Lippenhuizen

It skriklyk ein fan in pear âlde minsken yn Lippenhuzen

Lippenhuzen, February 1898

Wa wienen dizze âlde minsken?

Poai(stra) Geerts Veenstra waard berne 04 septimber 1816 yn Lippenhuzen en wie de soan fan Geert Alles Veenstra en Antsje Gerrits Dokter. Hy troude op 10.07.1842 mei Antsje Wiebes Meyer, dochter fan Sytzes Meyer en Akke Alles Reitsma út Akkrum. Se wie berne op 21.09.1818 .
Se krigen fiif bern: Wiebe op 27.04.1845, mar dat jonkje kaam te stjerren op 07.03.1847.
Dernei wer in jonkje Wiebe dy waard berne op 19.10.1848 ek te Lippenhuzen.
In famke Antsje op 02.10.1851 te Koartsweachen en doe in libbenleas popke (in famke) op 27.07.1855.

En it lest noch in famke Akke dy op 20.07.1856 berne waard yn Lippenhuzen..
Poai sil wol arbeider west wêze mei sels wat lyts fee en miskien ek wol in pear bistjes yn it efterein fan syn húske. Se hienen beide in tige warber libben hân en hienen altyd harren ynset foar de bern dy se krigen . No se âld waarden (Poai wie 82 en Antsje 80 jier)moasten se harren sels rêde, de bern wienen it hûs út. Se wennen op it westein fan Lippenhuzen tsjin de grins oan fan Terwispel. Yn de âlde tiid rûn in opfeart fanôf it Âld Djip nei de Bûtewei ta. Yn de rin fan de tiid is dy oan it ein feroare yn in foege sleat.

Atlas Schotanus 1718

Oan de eastkant wie in strook heech strook lân , wer him al hyl lang lyn minsken festige hienen. Der stienen op koarte ôfstân in rige lytse húskes, heal fan stien en heal fan hout. Miskien sitte de fundeminten noch wol yn de grûn. Mar dan moatte jo wol de skeppe mei nimme derhinne. En foar in hiele protte minsken is dat in raar ding om mei te arbeidzjen. Oan beide siden fan de Opfeart wie heide. Yn de folksmûle waard it ek “De Heide”neamd.

Der wennen ek Poai en Antsje. Oan de iene kant siet der Albert Zandstra en Janke de Boer en oan de oare kant Anne Bos en Jouk Jeensma. Albert en Janke Zandstra wienen de pakke en beppe fan Evert Zandstra de bekende skriuwer dy op 25.12.1897 der berne is. Evert Zandstra , dy skoalmaster wie , hat wol sa’n 25 boeken skreaun en der meie de Liphúster befolking ek wol wat grutsk op wêze. Fan dy fuotbaltrainers kin it minskdom ek net allinne libje.

Poai en Antsje wienen earme, ienfâldige minsken en wennen no Poai net mear by in oar oant wurk koe yn “harren” húske dy earst noch fan harren sels wie. Mei syn wrotterslean hie hy dat byelkoar garje kind, mar no er âlder wie moast er it hûske oer dwaan oan de Tsjerkfâdij fan Lippenhuzen. Se moasten it eins “opite”, oars krigen se gjin jild.

No moatte wy dat de Tsjerke yn dy tiid net kwea ôfnimme d tink ik, want er wie gjin A.O.W. en gjin bystân. De tsjerke, hoewol dy it ek lang net altyd goed die, soarge as ienige ynstânsje dôchs noch foar it libbensûnderhâld fan earme minsken. As dit wol de fersoenlikste wize wie fan besitsfermeardering fan de tsjerke , der ha ik myn twifels oer. Poai en Antsje wienen tige op harren sels en hienen mei de buorren eins gjin omgong. Allinne Alberts Janke kaam er noch wolris foar in buorpraatsje.

Poai hie noch in stikje grûn wer de ierpels ferboude en beide âlde minsken hienen dizze hjerst noch op ‘e knibbels lein om dy der út te heljen. Mar Antsje begûn wat gammel te wurden en beiden wisten dat se mar in lyts eintsje mear foar harren hienen. Poai hie wolris sein: “Ik hoopje mar, dat wy beide tagelyk ferstjerre meie en dat wy dan yn ien kiste komme”. Syn winsk soe útkomme, mar hoe?

Sneonejûn 18 february 1898

Min waar, it waaide hurd. It wie ie al wat tsjuster. Tsearde Gryt Wiebinga , dy oan in dwersreedsje nei de strjitwei wenne , wie bûtendoar om it linnenguod yn te heljen dat oan de line hinge. It wie om seis oere hinne. Se seach , doe se yn ‘e hûs soe, noch efkes nei de westkant en rôp fuort en daliks de hûs yn: “ O, wat rikket de skoarstien fan Poai-en-dy, dat is gjin goed spul, der meie we wol hinne te sjen”.

Tseard wie fuort oerein út de stoel wer hy wat lei te slomjen en tegearre rounen se nei Albert en Janke ta, dy daliks mei ginen nei it hûs fan Poai en Antsje. Doe se by de wente oankamen wie it allegearre fjoer. Tseard wraamde de efterdoar iepen en koe it skiep noch út fûl brânende hûs skuorre. De oaren wienen nei de foarkant fan it wentsje ta gien en Alberts Janke sloech it foarút yn. Se besearde derby har hân, mat der lette se fjirder net op. Er moast hannele wurde.

Fan Antsje en Poai , dy al om fjouwer oer op bêd gien wienen, wie neat te sjen. Om der yn te kommen wie net mear te dwaan, it wie oars net dan reek en fjoer yn de keamer. De froulju rôpen tige oerstjoer noch: “Poai, Antsje gou, gou kom er út, alles stiet yn de brân, toe kom er út”. Mar der kaam gjin antwurd , alles wat se hearden wie it knappen fan de yndroege balken en it gûlen fan de wyn . In fonken rein makke dat se tebek skrillen , doe de souder nei ûnderen kaam. Alle oare buorren dy er op ta setten kamen fleagen as gekken om it brânende hûs, se koenen neat dwaan, it fjoer lôge noch mear op troch de hurde noardwesten wyn, in stoarm gelyks. It jage de flammen heech op, sadat in rein fan brânende houtstikjes en jiske fier yn it rûn fleagen. Men sleepte noch wol mei amers wetter, mar it joech allegearre neat mear.

Anne Bos sei: “Ik moat om myn eigen hûs tinke “ en joech him ôf. Mei in mes yn de hân om syn eigen ko , dy er hie , los te snijen as it moast en twa amers mei wetter hâlde der de wacht, wylst de fonken rein by syn wente lâns fleach. Lokkich kaam it net op syn hûske te lâne.
Yn in foech oere lei de wente fan Poai en Antsje tsjin de flakte en wie it ien rikjende púnheap. Noch deselde joen kaam de boargemaster en de eksteur fan ‘e Sweach oansetten om alles op te nimmen.

Hoe de brân ûntstien wie nimmen koe it sizze. Er wienen dy seinen, dat it de tonger west wie, mar oaren hienen neat heard. It moast wol eigen fjoer west wêze. Er waard besletten om de oare moarn it pún te romjen en nei de liken te sykjen.

De oare dei

De oare dei wie de polysje der ek by mei de twa earmfâden. Mei de buorlju sochten se de púnheap troch, en fûnen it alhiel ferkoalle lyk fan Poai ûnder de ynfallen gevel flak foar ien fan de rúten. It wie noch te sjen oan de kileknopen. Krekt it oare glês hie Alberts Janke ynslein. Se sei letter noch “Och heden hie ik mar dat oare glês ynslein, dan hienen we Poai noch fûn”.

Foar it plak wer de bêdstee wie lei it ferbrânde lyk fan Antsje. De beide âlde stumpers wienen dôchs noch fan it bêd ôfgien, om te probearjen der út te kommen. Mar it wie harren net slagge om de doar te finen. Twa âlde minsken dy de skriklike ferbrâningsdea moasten ûndergean.
Beide liken waarden yn ien kiste lein en sa wie de winsk fan Poai dôchs útkaam. Mar op dizze wize hie er dat fest na sa ha wollen.

De omkriten

De omkriten fan de Bûtewei, de heide fan Lippenhuzen en ek it Âlddjip ( ek wol de Boarn) is noch tige moai. De Bûtewei is lokkich gjin autowei en it te hoopjen, dat it ek net wurd. De omkriten bin ik troch west, lâns it Âld Djip, troch ferskate boskjes en heide. Ik tink dat wy Van Harinxma en It Fryske Gea tige tankber wêze meie dat dit natuergebiet noch yntakt is, al feroaret de omjouwing troch de drokte fan de minsken wol, sa as in rymkeman it seit:

Wêr de Boarn it lân troch kringet,
Lyk in njirre it heidefjild.
Wêr de bjint it poeske dringet,
En de reager syn hûnger stilt.
Wêr de Adelstsjerke iens syn brommen,
Oeren fier soms dreunt int rûn.
Wêr no stâlfee is en hast gjin blommen,
Der is no it Fryske grûn.

(nei J.L. v.d. Burg)

fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-1.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik