Nijhoarne

Nijhoarne: stikeltried en “schurkenbende”

De jierren 1923 oant 1929 wie in donkere tiid yn de skiednis fan Herfoarme tsjerke te Nijhoarne /Âldhoarne. Wy soenen no sizze: wer twa fjochtsjen ha faaks ek twa skuld, en ik tink dat it doe ek sa wie. Dat it er wol tige omwei gien is, dat is seker, der is heel wat foar fallen.

De Harkkommisje

It wie begûn mei de it útsykjen fan in nije dominee troch de harkkommisje fan de Herfoarmde Tsjerke, wer yn dy tiid twa streamingen wienen. Dy fan de ortodokse (rjochtsinnich) en frijsinnige leden. Ta dy tiid hienen beide steamingen goed my elkoar wurkje kinnen yn de tsjerke, dy lied waard troch meastal frijsinnige dominys. De kommisje bestie út tsjerkeriedsleden, tsjerkefoogden en notabelen fan de twa doarpen. Alderhande, krekt as de koekjes fan de bakker.

De harkkommisje kaam ta in ienstimmich beslút, se soenen de (frijsinnige) Ds. J.R.Immink út Delden as kandidaat foardrage. En doe is it mis gien, in oantal leden fan de ortodokse harkkommisje binne oant mûskopjen gien en ha de 32 jierrige (ortodokse) dominee Herbert Jacobus Pijnacker Hordijk út Terherne nei foaren skoot.  Hy wie noch net sa lang trout en boaske op 11.05.1922 yn Oegstgeest mei de 34 jierrige Godfrida Margaretha Theodora de Ridder.

Ja, dit nei foaren skowen, dat hie net moaten, dizze dominee wie gjin kontakt mei west, boppedat wie dat net de ôfspraak yn de harkkommisje ,se wienen ommers al ta in beslút kaam. Om koart te gean, troch rommelerij mei stimmen en ôfspraken is de dominee Pijnacker út Terherne mei in mearderheid fan 1 stim keazen troch de stimgerjochte leden fan de tsjerke. (Immink 24 en Hordijk 25 stimmen)

De minsken dúvels en de tsjerkeried op ien ein, hurde wurden binne er fallen en de dominee die op 14 jannewaris 1923 beroppen wie, woe neat fan in ûndersyk witte en seach it berop as in Godsropping. Dat moatte jo mar miene, dan kin jo wol ris fan de kâlde kermis thús komme.
By de befêstiging op 29 july 1923 wienen er plysjes yn de tsjerke, er waard in ferske op dizze saak makke en oan de dominee tastjoert, it gesin koe net yn de pastorij die noch stees ferhiert wie en moast ta 1 desimber 1923 yn Terherne bliuwe. Alles wat mar ferkeard gean koe gie ferkeard. De dominee makke misbrûk fan syn amtlik berop om de tsjerkeried dwers te sitten en spande sels in rjochtsaak oan tsjin de tsjerkefoogden nei in heal jier op kosten fan de tsjerke (tasein troch de Synoade) om fruchtgebrûk te krijen op tsjerklike goederen dy by de pastorij heare soenen. Hy hat it ferlern.

Prikkeltried en boerden

Doe er yn de pastorij soe, koe er der net yn want de tagong wie ôfsletten troch stikeltried en hat er in gat yn de hage makke om by de pastorij te kommen. Efterom wie te swier foar de hynder en wein neffens him. Er kaam sels in boerd by de yngang fan it tsjerkhôf mei de tekst: “weg met leugenaars en bedriegers” en foar de pastorij: “door bedrog heb ik f. 4000,00”.

Grutte stikken yn de kranten troch beide partijen, brieven nei it Klassikaal Bestjoer yn ‘t Fean.
De dominee liet it er net by sitte en trênearre de fergaderingen fan de tsjerkerie, sa dy neat begjinne koenen en ek de saken net ôfhannelje . Op 2 desimber 1923 gie it te fier, doe Dominee en Mefr. Lonkhuijzen op besyk kamen. Stienen waarden fanôf it tsjerkhôf tsjin de rúten en muorren goait. Minsken efterfolgen beide dominees en goaiden mei stienen en snieballen. Dominee Lonkhuyzen krige it sa benaud dat er syn revolver luts en skeat. Dit alles koe net, dit waard hast in lynchpartij. De tsjerkerie hat dit letter ek ôfkard, mar sjitte op gemeenteleden doogde ek net.

En sa gie it in oantal jierren fjirder mei oer en wer beskuldigingen, skelpartijen en dwers sitte. It kristendom ûnweardich, liket my sa ta. Wie it net better west as dy dominee syn biezen pakt hie ? Dit wie dochs wol sa ferstânich west yn dizze situaasje. Mar nee, trochsette mar en syn gelyk helje wolle op wat foar manier dan ek.

Schurkenbende

Op 14 juny 1929 hat Dominee Pijnacker Hordijk by it Klassikaal Bestjoer yn Nijhoarne ûnder it besyk ,de tsjerkeried en de tsjerkefoogden útmakke foar : “’t zijn schurken, een schurkenbende! “
De tastân waard sa earnstich dat it Provinsjaal bestjoer op fersyk fan it Klassikaal Bestjoer fan Hearrenfean op 9 desimber 1929 yngrypt en Dominee H.J. Pijnacker Hordijk, predikant te Oude en Nijega schuldig acht aan verzuim en vergrijp in de uitoefening van zijn kerkelijke betrekking”. Boppedat wurd him in tirannyk optreden ferwiten.

Hij wurd skorst foar de tiid fan trije moanne mei behâld fan syn traktemint.  It is foar dizze dominee ûnbegryplik dizze útspraak en is yn berop gien by de Algemiene Synoade fan Nederlânske Herfoarmde tsjerke. Hoe dat ôfrûn is wit ik net, mar dat it prikkeltried in alle gefallen opromme is, tink ik wol.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-5.jpg

© Henk F. Hansma
Himrik