Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Jubbega » Jubbega - Reboelje

Jubbega - Reboelje yn ‘e Compagnije

Sla him dea!!!!, Helje him út de hûs!!!! Meitsje him boargemaster!!!! Kom es nei bûten, dan sille we mei dy ôfweve !!! Geraas en getier wie net fan de loft der foar it hûs fan de master Uilke Bosma. De doarpelingen fan Jobbegea flokten en tierden fan komsa. Wol hûndert manlju, froulju en bern wienen op ‘n paad by de Kustwei.

De houten skutting foar de wenning waard deltrape, in jûchhei stige op, doe it hekje der út raamd waard . Del mei it spul raasde immen, goai de rúten der út!!! Wy sille him leare dy hûnekop .... De stiennen fleagen troch de loft. It iene nei de oare rút sneuvele. De master siet ferskoalle efter de sydmuorre yn ‘e hûs. Benaud foar it geweld fan de doarpsgenoaten. Sa hie er se noch nea meimakke. Hy fage it swit fan de foarholle en syn hannen trillen deroer. Wat hie er misdien? Wat hie harren sa lilk makke, dat se sa tekear gienen tsjin him. It koe net oan it ûnderwyls lizze, hy hie altyd alle lof krige foar syn lesjaan en koe tige goed mei de âlders oerwei. Wat wie dit dôchs ?.... Hy kaam net nei bûten, hy soe wol wizer wêze, miskien setten se him wol yn de tarretonne en dan yn fearren berôlje. Dat hie er wol ris lêzen yn ‘e boeken. Nee, hy kaam net....

Syn buorman Bergsma, dy it net fertroude doe er yn de fierte de massa minsken oankommen seach hie hastich syn soan nei de ryksfjildwachter J.v.d. Laan stjoerd dy trijekwart oere rinnen fjirder wenne. Hymjend fan it hurde rinnen brocht er de boadskip fan syn heit oer. Jo moatte daliks komme !! Se túge him ôf, miskien meitsje se him ek wol dea ...snokte er. De polysje wie beret en liet direkt syn kollega gemeentefjildwachter J.v.d. Burg by him komme en beiden setten sokken nei it plak fan de reboelje.

It wie krapoan kertier foar tsienen doe se der oankamen. It trelit wie noch stees geande en mei muoite baanden se harren in wei troch de kloft minsken dy, foar in part foar it hûs en foar in part yn de tún stienen fan it mastershûs. Se seagen noch krekt hoe twa famkes Tryntsje en Anke in stien nei it hûs goaiden. De iene gie troch it foarút en de oare troch it sydfinster oan de eastkant. Op ‘e die betrape!!! . O jee, dat kaam net goed !! De hiele keppel minsken krige it yn de gaten, dat it no foar tinken waard en luts harren stadichoan werom.
(Dat soe no net kinne, twa polysjes tsjin in brut minsken fan hûndert man. Blykber hienen se dôchs wat mear ûntsach foar de oerheid. Hoe soe dat no sa kommen wêze, tinke jo ?)

De hânhâlders fan it gesach beseagen de ravaazje en konstatearen dat fan de tweintich rúten yn de wenning er njoggentjin kapot wienen. Ien raam wie alhiel kapot trape, boppedat wie fan in oar raam de spilen derút. In sigerige boel dus. Deksel noch ta, de glêsmakker krige wol wurk, mar wa moast dit betelje ? En dan noch de freding foar it hûs. Ferwâlde en fernielt !! Ferskate persoanen waarden ynrekkene, ek de twa fammen, want de famylje Bergsma hie alles waarnommen en op harren oanwizingen koe de justysje de mannen foar it gerjocht daagje.

Wat wie no de oarsaak fan dit folksgerjocht?, want dat wie it!! No, master Uilke Bosma berne op 04.08.1879 yn Hoarnstersweach, dy by syn âlders wenne yn ‘e Knipe, wie master oan de skoalle yn Jobbegea en krige der kunde oan skoaljuffer Jantsje Kromhout berne op 28.07.1872 te Ketlik, dy der ek wurksum wie. En fan it iene kaam it oare, se rekken fereale en dan witte jo it wol. It draaide op spultsje dwaan en dernei op boaskjen út.

Se binne op 6 maart 1902 trout, in pear wiken fan te foaren dus. It houlik wie net tige lokkich. Nei in pear wiken wie de leafde oer!!. Er kaam ferwidering tusken dy twa. De blompotten fleagen miskien wol troch de keamer. Wa wit, de rúten wienen doe noch wol hiel, miskien ha se wol oare doelen rekke. Om koart te wêzen, Jantsje sil wol fuort rûn wêze. It kin gebeure soenen se no sizze, mar yn dy tiid net!!. De deksel, dat koe samar net!!!

Freonen en kunden waarden byelkoar roppen en namen it foar Jantsje op. Se wenne dôchs yn it doarp en har âlders ek. Hienen die miskien ynfloed op dit barren? It skynt dat Wietze S. in belangrike rol spile hat en wie hy wierskynlik de oanstichter ? Wie hy, dy mei syn hoarn it sein ta “sammeljen” joen hat? Hoe koe it oars wêze dat op it selde momint en de selde tiid safolle minsken byelkoar wienen? Dit wie ôfpraat spul.... Ek de kastlein Jan Neef moat net ûnkundich west wêze fan wat er barre soe. Der waard sels sein dat dizze in ekstra slokje offere hie foar it” appel” blaast waard. Je moasten je dôchs wat moed yndrinke no?

Wat de Rjochtbank fonnise op 19 juny 1902 wie lang net mislyk, foar de trije mannen (Jan, Romke en Wietze) trije moannen finzenis. De famkes waarden frij sprutsen.
Letter is yn heger berop de saak wer foarkaam. Mar sawol de mannen as de famkes ûntkenden alles en wisten fan neat. Sels beskuldigje se oaren derfan.

Ja, en of master Uilke en de juffer Jantsje it wer bylein ha ?? Ik wit it net, wol dat er 23.09.1902, goed 6 moanne nei harren houlik in famke berne is: Dorothea Bosma, neamt nei de Jantsje har mem Doetje Kort.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-26.jpg

© Henk F. Hansma
Himrik