Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Jubbega » Jubbega-Klaas Dyksma

Jubbega-Klaas Dyksma

Door: Jangerben Mulder.

Klaas Dyksma

Underdûker

“Help my, ik bin in in ûnderdûker, de plysje sit my nei”. Sa roppend kaam Klaas Dyksma út Jobbegea by de famylje De Jong oan de efterdoar. Yn 1947 waarden de Nederlânske jonges oproppen om tsjinst te nimmen yn it leger.Yn it foarmalige Ned-Indië wie Soekarno geande om Ynje te befrijden fan it Nederlânske juk.

De oproppene jongens waarden yn in fersnelde oplieding klearstoomd om yn Ned-Yndië de revolúsje de kop yn te drukken. Mar Klaas wegere om nij Ynje stjoerd te wurden en dûkte ûnder.
Klaas hie ferkearing mei Joukje de Vries, ek út Jobbegea en nei in dik jier ûnderdûken, waard besluten om mar te trouen. It gemeentehûs stie doedetiids oan it gemeenteplein de Oenemastate. Yn 1952 is Crackstate it gemeentehûs wurden en waard yn Oenemastate it belestingkantoar festige.

Dat er troue soe, hold fansels wol yn dat er him dan yn it hol fan de liuw jaan moast. De plysje soe grif op dat barren ôfkomme. Mar Klaas hie him der al in bytsje op tabered. In maat fan Klaas stie op de útsjoch en soe op it rút fan de trouseal klopje as der ûnrie wie. De trouplechtichheid wie noch oan de gong, doe’t syn maat al op it rút kloppe. Klaas skeat oerein en soe der fan troch. “Sitten bliuwe”, rôp syn heit, “earst troue , dan sjogge we wol wer”.
De heilige “Hermandad” hie trije speurnoazen opsteld, ien yn de hal en twa bûten bij de haadyngong. Hja tochten, lit dy trouerij earst mar ôfrûn wêze, dan pakke we him wol.

Mar it rûn oars. De nije brêgeman dy’t ferklearre hie dat se him net te pakken nimme soene, die in sprint nei de bûtedoar en in Fanny en in Slijkhuis ( Dat wiene doedetiids de snelste hurdrinners fan Nederlân) net ûnweardich draafde der yn eastelike rjochting nei It Mar. En hoe’t de plysjes ek runen, se hellen him net yn. Oan de westlike kant fan State Voormeer, wêr’t in rigele hûskes stiene, stowde hy in steechje yn en oer hagen en sketten belâne er by de efterdoar fan de famylje de Jong. “Help my”, rôp er, “de plysje sit efter my oan, ik bin ûnderdûker”. De Jong, in antimilitairist, wie direkt beret en liet him de trep nei boppe oprinne en sa koe der weikrûpe op de fliering. De plysje hat noch wol in poas oan it sykjen west , mar doe waard oannaam dat er miskien yn it bosk efter State Voormeer weiwurden wie.

De buert fan de famylje de Jong hie der gjin weet fan. Mar goed ek, want it wie fansels wol strafber om ien te ûntlûken oan de rjuchterlike macht.  By “Belangen van het Meer” hiene se der neat fan yn’t argyf. Mar Feito van der Wal, in meiwurker, hie’t fan tichtby meimakke, hy siet doe op de Mulo en stie wol gauris nei in trouery te sjen. Doe wie der ynienen in grutte konsternaasje, der wie ien útnaaid en de plysje siet efter him oan. Letter op de jûn is Klaas nei syn skoanâlden oan de Jobswyk flecht, wêr’t er nachts yn de kelder efter in sket, wat foar de earpels stie, slept hat.
Klaas hat syn hiele libben kontakt holden mei de famylje de Jong. Klaas hat ek noch by Hessels oan de Schepersreed yn Jobbegea ûnderdûkt west.

It wie fansels in spannende tiid. Joukje, dy’t yn ferwachting rekke wie, trune Klaas oan om him mar oan te jaan, hja koe dy spanning hast net mear oan. De plysje hat him op it lêst te pakken krigen, doe’t er oan it melken wie oan de Skoatterlânske dyk yn Skuorregea. Hij is doe earst noch by syn heit del west om te sizzen dat er mei gong. Hy is doe transportearre nei Bankenbosch yn Feanhuzen. Dêr hat er sitten fan 26 novimber 1952 oant 4 jannewaris 1953. Hy hat ek noch yn Bergen op Zoom sitten. Dochter Joke, doe 4 jier, kin it har noch herinnerje dat se mei mem en in freon, Jan Kalsbeek dêr hinne mei de trein op besyk west hat.
Yn de Hepkema stie in poaske letter dit gedicht.

Toch getrouwd

Jansen was een jonge kerel,
Woonde in de Compagnie,
Jansen was een bijdehandje
Werken kon die man voor drie,
Maar toen hij zijn land moest dienen,
Zoals elke jonge man,
Dacht hij, dit is niets voor Jansen
Nee, daar komt bij mij niets van.

Dra ging Jansen onderduiken
En dat ging, tot in het lest
Jansen ook wel wilde trouwen,
Want hij dacht, dat kan toch best.
Aan ’t gemeentehuis gekomen,
Met zijn bruidje aan zijn zij,
Zag toen Jansen daar twee heren
En hij dacht: ik ben er bij.

Ja, hoe moet dit mij gelukken,
Dat ik aan die dans ontsnap,
‘k Wil het aanstonds toch proberen,
Misschien, dat ik het hem lap.
Na de plechtige formule Voor de burgerlijke stand
Moest hij nog het jawoord geven
En hij zette vlug zijn hand.
Wel getrouwd, zo dacht nu Jansen,
En daar alles op gezet,
Viert nu toch mijn lieve bruidje
Zonder mij de bruilofts pret.
Toen, terwijl de bruid gebogen
Tekende als Jansens vrouw,
Nam de bruidegom de benen
En dat deed hij haastig gauw.

Toen het bruidje door familie
Met gelukwens werd vereerd
En naar bruidegom ging kijken,
Had vriend Jansen ‘m al gesmeerd.
Spoedig merkte Hermandad nu:
Jansen heeft ons hier gefopt,
Bruid en bruiloftsgasten zeiden:
Ja, mijne heren, ja, dat klopt.

Nu begon men wild te rennen,
’t Leek een film wel uit Wild-West
Want die Jansen, die kon lopen
Beter, vlugger, dan de rest.
Zo kreeg hij een kleine voorsprong,
Maar toen kwamen z’ op de fiets
Hem zo snel nog meer belagen,
Dat hij dacht: “Het geeft mij niets!”

“Help mij, help toch!” schreeuwde hij
d’ Achtervolgers riepen: ”Sta!”
“Help!” zo schreeuwde Jansen luider,
“Help, men zit mij achterna”.
Na een vlugge sprong in ’t steegje
Over ’n schutting, ’n muur van steen
Sloop toen Jansen door de tuinen
Als een muisje……. en verdween.

Heerenveen. L.H.H.

Spitichgenôch bin ik der net efter kaam , wa’t efter L.H.H.Skûl gie.

Fierder hat it noch yn ferskate kranten stien, dêr’t je wol út priuwe koene dat hja op de hân fan Klaas wiene.

Mei tank oan Joke en Sietske dy’t ek meiwurke ha oan dit ferhaal .