Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Jubbega-Oudehorne-Jan Hut

Jubbega-Oudehorne-Jan Hut

Het ware verhaal over Jan Hut.


It Rôversnêst yn ‘e Kompenije

Âldhoarne, desimber 1802

Skiednis

It wie yn ‘e tiid fan de Bataafsche Republyk (1795 – 1806) . De patriotten hienen mei help fan de Frânsen ûnder lieding fan generaal Pichegru ( ja krekt, “mei de beentjes in de sjú”) de stedhâlder Willem V de see ynjage nei Ingelân ta. Hy hoegde noch krekt net te swimmen, in fiskersboat hat him mei syn frou, prinses Wilhelmina fan Prusen, dy troch deselde patriotten (faderlanders) by Goejanverwellesluis op 28 juny 1787 út de sjees lutsen ward doe se help helje soe, hinne brocht.
De Reginten yn Den Haag koenen yn dizze tiid it mar net iens wurde hoe se de “demokrasy” ûnder Frânsk bewint útfiere moasten, sadat it yn it lân net sa goed gie mei de grutte skuldelêst fan it Regear.

De iene pakte de hammer fan de oare ôf en sei: “No bin ik de baas” Nee, sei de oare: “Lit dat, ik bin de baas”. Je woenen allegearre wol baas wêze, en ja dat giet no ienkear net, dan wurd it wie wol in rommeltsje by it Regear. Se kreauden as lytse bern. Napoleon Bonaparte hat se letter yn 1806 dan mar syn broer Lodewijk Napoleon as Kening stjoert. Doe wie “hammer ôfpakken” teminsten út. Dat wie in goeie fint, mar hy hie wat noedlikheden mei de taal. Hy sei: “Iek ben uw konijn”. No, dan hie er Anne Booi út Jobbegea net tsjin komme moatten. Dy hie er foart ynbaarnd, hy wie jager. Dat hat syn frou Hiltsje ek meimakke, dy hat er al es in kear hast es fan it húske ôfsketten. Mar goed dat dy siet, en net stie te pisjen. It húskeraamke moast nij glês yn. Anne hat in nacht by de hûn yn ‘e keamer sliepe moatten.

Mar dat teside, it wie ekonomysk net sa’n beste tiid. Earmoed en ellinde. Foaral de hannel lei op ‘e rêch. Mar de lânbou hie bêste tiden, doe wie der noch gjin subsydzje nedich. Miskien waard er doe produsearre nei fraach. No libbet al in heal soad fan dat folk fan subsydzje en wa it meast raast kriget blykber ek it meast. Sa, no witte wy yn hokker tiid, dizze skiednis spilet.

Jan Hindriks

Mar yn ‘e Kompenije hienen se der gjin weet fan, der tochten se allinne mar hoe komme wy oan iten. De feanderij liet it ek sitte. Der wie ek gjin wurk yn troch ferskillende omstannichheden. De Eilewyk, de Twadde slûs en de Rúterspôlle, it wie alderbenaudst sa min as de minsken it der hienen.

Jan Hindriks syn wyfke, Geeske Matijssen, mei wa hy op 29.10.1797 yn Jobbegea Skuorregea yn it tsjerkje (wer no elts jier in boekemerke is, 1 euro it stik) boaske wie , hie stellen en dat wie net sa goed ôfrûn. Se hienen har betrape en festset yn Ljouwert. Minne tiden doe, tsjinwurdich litte se je gewoan mar rinne mei in boete want it is blykber lang sa slim net mear as doe. Jan wie mar mei syn soantsje fan hast twa jier by syn heit Hindrik Jans ynlutsen. Dy wenne heechst wierskynlik tsjinoer de Rúterswyk wat no de Rosenbergswyk hjit, oer de Skoaterlânse Kompanjonsfeart. It hearde doe by it doarp Âldhoarne.

Hindrik Jans wie al 69 jier en wenne allinne. Jan Hindriks wie 28 jier en ien fan de san bern dy Hindrik by twa froulju krigen hie. Hiel wierskynlik wie hy it twadde bern fan Hindrik en Janke Reinders. Hindrik syn oare frou wie Janke Bartels. De oare bern Jeltsje, Klaske, Jacobje,Reinder, Barteld, en Barteltje wienen it hûs al út en de measten ek al trout. Sommige bern fan Klaske, Barteld en Barteltje ha ûnderlinge ek wer mei elkoar boaske. It koe yn dy tiid wol. It moast wat yn de famylje bliuwe no. Je moatte it famyljekapitaal net ferspriede.

De Frjemdling

Op 27 desimber stapt in frjemdling mei in jonkje de keet fan Jan Hindriks yn. De minsken binne gastfrij en freegje neat. Se prate wat en úteinlik komt de man mei syn boadskip. Hy wol mei Jan er op út te roovjen. Blykber is wol goed ynljochte oer him want oars wie er net by him kaam. De man, Jehannes Eabels hat in lamme hân en kin dearom net allinne der op út. Hy hat ûnderweis by Elslo by Siert Jans en Antsje Hindriks , dy al oer de sechtich jier binne, wat jenever en tabak kocht, en neffens him ha dy minsken wol wat te ferspikerjen. Hy wol der mei behelp fan wat oaren wol ynbrekke. Dat moat dan mar wurde! Jan Hindriks hat er wol earen nei en trommet wat freonen op . Mei syn fjouweren gean se der op út.

De rôftocht

De mannen sammelje by de tsjerke fan Nijeberkeap. Dan op nei Elslo, wer se om njoggen oere by it hûs fan Sierd Jans en Antsje Hindriks oan komme. Mar it ljocht is noch op by de buorren en dat is gjin geunstich teken. Dat se wachtsje ôf, mar it ljocht giet net út. Om tolve oere komme Sierd en syn frou thús, se ha by de buorren west. As er in dy tiid in radio west wie, dan hienen se it Wilhelmus heare kind, dat wie letter in gebrûk om tolve oere.
“Wat dúvel” seit Jehannes,” dat hienen we witte moatten dan hienen we er al lang yn west . No moatte wy ek noch wachtsje dat se op bêd lizze”. Se wachtsje mar in heal oere en slûpe nei it hûs ta.

Jehannes, de frjemdling besiket mei syn gongelstôk it raamke neist de doar iepen te wrikken. Dat slagget net . Dan de efterdoar mar, Jan Hindriks helpt efkes mar kriget de fingers tusken de doar. Hy flokt, want dat jokket net. Fan lilkens set er de skonk tsjin de muorre en trapet ta. Och hea, de stienen litte los, dy ha net botte fest sitten. Jan en twa man krûpe troch it gat dat se wat grutter makke ha en steane yn de efterkeamer. Mei in peal fan bûten wurd op de doar fan de wenkeamer huft om dy los te krijen.

Mei-iens gjint Sierd Jans te razen, dy is wekker wurden en tige benaud. Syn frou Antsje jammert mei in hege stimme mei. Der ha de mannen gjin ferlet fan sa midden yn de nacht. Se rame wat spullen út de efterkeamer en sette ôf. Jehannes slacht noch fluch in glês yn lead rútsje stikken út grimmitigens. It helpgerop wurd sêfter as se hymjend yn de nacht wei wurde. Betiid yn ‘e moarn binne se wer thús en ferdiele de bút. It is net folle, der hienen se net ein foar hoeve te rinnen.

De twadde rôftocht.

De earste rôftocht wie net sa’n grut sukses wurden dat se besletten mar wer op stellerspaad te gean.

Matthijs Freerks fan de Eilewyk, Alle Harms en Reinder Karstens út Jobbegea ,Jehannes Ebels út Bodegraven en Jan Hindriks fan de Rúterspôlle. Mei syn fifen dizze kear.
Jehannes dy syn soantsje by him hie, hie in De Blesse oernachte by it herbergje fan Otto Nicolaas Collé (of Coulon). Dat lei wat iensum tusken Blesse en de mûne oan de Linde. Noflik foar de dievebinde.

Op 29 desimber tsien oere kamen se by elkoar by in dikke beam tusken Nijeholtpea en Finkegea.
Reinder Karstens gie foarút om jenever te heljen, dan kin er skoan sjen of er ek frjemd folk is. Hy komt werom en seit dat er neat is. Se meitsje de drank soldaat, dan doarre se ek wat better.
Midden yn de nacht sil it dan wêze, as it echtpear leit te sliepen.

Jan Hindriks hat in beitel meinaam en ek in stik izer foar it iepen brekken, hy sobbet noch op syn blauwe fingers dy tûkje noch stees. Mei it ark besykje se in gat in de muorre te meitsjen. Dat wol net, derom wurd de foardoar iepenbrutsen en oan de efterkant wer ôfsletten. De master dief Jehannes stekt twa eintsjes kjers oan mei in tondeldoaske sadat se wat sjen kinne. Ien giet op ferkenning út en rapportearret “Der leit in man te sliepen”, hy hat him snoarkjen heart . De keamersdoar wurd mei de beitel iepenbrutsen en dêr lizze beide âldsjes in de bedstee.

Dan giet it oan, mar ek tige skofterich. It giet sa need, dat Reinder Karstens en Jan Hindriks de âld man Otto sa knoeie dat er der by dea rekket. Hy wie al wat minnich en dan ek noch sa. Syn frou wurd neaken fan it bêd ropt, fest bint en der wurd har in lape oer it antlit smiten, sadat se neat sjen kin. Opnij wurd de beitel brûkt, de kasten wurde iepenbrutsen en alles er út helle. En dat is hiel wat. Fan sulveren bûshorloazje , sulveren gaspen, in bibel mei sulveren heaken, in brune tsjettel , iten en drank oant in nije hoed ta. Alles wurd meinomd. Sels de woarsten wurde út de skoarstien helle en yn de sekken triuwt dy se meinommen ha. Se sette ôf, en geane rjochting Kúnder, wer se efter in boskje de bút ferdiele. Let yn de nacht om fjouwer oere binne se wer op de Kompenije op ’e twadde slûs en wurd de rest fan de saken ferdielt en ûnderling ruile. By it ferdielen meitsje se sa’n lawaai yn de hut fan Jehannes Meiles, dat Gosse Oenes en syn frou dy der lâns komme alles heare en sjogge.

De frou fan Otto Nicolaas wit har in oere nei de oerfal foar in diel fan de touwen los te meitsjen en wit bakker Berend Jans of Koene Pit te warskôgjen, dy har helpe en fjirder de lêste knopen út de touwen helje. Gosse Oenes bringt de justysje op it spoar fan de dievebinde en kriget der 500 gounen foar ,wer hy in pear bisten foar keapet. (Hy past net sa bêst op, in pear jier letter wurd er sels foar stellen oppakt en ek opsletten.) Inkele rôvers wurde al op 4 jannewaris 1803 yn finzenis nommen.

Nei in fûle jacht wurd Alle Harms, ien fan de fiif mannen, fan 21 op 22 jannewaris1803 pakt. Hy moat tusken in muorre en in bult hea wei helle wurde troch de wapene mannen. Hy hat it tige benaud, want de mannen geane net sa sêft te wurk.

Oan de galge

Alle fjouwer mannen dy pakt binne wurde feroardielt “omme bij den scherprechter aan de galge gehangen, geworgd en alzo van het leven ter dood gebracht te worden” De fiifde man de frjemdling Jehannes Ebels, de oanstichter fan alles, is spoarleas, nimmen hat him wer sjoen. Hy is de deadedâns ûntsprong, lokkich foar him hie er net in lam fuotsje, oars hienen se him ek wol pakt.

Op de 5de february 1803 wurd it fonnis fan ien fan de mannen útfierd.

Yn Ljouwert op it Galgefjild is it smoardrok, it is er swart fan de minsken. Allegearre wol se sjen hoe it er om ‘e ta giet. It is echt in feestje, oeral komme se wei. De tinte mei poeiermolke stiet op ‘e hoeke en froulju ha it breidzjen meinomd want it lyk sil wol in dei hinge bliuwe “oaren ta foarbyld”. Wy kinne ús dat net sasear foarstelle, mar ik tink fêst dat, as it hjoed de dei wer sa barre soe, dat it wer swart wie fan de minsken op it fjild wie. It minskdom is echt neat better wurden. Mar wa wurdt er ophinge? It is Jan Hindriks of te wol Jan Hut , sa wurdt er ek wol neamt.

Hy hat dizze moarn ôfskied nomd fan syn frou dy ek yn it Blokhûs opsletten siet. Dernei hat er it galgemiel (sa as gebrûkelyk) krige en my de holle bûgd en deadsbleek geat er nei it skavot. Hy seit sêft tsjin de skerprjochter  “ik bin er klear foar” en “Ik bin skuldich, God wês my genedich”. Dan wurdt hy ophinge ta de dea dêr opfolget.  De oaren ha itselde lot dielt en binne ek ophinge. Yn dizze tiid wie it fêst net safier kaam, dêr hie de Bruorren Anker wol foar soarge. Mar dat is ferskil fan doe en no. En de tiid fan doe, mei sokke straffen, moatte we ek mar net wer ha, want dan wienen er aardich wat minsken minder en finzenissen foller. Mar ja, wat túntsjes skoffelje en rolstoel triuwe fan âlde minsken liket my ek gjin straf ta. Wurkje as straf ? Wurkje is dôchs gjin straf?

Neipetear

Jierren letter sit yn de keet te Kompenije âlde Hindriks Jans Hut mei de lytse pakesizzer Hindrik Jans op ‘e knibbel. Hy sjongt in ferske wylst de lytse jonge it út skattert fan wille: Hop Marjanneke, stroop in ‘t kanneke, laat de poppetjes dansen, eerst was de Pruis in ‘t land, en nu de kale Fransen. Het ferske wat sommige minsken no ek noch wol kinne, it komt dus út de tiid van de Bataafsche Repuliek, út de tiid fan Jan Hut. Mar it lytse jonkje Henkie sil net âld wurde, hy stjert op 5.02.1811 as soan fan Jan Hut op de leaftiid fan 9 jier. Wer de mem is wit ik net, of se werom kaam is? Miskien wol, miskien net. Er moatte ek riedsels bliuwe in ’t libben.  

Hindrik Jans Hut sil 18 desimber yn Mildaam as famyljenamme Van de Wijk oannimme en net syn oare namme Hut. Hy kin net skriuwe en set derom mar in krúske. Pake Hindrik stjert yn it jier 1817. Neffens Auke de Jong út Jobbegea Skuorregea binne sommige fan de neiteam fan Hindrik Jans Hut by it âlde tsjerkje op ‘t hof kam. Hy hat it my doedestiids oan wiest.

Jan Lint hat yn february 1803 in gedicht oer Jan Hut makke.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-9.jpg

© Henk Hansma
Hemrik