Jubbega

HANNE

JOBBEGEA.

De fyfde wyk, 8 july 1892.

Hjoed soe der komme, de man fan de krante dy har fan alles freegje soe. Earst hie hja der neat foar fielt, mar doe se troch krige, dat in ferhaal fan de earmoed faaks wol ferbettering bringe koe foar it bestean hjir yn Jobbegea by de wiken hie hja tastimd.

Je koenen dôchs nea witte, dat it Regear ek ris mei wat help oer de brêge komme soe, as dy hearden hoe it hjir om en ta gie. Alve jier ferlyn, dat wie yn 1881 wie hja en Wiebe nei de boargemaster ta west dy har yn it houlik ferbûn hie. De krekte datum wist se net út de holle, mar dat stie wol op it pompier dat se dér op it gritenijhûs hienen.

Hja hie foar dy tiid by in oantal boeren tsjinst dien, dat wie swier wurk west en oanpoatsjen, mar doe wie hja noch sterk en knap, dat Wiebe hie wol wat yn har sjoen en sy yn him. Wiebe wie in sterke jongfeint en net bang foar it wurk.

In keet yn Jobbegea

Hy hie twa hûndert roeden (28 are) ‘lân’ hiere kinnen , en der harren wenning op sette kind. No ja, lân wie eins heide west mei op de eftergrûn wat bosk. Mar goed, trije gûne hier it jier wie dôchs noch in hiele hap west. En sa wie mei sôden en wat peallen út de bosk in hutte bout, heal yn de grûn en heal der boppe, by de wyk. De wiken wienen groeven yn de tiid dat der wurk wie foar in soad arbeiders dy it heech fean hjir ôfgroeven foar de feanbazen dy der goudjild oan fertsjinnen hienen. Mar dat wie no oer, en de minsken hienen har der harren hûske setten en wienen wenjen bliuwen. Faaks gjin wurk en moasten op wat lytse putsjes nei, nei de bedieling ta, oars koenen se net rûn komme.

Lokkich hie Wiebe no wurk yn de haaiïnge, dat wie net sa fier ôf. Earder wie hy ek noch yn de ‘bak’ west mar dat wie yn it leechfean, en dat wie fierôf. Dan moast hy de drits út it wetter skeppe op de wâl en yn de bak lizze, en der waard it bewurke ta turf. Rot wurk fansels, mar der moast dôchs wat fertsjinne wurde foar de fyf bern dy der al gau kamen.

Foar it earste bern hie Hanne noch wol tate hân en dy wie fiks groeit, mar by de oaren waard it al stees minder. En no seagen se der mar wat earmetierich út. Min hienen se it net, mar yn de winter moasten dôchs noch wol wat fan de earmfâden ha, oars kamen se om.

5e wyk 2016

Der wie der al, de kranteman. Se liet him deryn. In man yn in kreas pak, in skrift en pinne yn de hân dy frjemd om him hinne seach en de hutte oerskôge.

Hanne liet him alles sjen en die it ferhaal fan harren wize fan libjen. De man wie tige benijd wat se no iten, salang de ierpels noch groeie moasten op it stikje omspitten heide dat troch wat stront bedonge wie. ‘Se krije roggebrea ‘sei Hanne,’ sjoch wol twa fingers grou’, hja die twa fingers op elkoar om sjen te litte wat dermei betsjutte. En it waarme iten bestie út kôke maismoal wol fan fiif sinten it pûn, en dat allinne om’t Wiebe no wurk hie.

‘En sliepe’ frege de man,’ wer sliepe de bern?’ Hanne seach ferbjustere, ‘No’ sei se’ op de grûn fansels, sjoch mar’ en hja wiisde nei de liemen flier wer de yndrukken noch te sjen wienen wer de bern leine. ‘Derre’ , mar yn de winter lizze se yn de rûchte fan de bosk en heide, mar dat kin no net, want de njirren binne yn de heide wylds se winter yn de grûn sitte, dan ha wy der gjin lêst fan.’
‘Mar no sil ik jo noch ris wat fertelle, dat de minsken eins net earlik binne.’ ‘No wie de mem fan de buorfrou stoarn, en fan de earmfâden soe dy beïerdige wurden. Se krige in deadshimd foar har en wat hat se dien?’ ‘No sis it mar ‘sei de krante man.

‘Hja hat it sels hâlden, sei Hanne en har âlde mem it fersliten himd oan dien. Is it net in skande om soks te dwaan?

San bist, sa beduvelje no de mannen fan de earmenfâdij.’ Dat soe ik nea dwaan, ik ha sels noch in tekken wei jûn oan dy en dy ( hja neamde namme) , dy it noch earmer hienen as wy’ Dy tekken hienen wy yn de winter de bern oer dien, mar dy hienen wy no net nedich.’ Se seach de kranteman grutsk oan, wachtsjen op in komplimint ,dat hja ek krige.
‘Mar der binne mear goede minsken hear’, sei se. ‘Ik sil jo nochris wat fertelle.’

Wiebe wie yn de Gordyk west, om by de feanbazen te freegjen as der ek wurk wie. Wylds hy der wie ,seach hy foar de winkel fan in lyts timmermansbaaske en bultsje stiennen lizzen.

Lofts fan de âlde beam moat de keet fan Hanne en Wiebe wierskynlik stien ha.

Dat wie oars krekt foar him, harren hutsje driget foaroer te sakjen en as hy dy keapje koe foar net al te folle dat koe hy dy moai brûke om de boel te skoarje.  Hy koe de man as in freonlik en goedwollend man dy foar de earmen faaks wat tasjitliker wie dan foar de riken.
‘Wat moat it kostje? ’ frege Wiebe. ‘Foar dy mar in bytsje’, hie de man sein.’ Foar 75 sinten kinst se wol krije.’ ‘Tanke wol ‘hie Wiebe sein, ‘dan kom ik se wol heljen’

Net dus, it duorre trije wiken, mar noch stees hie Wiebe de stiennen net helle, en doe Hanne de baas es tsjin kaam en tsjin him sein of dy asjeblyft de stiennen net ferkeapje woe, om dat Wiebe de 75 sinten hast net by elkoar krije koe. ‘No’, hie dy sein, ‘foar fyftich sinten koenen se de stiennen ek wol ha.’  No, dan koe it fest wol earder, mar noch kaam Wiebe net en doe hie de baas harren mar opsocht en hie Hanne him 42 sinten sjen litten, dy sy yn in lusifersdoaske opsparre hie.

Doe hy dat seach , naam de baas mei 25 sinten wol genoegen., en no leinen de stiennen tsjin de foargevel fan it hûs en hâlden de saak tsjin.’ Dat wie noch ris in goed minske ‘sei Hanne,’ sa moasten der folle mear wêze.’

De kranteman moast mar es sjen, en al bûgjend ronnen se troch de lege yngang nei bûten en hy seach oer de keale heideflakte. It wie in neare bedoening hjir yn en by dit krot oan de fyfde wyk. Ien fan de 19 wiken dy hjir yn Jobbegea wienen yn it jier 1892.

De kranteman naam ôfskied fan Hanne en seach yn bylden foar him al dat de berntsjes nei de glêzige ierpels griepen om dy op te iten sûnder fet of bûter. It byld fan de earme sân minsken yn in keet fan sôden, heal yn de grûn. In libben sûnder foarútsicht yn earmoed.

Hy soe der in moai stikje fan meitsje, foar de lêzers fan it blêd Hús en Hurd.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik