven sluten bliuwden. Troch neibesteanden ynformaasje, dy’t se sa nedich hienen, te ûnthâlden, binne se ekstra kwetst.

De tiidgeest is no oars. En it blykt ek noch dat fragen en pine sich net fuortstopje litte.

Tante Brechtsje sei in pear jier lyn: ‘Truus, fertel my alles, alles, hoe erch it ek is. Witten is better dan ûnsekerheid, hoe erch de wierheid ek is. Froeger hienen we ôflieding, mar no komt alles boppe, no tink je nei, no wolle je witte.’

In argyfbaas hat no mappen it gebou útsmokkele, mei gefaar foar syn baan. By in oar argyf omsylden se no de strange proseduereregels. Gjin muoite is no sparre, tûzenen gûnen binne resentelik troch Ynstansjes en Oerheid beskikbaar steld om de fout in bytsje goed te meitsjen: de ferskriklike fout fan de Dútsers troch de lichamen te ferstopjen, en de goed bedoelde fout fan de Oerheid de ynformaasje ferstopt te hâlden.

De ynformaasje dy ‘t resent sammele en ferspraat is kin antwurd jaan de measte fragen. Ik haw mei myn undersyk-kollega’s besike it slutende bewiis fan de ynformaasje oer de tadracht en it grêf gear te stallen. Dat is slagge. Dat kin in plak krije. It keihurde konkrete bewiis fan it grêf, de bonken dus, slagge net. Mar de sekerheid oer it grêf is er wol.

De Appèlbergen, it plak wer se neffens alle ferklearings lizze moatte, is helaas mar foar in gedeelte ûndersocht. Een gedeelte, omdat it de lêste desinnia sa’n drassich gebiet is. It wie hast net te dwaan. Yn it lytse stikje dat de Lânmacht ûndersocht hat binne se net fûn. We moatte it dus dwaan mei de slutende sekerheid út de dokuminten. En dat is gelokkich een hiele stapel, en allegear sizze se itselde. Niks wiist in oare kant út. En dat plak is no markearre mei in monumint mei alle nammen.

It lichem fan Bouke leit yn ‘e Appèlbergen. It lichem fan Broer blykt ein 1945 fûn te wezen. Hij is identifisearre as de ûnderdîker Frits van der Riet en is as Frits herbegroeven yn in Grinzer doarpke. Dat witte we pas in pear jier. De Oarlochsgrêvenstichting en de Lânmacht hawwe it befestige. Syn grêfstien stiet net bij syn grêf, mar is yn de harten fan syn famylje.

Bouke en Broer binne teplak, we witte wer se lizze. Oer de Maaiestaking, it ferried, it neamen fan nammen, de strafmaat, sille altyd fragen bliuwe. It wie folstrekt willekeurich wat der bard is. Krekt sa as de Dútsers it bedoeld hienen. Mar it briefke, dat se troch boargemaster Taberings stjoere litten hawwe, is ûntkrêften. De plaats wordt niet bekend gemaakt. It grêf en it ferhaal fan Bouke en Broer is boppe wetter. Se wienen altyd yn ús midden, no binne se yn ús midden mei in dúdlike skiednis en een oanwiisber grêf.

As der tiid extra is:

  • Hoe wie de berjuchting fan de grutte dieders?
  • Lottmann, de polysje Hauptmann die yn Aldegea wie, is der útnaait nei de DDR doe Mechels oppakt waard. Lottmann is net oppakt en forhoord.
  • Voorzitter Wendt fan it Standgericht is net oppakt, ferhoord en foroordielt foar it útsprekken fan de deastraffen.
  • Lammers is ferhoord, mar dat ging amper oer de Maaiestaking. Hij krieg eerst de deastraf, letter libbenslang. Hij kaam yn 1964 frij.
  • Schut is ferhoord oer de Maaiestaking. Ynformaasje sprekt elkoar tsjin. Minsken prate sichsels skjin en jouwe oaren de skuld. Ek Schut sels. Hij krieg 7 jier, wer der inkele fan sitten hat. Mechels hat 20 jier gefangenisstraf kriegen. Der hat er dik 6 jier fan sitten.
  • Rauter hat (nest 5 oare dútsers) de deastraf krigen yn Nederlan.

Afbeelding van: www.omropfryslan.nl

Reactie plaatsen

Reacties

Er zijn geen reacties geplaatst.