Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Jubbega » Jubbega - Se “moasten” trouwe

Jobbegea-Skuorregea, 09 februaris 1902.

Midden yn de winter, it wie kâld, it iis leit op ’e grêft, doe dizze moarn in rûngear mantsje, 77 jier âld en in frou, rjochtop geand, mei in paraplu yn ‘e han , 85 jier âld yn ‘t Fean nei it gemeentehûs knoffelden.
It wie Andries Zwart en Korneliske de Kleine út Jobbegea-Skuorregea.

De man wie earder 38 jier trout west en hie noch fjouwer bern, mar de frou wie noch frij faam. Se wie de rjochte nea tsjin kaam, of dôchs wol? .
Doe de man syn frou, Lutske Jans van der Wal, op 15.11.1888, nei it grêf ta bringe moast kaam Korneliske by him as húshâldster. Trettjin jier hienen se sa by elkoar rjocht en noflik libbe en nea hienen se it eat ûntbrutsen, omdat se beiden tige flink en flitich wienen.
No kaam echter de tiid dat se it mear rêde koenen en moast er yn fersjoen wurde. Se tochten beiden oan it earmhûs, mar dan soenen se beiden fan elkoar moatte. En dat woenen se perfoarst net, hja wienen sa oan elkoar went rekke, dat se koenen net mear sûnder inoar. Hoe no ?

Ien fan de bern fan de man, Thijs Zwart, fyftich jier, woe wol dat Heit by him kaam te wenjen, mar dat woe de âlde yn de fierste fierte net. “Net by de bern yn” sei er en “Nea gjin ik by Kniliske wei” en Kniliske sei: “as Anders by my wei giet, dan bin ik gau dea”.
Mar wat moasten se doe,se wisten it net, mar lokkich wie er in goeie freon, ja dy wienen er yn dy tiid ek wol, en se hoefden er noch net foar te beteljen sa as no by de bank. Goeie ried is djoer. Wy witte der alles fan.

Dy sei, as jimme no earst es te boaskjen gean en dernei yn it earmhûs, wer man en frou altiden by inoar bliuwe meie, wylst oars de mannen en froulju ôfsûnderlik op ûnderskate sealen ôfsûndere wurde.
Dat wie de oplossing !!! Sa soe it dan mar.

Beide âldsjes wienen ienfâldich, âlderwetsk, mar tige himmel yn ‘e klean, de man hie gouden rinkjes yn de earen, dy hy op 16 jierrige âldens keape hie, en sulveren gaspen op syn lege skuon.

Syn 85 jierrige breid wie hielendal yn ‘t swart mei in sulveren earizer en in floddermûtse op ‘e holle, dy sa wit wie as snie. Se hiem heal goed wosken, dat wie wol te sjen.

De gewoante wie dat de breidspearen earst yn de wachtromte kamen, mar dit grize breidspear mocht daliks yn de trouseal komme troch de goedwilligens fan de boargemaster, by de waarme kachel, wer ek in kranteman oanwêzich wie om in lyts petear mei harren te ha. Beiden waard in kopke kofje oanbean, werfoar de brêgeman fan ôf seach, mar dat troch de breid tankber oannam waard. De brêgeman hie wol in fraach, oft hy yn de trouseal wol smoke mocht en doe him sein waard dat dit einliks net mocht waard er dizze kear in útsûndering foar him makke. Hy stuts in sigaar op mei de wurden: “Dy ha ik leaver dan kofje”.
Op de fraach werom er sa rûngear ron antwurde hy: “Fan it swiere arbeidzjen mynhear ! Ik ha jierren yn. ‘e polders arbeide, yn Fryslân, yn Grinslân en yn Oerisel en doe er gjin polderwurk mear wie, ha ik altyd t swierste wurk yn ‘e feanderij en by de boer dien. Dêrom bin ik no sa krom. “

Ek de breid kaam oan bod en op de fraach wat sy altyd dien hie sei se: “ Doe ús heit en mem wei rekken ha ik earst altyd as faam by de boer tsjinne en nei dy tiid as húshâldster”.
(En rekkenje mar dat yn dy tiid in swier berôp wie sûnder waskmasine en stofsûger.)

De boargemaster kaam as amtner fan de Boargertsjinst mei twa tsjûgen er yn. De âldsjes moasten no foar de boargemaster yn de oanwiisde stuollen plak nimme. Hy lies de foarskriften fan it boargerlike wetboek foar omtrint it houlik en de plichten fan wjerskanten as man en frou om inoar te steunen en by te stean .No, dat dienen se al jierren, dat wie niks nijs.
Doe se op de fraach, of se beloofden oan de ferplichtingen by de wet foarskreaun te foldwaan antwurden se mei in folmûnich”: “Ja”.

Dernei moasten se tekenje, mar dat wie foar Andries wol in lytse swierrichheid. Hy sei “Ik kin net skriuwe, want ik bin nea op skoalle west” . Och heden, dat wie wat. Der moast in oplossing foar fûn wurde .
Se sille it wol my in krúske oplost ha tink ik , de skiednis fertelt it net. By oanname fan de famyljenamme yn 1811 wienen er ferskate minsken dy harren namme net skriuwe koenen en dy setten dan ek in krúske.

Mar by de breid,”Korneliske, wie dat oars, parmantich sette se har bril op en skriuw dúdlik en netsjes har namme folút. “Korneliske Thijsses de Kleine “. Hja glimke, dat wie klear teminste.

Dernei die de boargemaster dúdlik syn best en op bysûndere hertelike wize rjochte hy it wurd ta de beiden sadat se tige ûnder de yndruk wienen fan syn wurden.
Dermei wie de plechtichheid ôfrûn en it echtpear stapte no nei it earmhûs, wer se troch de direkteur en syn frou rjocht hertlik waarden ûntfongen, om der it jûnsskoft fan harren libben fjirder troch te bringen.

Nei in oantal dagen kaam in dokter om ris te sjen hoe it mei de âlde minsken wie en murk dat de man frij wat dôf wie . Dêr wie wol wat oan te dwaan, hy hat him behannele en Andries krige syn gehoar hielendal werom. Miskien hat er de earen wol fol hân en binne se útspuite wurden, wa sil it sizze. Yn elts gefal wie er tige bliid en sei: “Ik hie nea tocht, dat ik op myn âlde dei noch sa goed heare soe, no hoecht Knilske ek net sa lûd te roppen as wy oan ‘t praten binne. Dat is foar ús beiden in stik bûter yn ‘e brij”.

De feroaring hat wol it ien en oare teweibrocht want in meart 1902 wurden beide siik, foaral Andries moast tige hoastje en leit de hiele dei op bêd, wylst syn frou es neist him lei, dan wêr neist him siet. Men seit ek wol es:” Men moat âlde beamen net ferplantsje”, mar ja it koe net oars. Se ha it beiden wêr opret, mar lang ha se dêr net west, Korneliske Thijses de Kleine stoar ( nei trije jier) op 08.03.1905 en Andries Thijses Zwart folge syn frou nei har grêf op 31.10.1905. Sa wienen se beiden wêr ferienige, se koenen dôchs net sûnder elkoar.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-27.jpg

© Henk F. Hansma
Himrik