Troubrekke yn Terwispel

Terwispel. 03 oktober 1655.

Boele

It wie yn de neimiddei doe de 62 jierrige Boele Broers fan de merke út de Gordyk nei hús ta sette. Hy hie wierskynlik de noadige hertfersterkingen ek hân, de man hie jild genôch want hy hie in elts doarp de nedige besittingen. In lânhear koene je wol sizze. Boppedat hie er noch al wat wenten yn ‘e ferhier. Hy wie bysitter fan de grietenij, je kinne dat wol fergelykje mei it amt fan wethâlder fan in gemeente. It bestjoeren fan de grietenij wie net it fernaamste wat er die, it amt hie mear mei it rjochtsprekken te meitsjen. In tige fernaam berop, dat wie it ek.

En ja, as je in belangryk man of frou binne, tinke je dat it wol wat lije kin mei wat jo sizze of dwaan.
Sa ek Boele Broers of sa er him ek wol neamde Boele Boelens. En dy namme sil de ynwenners fan it doarp Beetstersweach wol bekend foarkomme , tink ik. De neiteam ( de namme) is spitich genôch útstoarn op 3 february yn it jier 1913mei de dea fan Antoinette Philippina van Boelens. De famylje wie fan adel en hy tige oansjen yn de hegere ein. Mar wês is earlik , wy soenen allegearre wol fan adel wêze wolle is it net ? Al wie it allinnich mar om de besittingen dy se ha of hienen.

Arjen en Lamke

Mar goed, Boele wie op wei nei hús ta nei Beetstersweach, wer hy wenne. Yn 1655 gie dat net lâns de Sweachstersdyk sa as no, mar wie dat oer de Wispelerdyk, dy doe oer de doetiidske Trimbeets rûn. Hy moast foarby it boerespultsje fan Arjen Gerrits en Lamke Geerts, hy wie der al faker west om jild te barren fan de hier. En ja, sa as it de measte mannen is, de froulike foarmen fan Lamke wienen him net ûntgien en hy hie tige nocht oan har krigen. Miskien hat de drank ek wol mei spile, dat wit ik net en de ferslagen út it Ryksargyf prate er net oer.

Hy stuts oan by Lamke, dy him wolkom hjitte, en him in stoel oanbea, it wie wol har lânhear no.
Wat er earst ôfspile hat bliuwt in riedsel mar se ha wierskynlik earst wol it nedige besprutsen. De ferklearingen sprekke inoar letter tige tsjin. En dat wie wol te begripen, by it wrâldkundich meitsjen praat elkenien him of har sa goed mooglik skjin. Wat wy wol witte is dat hy tsjin har sein hat “ Lamke, ik moat mei dy tútsjeboartsje” en er folgen mear leafdesferklearingen en hannelingen.

Yn de keamer hat er har hûndert gûne oanbean om ek om ek fjirder te gean. En men wit, dat wie yn dy tiid in hyl grut bedrach en der is Lamke fest wol foar swicht. Men moast foar sa’n slompe jild noch al wat kroaden stront foar ferride om dat by elkoar te krijen. Hawar, it koe doe mar losgean.
Alle doarren en ramen ha se ticht dien en binne nei de skoarre gien om it spultsje fan “it bistje mei de twa rechjes” te dwaan. Letter hat Lamke wol sein, dat dit ûnder in soarte fan twang west is, mar dan kloppet it net fan dy hûndert gûne dy har fersprutsen wie.

Betrape

Arjen, dy op it lân oant wurk wie hie syn lânhear by de hikke stean sjoen en efkes letter murk er ek op dat de efterdoar ticht wie. Hy fertroude it net, derhinne !!. Doe er tichteby kaam seach er dat ek de ramen en alle doarren ticht wienen, stie er dat net. Doe wie it hommeles, wa docht dat no op klear skyn dei ? Op roppen krige er gjin gehoar, hy raamde de ûnderdoar derút en krûp sa de skoarre yn. En wat fûn er der int strie?

Syn frou Lamke, mei de rokken omheech en de bysitter Boele mei de broek om ‘e ankels der boppe op. (Yn die tiid hienen noch gjin ûnderbroeken) . It koe net mâlder, poerlilk waard er. Hy fleach nei de foarkeamer en pakte de degen (sa’n grut fjochtersmes) fan de muorre en kaam op it pear ta. Lamke krige in lytse krasse op ‘e hals en Boele in klap mei de efterkant fan de houwer.
Doe wie it gau ôfrûn, Boele wie tige ferbjustere en besocht fuort te kommen; hy krûp ûnder de efterdoar troch mei de bokse noch om ‘e ankels en yn ‘e bleate kont nei bûten. Arjen der efter oan him driigjend mei de houwer. Op it hiem kaam Boele te fallen en sakke op ‘e knibbels, stuts syn hannen op en bidde om genede.

Arjen jage him fuort wer nei binnen troch de ûnderdoar en yn de skuorre ha sawol Boele as Lamkje, Arjen mear as ien kear om ferjeffenis frege. Arjen wie er mei oan, wat te dwaan? Hy jage se nei de foarkeamer wer se op knibbels sitte moasten. As er no echt bûten sinnen west is of net, mar hy pakte syn sjitark ek fan de muorre en bruts it yn twaen en goaide it de beiden foar de fuotten . Doe pakte hy syn knyft en stuts himsels dermei int boarst, dwers troch it himd en de himdrôk hinne. Net al te hurd fansels, want dat docht sear. Hy hat de skrammen letter oan de Grytman en oaren sjen litten. Wol skuorde er in toppe hier út de holle by himsels, wat by Boele net mear koe, dy hie in keale plasse, sa as tsjûgen letter seinen.

Njonkelytsen bedarre er wat en Boele sei him ta, dat er gjin hier mear hoegde te beteljen sa lang as er libbe, boppedat wie achterststâlige hier no ôfrekkene. Doe is Boele fuort gien, no wol mei de broek oan. Wat er letter syn 54 jierrige frou Hiltsje Clases sein hat witte wy net. Dy sil er wol net sa bliid mei west wêze Se is earst fest net op teebesite west by de famylje, want der is wol oer praat wurden , tink ik.

En Lamkje? Dy frege Arjen nochris oft hy har wer ferjaan woe en sei dat se har net wer brûke litte soe. Dy nacht woe Arjen net by har sliepe en is se út hûs gien, mar fjouwer dagen letter wie se er wer. Doe wie it wer ferjûn.

Tsjûgen

Mar it spul hie lúzen. Want er wienen pottekikers bûten west. Hoe wie it ek mooglik!! Ette Gjolts út Sigerswâld en Otte Joukes wienen mei hynder en wein oer de Wispelerdyk riden en wat hienen se sjoen? Ja wis, se hienen by it hûs fan Arjen Gerrits in âld mantsje it hûs útflechten sjoen, in man yn ‘e bleate kont en mei de bleate plasse. Dat leaste foel ek op, want yn dy tiid wienen alle hollen faaks bestoppe, sels op bêd hienen se de mutse op. Ek Arjen hienen se sjoen mei syn houwer der efter oan en der wie tige racht en flokt op it hiem. Dat de knibbels fan de lânhear, se hienen wol sjoen dat hy it wie, tige swart wienen die harren suver nocht .

In prachtich moai ferhaal foar de doarpskrante as dy er doe al wie. Jo witte hoe soks gie, it waar troch fertelt en troch fertelt en ja soks moast wol foar it gerjocht komme, sa wie dat.

It Gerjocht

Der waarden ferklearingen ôflein yn de rjochtkeamer yn Lippenhuzen. Oanwêzich wienen grytman Martinus Fockens, sekretaris Saecko Fockens, notaris Idema en in assistint. Der waarden ferklearingen ôflein en dy binne bewarre bleaun.  Arjen kaam letter op syn earste ferklearing werom en fertelde dat it om in reparaasje fan syn boerespultsje gie wat er bûten bard wie. Boppedat soe it alles in misferstân west wêze en de lânhear hier by syn frou Lamkje fûn wylst se oer de efterstallich hier hienen en dertroch wie de rûzje ûntstien wat de mannen bûten sjoen hienen. Ek ferkleare hy dat de soan fan Boele, Broer Boelens mei in skriuwen by him west wie wêryn alles regele wurde soe en hy wie der mei iens west. Jo begripe dat wol in ôfkeapsom foar al de alteraasje.

Miskien is de ôfkeapsom dôchs wat tsjinfallen, want Arjen koe it net litte wer it oarspronklik ferhaal rûn te bazunen wat Boele wer yn ferlegenheid brocht.  It Hof fan Fryslân kaam er op lêst oan te pas, mar dy wie fan miening ( nei it harkjen fan Ette en Otte yn Duerswâld troch bysitter Wybe Sytzes) de eask fan Boele om Arjen in twangsom fan 25 gouden Frieze Riders beteljen te litten as er troch gie mei it ferhaal net oplein wurde koe om’t Boele it troubrekken earst tajûn hie.

En of Lamkje de hûndert gûne ek noch krige hat? Miskien wol, it is net te efterheljen.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-23.jpg

© Henk F. Hansma
Hemrik