Oudehorne

Aldhoarne en de klokkestellerij

February 1894.

De befolking út Aldhoarne wie dûm, hoe koe men dat samar dwaan?  Der wie op befel fan hegerhân samar harren twadde klok út de klokkestoel helle fan it tsjerkhôf. Se hienen sa’n moaie klokkestoel mei twa klokken deryn en it bongele ek sa moai as se lieden waarden, en no hienen se der ien samar úthelle.  De boargemaster Engelsman  en it gemeentebestjoer hienen besletten dat ien wol genôch wie en dat de oare der wol út koe. Want sa die it bliken,  de klok yn gehucht Brongergea, dat by Oranjewâld lei , wie stikken en de Gemeente Skoatterlân siet sa as altiden min by kas, dat se tochten no as er yn Aldhoarne dôchs twa binne kin er wol ien út. Ja, en dat wie ek noch yn ‘t genyp gien, de minsken wienen der gehiel bûten hâlden. Dat ûnder tasicht fan de gemeente-arsjitekt wie de iene klok der út helle en troch in boer mei hynder en wein nei Brongergea brocht.

In foldongen feit, ja , dat tochten se der yn ’t Fean. Mar dat wie net sa, dan hienen se harren raar ferrekkene. De befolking naam it net, se kamen byelkoar, boargers, boeren ,  arbeiders, foaroansteande minsken ek, alles moast ek yn ‘t genyp, dat dienen se ommers ek yn ‘t Hearrenfean.

De klokken rôverij

Seis february 1894.

It wie jûn, de boer dy de klok nei Brongergea ta brocht hie waard ophelle. Hy moast ek mar mei syn hynder en wein mei, want hy hie him ek fuortbrocht. In hele keppel minsken der efter oan. Se soenen de klok wer ophelje, it wie harren klok, wat tochten se der wol net. Tige rêstich gienen se op in paad, mar ja al dy klapperene klompen makken dôchs wol wat lûd. Se koenen ek muoilik op sokken der hinne, dat wie ek gjin dwaan it wie ek noch winter. De tiennen koenen je wol befrieze. Mar se moasten ek troch Nijhoarne hinne en der wenne in polysjeman Ten Cate dy in tige skerp gehoar hie. Hy hoegde noch net nei sa’n gehoar test te dwaan by sa’ n hoarsspesjalist.

Polysje

Fjildwachter Ten Cate út Nijhoarne, dy om helwei tsienen op bêd soe, skrok fan dat lawaai en seach hoe in wein en hynder mei materiaal en in kloft minsken troch it doarp kloste. Wer soe dat hinne?

Miskien wol nei Oranjestein yn Oranjewâld. De bewenner fan de state, Jehannes Oosting, stie by de befolking net yn sa’n goed bledsje. Er wie al wat ekstra beweitsing yn dy omjouwing, want se wienen bang foar in opstân fan hongerige arbeiders út de Easthoeke. As je honger ha dan easkje wurk of jild fan minsken dy genôch ha en dat hie Jehannes wol, tochten se blykber. Mar yn dit gefal wie dat net sa, dat se dér hinne soenen.

Ten Cate haaste him nei Boppeknipe foar help. Syn kollega Jolke van der Brug stie bekend om syn kreft en wie foar de duvel net bang. Die hearde it ferhaal oan, skeat yn syn unifoarmjas en gie tige hastich nei De Knipe nei it kafee J.A. Kuipers oan de Heidebuorren. Der wienen marsjesees ynkertiere , yn ferbân mei in op de folgende dei yn it folksgebou te hâlden sosjalistysk barren.

Mar ja, Jolke wie gjin boargemaster, dat de marsjesees woenen samar net mei. Er moast earst wol in oarder fan dy man komme en dy kaam. Se wisten net wat er oan de han wie dus earst mar nei Oranjestein ta. De boargemaster ek mei yn de sjees. No, der wie neat, dan mar nei it tsjerkhôf, mar der wie ek neat. Mar wol west, want doe de mannen út Aldhoarne, dy der dwaande wienen hynstestappen hearden stoden se út elkoar, dwers troch de sletten en hagen hinne fan benaudens. Der hienen se net op rekkene. Der wie net ien mear op it tsjerkhôf.

Net ien??? Ja, wol ien!!!. Boppe-yn de stoel siet in mantsje, dy koe der net sa gau út komme. De klompen stienen noch ûnder by in grêfstien. Dat wie wol wat in nuvere oanblik, krekt as woe immen net mei de klompen oan it grêf yn. De boargemaster, dy de klompen stean sjoen hie, rôp nei boppe: “Is er noch ien? “ Yn benaude stimme antwurde: “Ja” “Do sprekst mei de boargemaster en ik jou dy befel nei ûnderen te kommen” De man kaam en sei: “Hjir bin ik”, en die syn klompen wer oan.

De boargemaster:” Wat wie it doel der boppe?” Hy anderet: “Jimme ha ús de klok ûntstellen en dy soenen wy werom helje. Want it is en bliuwt ús klok”. Der folge in ferhear yn it kafee “De Tent”, der is net folle oer bekend wurden.

De oare deis fûn it gesin J.B. Woudstra op ‘e Pauwenburg in oantal klompen, petten en oar ark dat de Aldhoarnsters efterlitten hie yn de haast om fuort te kommen. Se ha it sammele, er wie in hele bulte. Noch maanden letter hongen er klompen en petten oer de homeipeallen, mar er is nei myn witten net ien west om se op te heljen.

De klok werom.

It wie misrûn, it doarp Aldhoarne wie in roustimming .Der hong mar ien klok en in ein tou, mar der koenen je oan skuorre wat jo woenen mar er kaam gjin lûd fan boppe. Gjin twadde klok en miskien noch wol straf. Er moast wat barre.

Dat ha se dien, er is in offisjele delegaasje nei it gemeentebestjoer west en die hat útlein dat it harren goed rjocht wie om de klok werom te krijen. De boargemaster en de leden ha er goed nei heard. Hoe wol de mannen wol wat as bangskiters fuort flein wienen doe it er op oan kaam, wienen se no dôchs fier genôch om it werom krijen fan de klok ta in goed ein te bringen. No koenen se mar wer oan de touwen lûke en it doarp wie bliid dat se de beide klokken wer hearden.

Allinnich Brongergea siet noch sûnder klok en koe net liede, sels net mei begraffenissen. Dat wie wol wat!  No wie de gemeente harren wol tagedien, mar de ynwenners moasten sels earst 100 gûne ynsammelje foar de gemeente Skoatterlân oer de brêge komme woe. Dat ha se dien en se ha in nije klok krigen.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-3.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik