Langezwaag (Langsweagen)

Fallen by de betinking “Befrijing 10 jier”

Boppesteande tekst stiet op de grêfstien fan Eeke de Vries-de Jong, se mocht mar 45 jier wurde en liet in man en fiif bern efter troch in skriklyk ûngelok.

Langsweagen, woansdei jûn 4 maaie 1955, seal Scheltema ( Nieuwe Vaart).
Opfiering fan it stik “Dat wie doe” soe in betinking wêze fan de befrijing 10 jier lien. As datum hie men út socht dit op te fieren op 4 maaie, in dei foar it feeslik fieren fan de befrijing.
Ien fan de bern fan Eeke en Tjeerd hie in wichtige rol yn it stik. Der wie oe sa goed repetearre en de famylje siet op de foarste rige. Op de snein dêrop soe it echtpear de Vries harren sulveren houliksfeest fiere.

De dochter, dy mei die oan it stik, wie op it toaniel doe er in koarte pauze wie. It wie sawat njoggen oere. It foardoek wie ticht sadat de minsken net sjen koenen wat er op it toaniel ôfspiele. Boppedat soe men alles ree meitsje foar it ferfolch. Ynienen klonk er skot fan in jachtgewear en dwers troch it doek hinne trof in skot hagel Eeke de Jong fol yn it boarst.

Skriklyk wienen de gefolgen, se besocht noch op te stean mar foel doe bliedend del, deadlik troffen troch de hagel dy noch net ferspried wie. Ek de bejierre hear Egbert Huisman krige noch kerrels yn syn skouder, dy siet efter har. In panyk briek út yn de seal, de 500 minsken yn de seal flechten nei bûten wylst dokters en in sikewein ta helpe roppen waarden. In trelit fan je welste, al dy roppende en benaude minsken en mei op de grûn it slachtoffer. Yn alle hasten waard Eeke nei it Sikehûs brocht mei gûlende sirenes. Mar fergees, by oankomst by it sikehûs yn ‘t Hearrenfean wie it slachtoffer al ferstoarn.

Mar wat wie er bard, der efter de gerdinen?  Yn it toanielstik oer de oarloch en befrijing moast oan de bekendmakking fan de eksekúsje fan ien fan de haadfigueren wat mear “reliëf” oan joen wurde, hoewol dat einliks gjin oanlieding ta wie yn it stik. Men hie betocht, dat er dan mar mei in gewear sjitten wurde moast, as krige it fonnis dan al syn beslach. Dit soe dan bûten it gebou wêze natuerlik. Men hie de hagel út de patroan helle, mar it lûd wie net om nei hús te skriuwen. Dat men hie mar besletten dat it de hagelkerrels sitten bliuwe moasten. De hear S.V. út Lúkswâld, dy amateur jager wie, hie sjoen dat ien fan de lopen smoarch wie en soe it mar gau skjin meitsje en om dat it efter de kûlissen wat skimerich wie naam er it gewear mei op it toaniel, wer it doek del wie. Nei dat er wat fêstsittend krûd er út helle hie brocht V. er in skerpe patroan yn en klapte it ticht mei de loop nei it gerdyn ta.

De gefolgen wienen ferbjusterjend !! Op in net te ferklearjende wize rekke de slachpinne de patroan en it skot gie ôf mei it needlottige gefolch. De hagelkerrels gienen dwers troch it gerdyn en rekken Eeke, die mar op trije of fjouwer meter ôfstân siet mei it boppesteande gefolch.

It fieren fan it betinkingstsjinst op tongersdei 5 maaie waard in routsjinst foar mefrou Eeke de Jong , dy yn Langsweagen yn heech oansjen stie. Sy makke diel út fan ferskate kommisjes en organisaasjes yn it doarp. Ek hie se de opfiering fan it stik “Dat wie doe” mei organisearre. Alle feestlikheden yn de wide omtrek waarden ôfblaast. Ek de hear V. út Lúkswâld wie in tige achtber persoan en dy hie it o sa swier, dat hy de oarsaak wie fan dit needlottich ûngefal.

Moandei 9 maaie 1955 nommen hûnderten minsken ôfskie fan mefrou Eeke de Vries –de Jong. Yn de Menisten tsjerke te Gordyk waard in sobere mar oangripende tsjinst hâlden mei as foargonger ds. J.G. van der Bend. Hy oerdocht har as tsjerkeriedslid en har leafde foar gesin, famylje en doarpsgemienskip. Mar boppedat har leafde foar God. Ferskate sprekkers (wêrûnder boargemaster W. Harmsma) en spreksters wienen er dy tige loovjende wurden sprieken oer de ferstoarne , wêrnei se op de bier, oerdekt mei talrike blommen en blomstikken nei har leste rêstplak op it hof brocht war.

Ûnder op har grêfmonumint lieten de neibesteanden sette: Har libben wie leafde.

fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-4.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik