Hoornsterzwaag

Hertstocht en Rottekrûd.

De klinte fan Jan Achttien

Hoarnstersweach, oktober 1927.

Antsje en Jan

Se wie in hympen wyfke, meager, in lyts gesicht wêryn in pear felle eagen glinsteren. Mei har 28 jier noch in kreaze frou, al hie se mei har man al fjouwer bern ta dizze wrâld brocht. Oan har wie noch tige te sjen dat se yn har jonkheid in tsjeppe faam west wie. Antsje wie har namme en in fiks wyfke dy goed foar har berntsjes en hûs soarge, der wie neat mis mei.

Har man wie Jan J., boere-arbeider fan berop. Somtiden oan it wurk, mar sa no en dan ek wurkleas as er by de boer net te folle wurk wie. Efter syn hûs hie er in pink yn it hok. Yn de neiste omkriten wie hy degene dy it measte jild thús brocht. Derom wie er ek faak fier fan hûs, bygelyks wurke er by in boer yn Terherne, wat net neist de doar leit. Dertroch wie er faaks tiden fan hûs.

Beiden wennen se mei harren fjouwer bern oan de eastkant fan de 8ste wyk yn Hoarnstersweach. Ik bin er efkes lâns fytst op in moaie middei en by ferskillende wiken lâns hobbele. Úteinlik is de achtste wyk neffens my no de Dekemawei. It wie in earmoedige buert yn dy tiid, mei hjir en dêr ek noch in plaggehut. Harren hûs wie in kreas wâldspultsje mei in nochal lang efterhûs. De doar yn de sydkant fan it efterein wie wat heger yn it dak útsnien. Neist it spultsje mei de reade pânnen stienen in oantal appelbeamen, dy ryklik frucht droegen foar de nedige fitaminen ek yn de winter. Dy appels waarden dan op in âlde krante lein en faaks om de safolle tiid omlein om se goed te hâlden. No ha we ‘s winters bespuite appels, faaks út waarme lannen, dy kreas ferpakt yn de Supermerk lizze.

Ruerd

Of dat al lang geande west hat , dat lang fan hûs wezen fan har man, dat sil hast wol tink ik, mar Antsje krige nocht oan har buorman Ruerd, dy widner wie. Hy wie knobbich fan uterlik. Syn frou wie in pear jier yn it sikehûs yn ‘t Fean ferstoarn en hy wenne no by syn âlders yn mei syn seis jierrige dochterke.

En fan it iene kaam it oare, de 34 jierrige Ruerd krige ek nocht oan har, sadat de buert al gau int snotsje krige wat er him der ôfspile, “as de kat fan hûs is, stekt de mûs de sturt omheech” .....”
Dit duorre al tiden, mar Jan hie neat yn de gaten dat er mei hoarntsjes rûn. Syn freonen koenen it net langer oansjen en warskouwen him, mar Jan woe it net leauwe oant nei inkele moannen him de fluezen foar de eagen weisakken. In buorman hie him nochris warskôge en sein : “Moast es heare Jan, der komt in frjemde bok by dyn Kekke”. Dan moat ik har mar opslute int hok sei Jan kjel, wylst er nei syn geit seach, dy oant tsjoar stie. Mei dat er dat sei, krige er troch wat de buorman bedoelde. De deale, is it dôchs wier, dan moat dat ophâlde!!!! Sawol Antsje as Ruerd moasten mei it wetter foar de dokter. Antsje sei ta dat it út wêze soe en mei Ruerd hie Jan ek noch in appeltsje te skilen. Nea mocht dy wer yn hûs komme en sa wie dat.

De hagedoarn

In skoftsje gie it goed, mar lang koenen beide it net bankje en sochten se elkoar wer op. Mar it wie oppassen, Ruerd kaam net as Jan thús wie en Antsje hie er wat op útfûn. As Jan thús wie liet se de gerdinen iepen, sadat hy sjen koe dat er der wie. As Jan net thús wie ,die se de kleden ticht. Ek hienen in manier fûn om mei elkoar te kommunisearjen. Se skreaunen elkoar briefkes as se wat te sizzen hienen. Se ferstoppen beiden de briefkes yn in âlde hagedoarn dy oan it paad tusken de beide hûzen stie , yn in holte derfan. It wie de earste griene brievebus moat je mar tinke. Letter hat de P.T.T. dat nei-ape.

Mar beiden hienen wol troch, dat it sa net fjirder gean koe. Hoe no? Er wie mar ien wize, Jan moast opromme wurde. Mar hoe, der ha se lang oer neitocht. It plan waard besprutsen om him mar yn de sliep te fermoardzjen . As er op in nacht fest sliepte, soe Antsje Ruerd roppe en dizze soe him dan mei in skearmes de strôt út snije. Mar blykber is dat dôchs wat te grouwelik west en is it er net fan kommen.  Doe mar in oar plan, se soenen him mar ynsliepe litte, mar dan foar altyd.

Yn july is Ruerd nei de Gordyk ta gien, nei apoteek S.G. Zwart ,en hat der rottekrûd ophelle. Hy krige dat mei omdat er sei dat er syn hûn fan kant bringe woe. Dat barde wol faker yn dy tiid, dat wie gjin probleem doe. Hy krige in pakje mei fan 300 miligram. Mar ek dizze kear gie it net troch. Se krige spyt en brocht it plan net ta útfier. Har buorfrou, dy hja fertroude fertelde se dat se noch hieltiten sljocht wie op Ruerd en die hat har der noch ris op ûnderhâlden. Se sei: “ik kin my net begripe, datst sa’n leven lije kinst, do hast sa’n bêste man en hoe kinst dy no foar Ruerd yn ‘e steek litte? “. Antsje joech wol ta, dat it net goed wie wat se die, mar sei: “Do wist net heal hoe’n flinke aardige fint it is “

Boppedat hie Ruerd har in libben mei him heal moai foarspegele. Se soe hûndert gûne krije as Jan er net mear wie en hysels hie in ko en dan koenen se mei de pinke die se sels hie in buorkerij begjinne en mear fee keapje, sadat Ruerd altyd thús wêze koe by har.

Rottekrûd

Wer wie it ferlangjen te grut, en wer gie Ruerd nei de Gordyk om rottefergif. No om de rotten in kopke lytser te meitsjen. Dat wie moarns moandei 1 oktober 1927 en hy stoppe it yn holte fan de beam, wer Antsje it wer út helle.

Dy jûns kaam har man Jan thús, warich en roppich . Se hie in brochje mei bûter makke en in fjirde fan it pakje rottefergif er opsmart. Jan eat it mei smaak op en wurch as er wie is er bêd gien en ynslept, mar net foargoed. Wie dat wol sa west, dan soe Ruerd komme en him oan in ein tou ophingje sadat it like as hie Jan him sels fan it libben benaam, of him dôchs noch de hals troch te snijen . Mar dat feest gie net troch. Tiisdei moarns, de dei derop, wie Jan noch in libben mar wol tige mislik, hy is doch nei it wurk gien mei syn ark. Al gau kaam er werom. It wie skite en spuie tagelyks, sels op it hiem koarre hy as in ielreager.

Antsje hie besite fan in buorfrou en se seach har man wer thús kommen en sei “Der komt Jan , dy leave stumper, al wer oan. Hy is lang net goed, hy kin fest net arbeidzje”. En syn Jan: “hoe is it ju, kinst net?” Al sa beroerd is er opnij op bêd gien, mar it woe net oergean. Fansels net. De woansdei 13.10.1927 hat Antsje dôchs mar de dokter F. fan Brussel komme litten, mar dy koe neat fine. Dizze hat de behanneling oerdroegen oan dokter Donker út Jobbegea, dy him sei it bêd te hâlden. Dat hat er doe mar dien. It waard in dei fan skite, stjonke en rare gelûden meitsje, dat Antsje die de bern safolle mooglik de doar út. Njonkelytsen ward Jan wer wat better, mar de mage dy him noch wol sear, mar dea gie er net.

De brief

Sneontejûn 16.10.1927 wie Ruerd efkes te jûnpraten by Jan Achttien, dy net fierôf yn in spithutte wenne. Syn frou Dieuwke Klijnstra hie opmurken, dat Ruerd in brief yn ‘e bûse hie, dy der wat fier út hinge. Mar fjirder hie se der ek gjin oantinken oan jûn. Doe se oare deis de flier oant it feien wie seach se dat har trije jierrige dochterke in stik papier yn ‘e hannen hie dy mei poatlead beskreun wie. It wie in briefke rjochte oan Ruerd en skreaun op ynfol formulier fan de Ried fan Arbeid rjochte oan Jan J. en ûndertekene troch Antsje.
De hierren riisden har oerein doe se dizze brief lies. Mei útsûndering fan wat yntieme details stie der:

“Leave Ruerd

De tsiis hat my lekker smakke en jo skriuwe, dat it no foar it earst wer út is. No, dat spyt my, want ik ferlang er sa nei jo, myn skat. En dat de fijân wer wat kriget, dat is sa net, leave .Wy ha nei de dokter west en dy sei, myn skat, wat hy ieten hat. Ik wie al angstich, mar hy hat er neat fan makke. Hy sei fan op bêd bliuwe en de dokter komt sneon wer, leave. Wie hy mar dea. Dat hie ik leaver, myn skat. Mar as er moarnjûn op bêd leit, klopje dan mar efkes op it glês, dan kom ik er út, dan kin ik noch efkes mei jo prate, myn leave Ruerd. Wat ha ik in langstme nei jo en as hy wer wat better wurd, dan kin hy de folgende wike nei de Petten ( by Boarnburgum) Mar dat hoopje ik net. Myn winske is: gean mar dea. Mar dan kin jo wol in dei by my komme, as hy wer nei syn wurk giet.
Mar, myn skat, soenen jo, moarnjûn ek in gûne foar my ha? Ik ha gjin sint mear; as hy wer wurket, sil ik it jo fuort wer jaan. Myn skat, ik sit er raar by. Mar as jo it net ha, kin ik er ek niks oan dwaan. Derom hoopje ik, dat jo moarnjûn dôchs wol komme, teminsten as Jan op bêd leit. Dat kin jo dan wol sjen.
En as jo wat foar my ha, dan woe ik graach, dat jo it yn de beam dogge en in briefke der by, hoe en wat. Oars wit ik fan neat, myn leafste. Hat dyn heit it sjoen, dat ik jo de wink joech, myn skat? No kin ik neat mear skriuwe, myn leafste. In tút fan my

Jo leafhawwende Antsje”

Yn finzenis

Mei de oare buorren waard de brief lêzen en nochris lêzen. Jan Achttien en de oaren beslutten it doe mar nei de polysje te bringen. It ie wol dúdlik, dat it leafdespear besocht hie Jan om it libben te bringen. Dit wie in misdied, dit koe net troch de bûgel.
Moandei jûn wie de polysje by de frou foar ûndersyk, en tiisdei de 19 oktober kam Ruerd iere betiid te hearren wat de polysje by harren moast. In pear oeren letter waard hy , noch yn blauwe kile en de klompen oan, in finzenis nommen. It gie nei ‘t Fean ta.
Woansdei de 20 oktober is ek Antsje ophelle en ûnder triennen moast se bern en man ferlitte en beiden binnen nei Ljouwert oerbrocht.

It ûndersyk

Dat hie heal wat fuotten yn de earde. Der moast tige wat útsocht wurde. Werom wie Jan de pyp net útgien mei safolle gif ? Deskundigen kamen en gienen nei de rjochtseal. De polysje hie wat spui fan it hiem yn in pûdsje dien en ûndersykje litten. Der siet wol 185 miligram arsenikum yn . No en fan 100 oant 150 miligram leinen je echt wol te spinfuotsjen en koe de kloklieder Douwe wol oproppen wurde.
Wierskynlik wie it net syn tiid west, seinen sommige minsken. Oare deskundigen tochten mear dat de omstannichheden sa as bôle mei bûter, it skiten en spuien die it gif lokkich krekt net deadlik makke hie.

It ferhear

No de kniper op de skine kaam wie it leafdespear net mear sa iensgesind. Se wienen tige oant lekskoaien en joegen elkoar de skuld. Sels yn it ferhear sprieken se elkoar tsjin en ûntkenden se wat al lang bekend wie en wat se sels al festlein hienen.
De ferklearring fan frou Achttien, wer Antsje wol goed mei koe, wjerspruts se dat se tsjin har sein hie dat se wol woe dat har man de dea wie. Úteinlik bekenden beiden, der wie dôchs gjin ûntkennen mear oan.

De offisier fan Justysje frege foar beide 10 jier finzenis fanwegens besykjen ta moard.

Yn die tiid kaam it wol faker foar dat men probearre ien om te bringen troch se fergif te jaan. Dizze saak krige  nochal wat oandacht troch dat it yn in doarp pleats fûn. Hoe it mei Antsje en Jan ôfrûn is? It houlik is op 11.04.1929 losmakke yn Ljouwert troch de rjochtbank.

Jan is trout mei Trijntje Zwier op 15.11.1917. en Ruurd hat 8 jier krige en is nei 10 jier dôchs trout mei syn Antsje dy doe frij kaam en hat fjirder as skuonmakker, in fak dat er yn de finzenis leart hat, mei syn gesin in oppassend libben leit., der wie neat op oan te merken. Se wennen doe yn Langsweagen.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-22.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik