Nieuweschoot

Door: Jangerben Mulder.

Ybeltsje kont.

Yn de boargerlike stân stie se ynskreaun as "Ijbeltje Kingma". Ybeltsje wie berne yn 1862 te Nijskoat.

Har âlden wienen Ate Yntes Kingma en Trijntje Hanzes Koopmans. Mar dy nammen waarden yn de omkriten net brûkt. De Kingma's hiene de bynamme fan kont. Hoe kamen se der oan?
De blauwe bokse fan Ate wie al sa faak oplappe , dat it de minsken opfoel. "Moast ris sjen , Ate hat alwer in nije kont", seine se. En sa krige Ybeltsje har bynamme ek. Ybelsje mei de katten foar it gewoane folk en kont foar de jeugd. ( De jeugd hie kont sels betocht tink ?)
Fan de bernejierren fan har is net folle mear te efterheljen. De húshâlding is letter ferfard fan Nijskoat nei De Knipe.

Dêr stie Ate as in nuveraardich persoan bekend, hy wie hiel faak te finen yn syn hok efter it hûs. Mar wat er dêr by de ein hie, wist nimmen, de minsken fûnen it mar in nuver spul. As der him nei frege waard, sei er: "Yn dat hok sit een hok mei in hok en yn dat hok, jonge, sit noch in hok mei in hok der yn". Ybeltsje har mem wie ek wol wat in frjemde ferskining, meast in blauwe holdoek op en eagen yn de holle as in karbonkel. Ybeltsje fertsjinne doe har brea as skroarske (naaister). Har heit is yn 1896 ferstoarn. Doe’t har mem yn 1905 ek weirekke wie dat foar Ybeltsje in grutte slach. Se wie doe 43 jier. Dernei is har leafde foar katten begûn. Dat wiene doe noch de iennichste wêzens dy't hja fersoargje en fertroetelje koe. It ferstjerren fan har âlden hat wol in kearpunt yn har libben west en sa waard se starich oan in tryste iensume frou. It hûs dêr't se altiten mei har âlden wenne hie hat se doe ferlitten. Se sette har yn Beneden Knipe nei wenjen en dêr hat se doe in lyts winkeltsje opset. In soart winkel fan sinkel mei jern en bân, bûter, aaien snobbersguod en sels stikem sterke drank.

Mei in âld reiden bernewein sutele se har negoasje ek wol út. De minsken fernuveren harren der wol oer dat se steefêst har katten meinaam by it suteljen. Jongens pleagen har gauris as se ûnderweis wie. Se hawwe in kear in kat fan har yn de feart smiten, se moat doe ôfgryslik jammere en skriemt ha. Har katten wiene nei leden fan it keninklik hús neamd en by harren jierdeis krigen se in oranje lintsje om. Sels hie se sokke dagen ek in oranje bloeske oan. As der bern yn har winkeltsje kamen die se faak fluch de doar op slot mei in ketting , se wie dan bang dat se oars sûnder te beteljen de doar út gienen.

Se hie ek in grutte pot mei jam op de toanbank stean, dêr stutsen de bern dan, as hja it net seach, gau in finger yn en slikken him dan fluch ôf. Oan it oarderjen yn ‘e hûs, die se net folle, ‘dêr kom ik nea oan ta’, sei se dan, as buorlju der ris wat fan seinen. Hoe’t it fierder mei it winkeltsje gien is, is net bekend mar sa ynienen wie it likwidearre. Se is dêrnei ferfard nei Boppe Knipe en kaam yn in op de wâl lutsen wenarke te wenjen. Dy wenarke hie it doarpsbelang fan 't Mar beskikber steld. Yn de wenarke ferslûnzige se hielendal. Se rûn doe yn fodden en it iten bleau der ek by, dat hja fermeagere hielendal. Allinne har katten, de keninklike heechheden, seagen der goed út.

Fan omwenners dy't har wol helpe woene en begrutsjen mei har hiene, woe se neat witte. Hja hie it sei se bêst nei it sin, wêr bemuoie se harren mei. Yn 1925 krige se lânlike bekendheid, doe kamen in pear ferslachjouwers fan it doe sa populaire blêd "Het Leven". "Een haast ongelooflijk en aller merkwaardigst geval van zelfverwaarlozing" neamden se har yn harren blêd. Net te begripen skreaune se dat de gemeente Skoatterlân in ferslûnste frou fan yn de sechstich sa libje lit. Mar al mei al feroare der neat. Alhoewol, hja krige al in hokje der by mar dat siet samar wer fol mei allerhanne rommel.

De kâlde winter fan 1929 wie se goed trochkaam, mar yn augustus foel it de omwenners op dat se net mear om de arke omskarrele en hearden se de katten miaukjen. Doe binne der in pear mannen nei ta gien en doe't se de doar iepenen seagen se ha dea op de flier lizzen. Sa as hja libbe hie, iensum, mar omringe troch har leafste besit har katten, is se stoarn.

Mei tank oan it doarpsargyf De Knipe foar de bygeande foto.