Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Terwispel » Goitzen Burgy út Terwispel.

Goitzen Burgy út Terwispel.

Op 30.05.1886 waard Goaitzen Burgy yn Terwispel berne. Hy wie de soan fan in timmerman oannimmer. De hûshâlding hie it net rom, sadat er gjin fierdere oplieding wie foar Goaitzen. Derom kaam hy by heit oan it wurk. Mar de jongen koe it der net yn fine en woe wat oars. Op syn sechtsjinde makke en publisearre hy syn earste fersen. Nei in jier yn Kanada omslein te ha festige hy him as kafeehâlder en winkelman yn Hoarnstersweach. Hy fielde him thús yn dizze omkriten en hie in skerp each foar de earmoedige omstannichheden. Hy makke fersen, gedichten, ferhalen foar kranten en tydskriften. Ek makke er sketskes foar toaniel. Koartom dizze man is in betûfte skriuwer wurden. Hat sels prizen helle en syn ferhalen binne printe en wer printe. Yn Tresoar is heel wat fan syn pinnefruchten bewarre bleauwen. De skriuwer dichter is stoarn op 29.08.1944 yn Hilversum. It ûndersteand ferhaal is ien fan syn moaie ferhalen yn dichtfoarm oer de earmoedige omstannichheden yn de omkriten fan syn berteplak.

IT FAMKE

Fûl blaast de wyn oer de keal-deadske fjilden,
Grymjend fûleindich oer beammen en hûs.
Alles befriest en bestjert fan syn amme,
Noarman is bar en ek wreed by de rûs.
Heech oan de loft stjit it sulveren moantsje,
‘t Is krekt as krijt hja fan ‘e kjeld ek har diel.
Leech oan de loft glinstert Venus yn ‘t Westen,
Fonk’ljend yn skittring as ‘t moaiste juwiel.

Droech knapt de snie ûnder twa lytse klompkes,
‘t Famke is lyts, amper njoggen jier âld,
Stiif mei de hantsjes tsjin it bibberjend lyfke,
Droech knapt de snie, ‘t is ûnbidige kâld.
Thús yn de keet is ‘t ek kâld; want de naden,
Binne sa hol en de planken sa min.
Turf is al op en de earpels beferzen,
En dan dy lekkens sa stikken en tin .

Droech knapt de snie en de twa lytse fuotsjes,
Dribbelje fjirder it púndykje del.
Heech oan de loft skynt it sulveren moantsje,
En út it easten bliest Rûchburd sa fel.
Hol blaft boer Haaie syn hûn op ‘e telle,
Tinkt yn syn eigen “wa is der sa let? “
‘t Fyn skerpe ear hat de twa lytse klompkes,
Kreakjend oer ‘t snieïge bartsje gean heard.
Triljend, foarsichtich, de ring yn de hantsjes,
Docht se him iepen, de grien-ferve doar.

Skel dreunt it lûd fan de klink it milhûs,
“Flits”seit ljocht en boer Haaie komt foar.
Tsjin elkoar oar stean de úterste beiden,
Krêft en foldienens, tsjín swakkens en leed.
Oermoedich hjir en troch needrich de oare,
Skaed yn it libben, troch needlot sa wreed.

“No wie der wat” seit de boer, “kinst net prate,
Hieste in boadskip?” It famke wurdt kjel.
Wol gean de lipkes, mar ‘t lûd bliuwt benefter,
‘t Dript út har eachjes op d’estrikken del.
“Ja, ja ik ken dat, dy skoaiers manearen,
Winters te brûken, en simmers yn ‘t skaad.
Frette , ik wit it, wat wy lju net krije,
Hâld dy mar stil; want it jout neat dat praat”.
“Heit hat gjin wurk en wy ha gjin iten,
Wier boer, wy ha gjin iten hân hjoed”.
Heit hat wol sein dat wy meie net skoaie,
Mar ‘k ha dôchs sa’n hûnger en mem hat mij stjoerd.
“Sa moat jimme ‘t ha, jim’ wolle net better,
‘k Ha al genôch fan sok folk ûnderfûn”.
Rimpen giet Haaie sabeare nei ‘t bûthús
”Jou dy ôf of ik helje de hûn!”

Droech knapt de snie ûnder twa lytse klompkes,
Mar wer nei hûs ta, it easten wer yn.
Kâld, o sa kâld blaast de kjeld troch it jurkje,
Fûlder as niis ja, it is flak yn de wyn.
Dêr by dat boskje is ‘t wat yn de lijte,
“Efkes hjir sitte, de wyn beart sa fel”.
En mei de hantsjes yn ‘t skelkje bewuolle,
Jout tsjin in beam der, it famke har del.
O, dat foldocht, dat is moai yn de lijte,
“Efkes hjir sitte en dan gau nei hûs,
Mem sil wol sizze, wer bliuwt dôchs myn famke,
‘t Ynleave memke, sa gol by de rûs.”
Hja fielt gjin kjeld mear, ‘t wurdt stil om har hinne.
‘t Kopke niicht leger, op ‘t lêst tsjin de grûn.
Winter sa wreed krekt, nimt har yn syn hoede,
Hat troch syn kjeld no har útkomste joen.

Heech yn de loft, sjogge del op it famke,
Tûzende stjerren yn hearlike pracht.
‘t Moantsje yn ‘t westen, noch krekt oer de beammen,
Hâldt ta de moarntiid oer ‘t famke de wacht.
En as it sintsje oer ‘t ierdryk wer laket,
Fynt men har lizzen, sa stil en sa kâld.
Freeslik gebear en gepraat yn de buorren,
No ‘t te let is: sjoch sa is de wrâld.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-24.jpg

© Henk F. Hansma
Himrik