Nieuwebrug

Door: Jangerben Mulder.

Hinke Kaart

Op it ein fan de njoggentjende ieu wie der yn Nijbrêge in ferneamd kaartlister, Hinke Kaart.
Hinke wie berne yn Wargea, har âlden wiene Pieter Spoelstra en Rutje Boersma.
Se wiene yn 1835 boaske en in pear moanne letter waard al in wolskepene dochter berne dy’t Hinke neamd waard. Se hiene daliks al troch dat it in bysûnder bern wie. Se waard berne mei de helm. Dan sit der in bertefluez om de holle .

Oer har bernejierren is net folle bekend. As jong faam waard se fereale op Jelke Jonker út Warten. Hja trouden yn 1861 en krigen al gau in soan, Sytse. Flak dernei binne se ferfard nei Nijbrêge.
Yn 1870 ferlear Hinke har man en se bleau efter mei twa bern. Dat wie in swiere tiid foar har, om’t se gjin ynkommen hie. Doe is se begûn mei it ûntfangen fan minsken dy’t se dan de takomst foarsei troch it lêzen fan kaarten. Fandêr dat se ‘ Hinke Kaart’ neamd waard.

Doe’t se bekendhyd krige kamen de minsken fan fier en hein nei har tasetten. Ek de jongerein kaam faaks op sneintemiddei , dy wiene dan nijskjirrich hoe as it mei de leafde stie en of se de juste partner hienen. Hja moasten dan in kaart loeke en dêr waard de takomst op basearre.
Hinke mocht net betelle wurde foar har tsjinsten , mar doe in pear oerheidsamtners it kontrolearje woene en fregen wat hja har skuldich wiene, sei se: ‘De foarsizzing kostet neat, mar der moat al foar it gebrûk fan de stuollen betelle wurde’. Hinke wenne doe yn in langhalich hûs ( wol de lange jammer neamd). Op it selde plak is no in jachtwerf. Foar de klandyzje hie se in spesjale oansichtkaart meitsje litten.

Der wiene fansels ek wolris minsken dy’t oan har foarsizzings twifelden , mar dan beswarre se dat troch te sizzen: ‘It is sa wier al sil de duvel troch Dokkum fleane’. Sa kaam der ek in Piter ten Hage út Oerterp. Ten Hage woe witte as it betroud wie om syn sweager jild te lienen.´Dat jild kinne jo wol ûnder de soal fan jo skoech strike’, sei Hinke. En yndied, hy krige it jild net wêrom.
Jelke Westra út de Westereen kaam ek foar in jildkwesje; mei in kollega hie hy rúzje makke oer it lean. Mar se hienen noch mar krekt in foet oer de drompel set, as Hinke sei: ‘No mannen, ik wit jimme boadskip. Gean mar nei hûs en as jimme thúskomme, lizze de sinten klear foar jimme’. En dat wie ek sa.

Op in jûn stiene der in pear famkes foar de doar mei in skelk foar de holle, it like dat se dat diene foar de kjeld, mar se diene dat út skamte. Hja woene net da se wjerkend waarden. De iene, Sytske , woe graach in foarsizzing. Hja wie húshâldster by in winkelman. Se hie al in lange tiid ferkearing mei Japik, mar doe’t de frou fan de winkelman ferstoar , joech hy te kennen dat hy graach woe dat se by him bleau as húshâldster. Sytske tocht dat se no kâns hie op in houlik mei him en sadwaande bruts se it mei Japik.

Mar de winkelman tocht net oan trouen. Sytske woe no wol graach wer mei Japik, dy’t wol gauris yn de winkel kaam om tabak en dan probearre se him dúdlik te meitsjen dat se wol wer ferkearing woe. Mar Japik hie neat troch as hy die mar sa . Hja wie him sa starichoan al op healwei kaam . Mar doe gie se noch in stap fierder en belâne by Hinke. Hinke frege Sytske in kaart te lûken en dat waard hertenaas. ‘It hûs’, sei Hinke. De twadde wie klaverhear. ‘Dat liket goed’, sei Hinke. De tredde wie hertentsien. ‘Dit is ten volle trouw’, sei Hinke. De lutsende kaarten waarden wer yn it spel stutsen en opnei skodde en doe yn 4 rigeltsjes fan 8 op e tafel lein. Neidat Hinke sweiend in poaske op de kaarten sjoen hie ,sei se: ‘De hertenfrou dat bisto en dy leit mei de klaverhear op deselde rigele. Dat betsjut dat jimme troue sille. In healjier letter wiene se man en frou.

Der hat grif ek alris in klant west dy’t nei in foarsizzing Hinke ûnder de skelk betelle hat,want op 27 maart 1874 befoel se fan in soan Jacob. In pear jier letter, yn 1877 kriege se kunde oan Pieter Bartels Eggers, wer’t se doe mei troude. Út dat houlik kriege se ek noch in bern. Har twadde man ferstoar yn 1903.

Hinke Kaart moat net ûnbemiddele west ha, se die in protte goeds foar de feanarbeiders. ‘s Winters wie it faaks bittere earmoed en dan gie se wolris jûns mei in folle koer nei de earmsten dy’t in soad bern hiene.
Hinke ferstoar op 22 maaie 1912.

Mei tank oan T.Bolhuis, doarpsargyf Haskerdiken-Nijbrêge