Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Hemrik » Voormalige korenmolen op Sparjebird uit 1884

Voormalige korenmolen op Sparjebird uit 1884

De mûne fan Sparjeburd

It is al hast 25 jier lyn dat Hâns de Jong út de Gordyk oer de mûne yn De Himrik in stikje skriuwen hat. Foar de nije ynwenners yn De Himrik is dit wierskynlyk net sa bekend.
Derom sil ik probearje dit stikje skiednis wer it ljocht sjen te litten.

Barteld

It wie de 34 jierrige Barteld Joukes de Vries die dizze eardere wettermûne opnij opboude yn Sparjeburd yn it jier 1884. Dat is al efkes lyn, doe moast alles noch mei wyn yn wurking set wurde. It wie in tige nuttige útfining west om al de enerzjy goedkeap troch de wyn dwaan te litten. Yn elts gefal wienen der doe gjin grutte ynstjoerde stikken en demonstraasjes tsjin it bouwen fan wynmûnen sa as no.

Hy koe der oan de ferhurde grintwei fan Wenjeterp nei de Himrik in stik heide keapje fan twa hektare (bunder)

Der soe it pleats fine. De jongeman wie in boeresoan út Nijeberkeap en wie al moolnersfeint west yn syn berteplak. Miskien ek wol moolder, dat witte wy net krekt. Hjir op eigen grûn , miskien wol mei helpe fan de rike feanters famylje Van der Sluis út De Himrik, doar hy it oan in eigen nôtmolerij te begjinnen.  It wie in twadde hâns mûne dy earst tsjinst dien hie yn Oerisel. In saneamde ‘ belt-meule’, die op gedieltelyk yn en op in ‘berch’(bult) stie. De yngang wie, sa kinne wy sjen op de foto, wie yn de ‘berch’

De mealderij klanten kamen foaral út Wijnjeterp, Himrik en Duerswâld.  Mar it wie yn drok baaske, bûten de mealderij wie hy ek noch grutter, boer en hie in houthandel. Der binne tiden west, dat hy wol tweintich minsken yn tsjinst hie. Op it lêst hie hy wol tritich hektare grûn yn besit.
It gie wol tige goed mei de hannel.

1903

1918

1925

1928

1941

Yn 1906 rjochte hy mei in pear meistanners (wêrûnder dokter I. W. de Vries) de boerelienbank op yn Wijnjeterp. Blykber wie yn it jier 1898 it ek al es besocht, mar doe net slagge.

Njoggen jier hat er der bestjoerslid west, en hat doe betanke.

Yn de jierren nei 1920 kamen syn soannen yn de saak en dy seagen dat de tiden begonnen te feroarjen en dat er oerskeakele wurde moast op motorkreft. Dat wie in diselmotor die de stroom meitsje moast om de mealderij oan de gong te hâlden.

De wjukken gienen der ôf yn 1923, die wienen net mear nedich en de romp bliuw stean oant juny 1937. Yn dy tusken tiid waard de romp brûkt as opslach en oare besichheden sa as it meitsjen fan stikkene sekken.  By it ôfbrekken fan de mole fûn men efter it plakkaat ‘ VERBODEN TE ROKEN’ in briefkje mei in gedichtsje:

‘Door Gods bestaan en mensenkracht wordt hier het graan tot stof gebracht’.

Hat Barteld dat skriuwen? Wy witte it net, mar it soe samar kinne tink ik. Barteld is stoarn op 09.02.1941. Nei it ôfbrekken binne de twa molestienen by de yngong fan it yn 1943 troch de CAF oernommen mealderij brocht en der binne se ta 1989 oan wjerskanten lizzen bleaun.

Buorman Rintsje Klazes Zijlstra hat in gedichtsje makke oer it ôfbrekken fan de mûne en set yn de Hepkemakrante fan 16.06.1937.
Dat wol ik jo net ûnthâlde:


It lêste wird

Sûnt 1884 wier myn plak
Op ‘t âlde Sparjebird.
En nou bin ‘k slein ta pûn en wrak;
Wier dat net wreed en hird?
Ja, tiidgeast fen ‘e nije trant,
Ik hie gjin achting mear...,
En dêrom moast ik oan ‘e kant:
‘t Wier skande , kear op kear!
Earst binn’ de wjukken my ûntnomd;
Sa bleau ik neaken stean;
Myn warber lûd wier do forstomd;
Ik koe gjin slach mear gean!
De motor lake do mei spot.
En die myn wirk foartoan,
Mar, freegje ik yn myn delsleind lot,
Hwa fiert ynou noch de Kroan?....
De motor is wat mânsk, da’s wier,
Dy eare jow ‘k hjar nei.
Mar yn myn tiid wier elk yn ‘t spier,
En ho is ‘t hjoed de dei?


1920


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-21.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik