Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Hemrik » Molkfarre nei ‘De Nijverheid’

Molkfarre nei ‘De Nijverheid’

Oer de Suvelfabryk ‘De Nijverheid’yn De Himrik ha ik al ris skreaun.
It ûntstean fan út de sûkerei fabryk út 1874 troch de famylje Suardus Piers van der Slús en it sluten fan de fabryk yn it jier 1935.
By stimming op 09.02.1935 wie san 83% foar gearwurking mei de suvelfabryk yn Terwispel en dat gie doe oan.

Mar hoe kaam de molke dêr by de fabryk en wa wienen de minsken dy dat dôchs swiere berop útfierden?
Lokkich is dêr wol wat fan bewarre bleaun.

De hear Gosse van den Bos út De Himrik hie yn syn samling ferskate foto’s fan dat ferfier fan de molkbussen.

 

 

Hillebrand en Gosse van den Bos
(Foto Annie Jonker Jobbegea)

De boeren dy net by de feart wennen lieten har molke ophelje troch de molk opheller dy mei hynder en wein ried wylds de boeren dy by de feart wennen en op de wiken dat mei de boatfarders dienen.

Ja, dat sil ek wol net oars kennen ha, de molkbussen koenen net oer de smelle paadsjes en bardsjes by de feart lâns.

Yn it jier 1931 wienen de farders neffens de list dy bewarre bleaun is:

S. de Graaf

Himrik - slús

f.   7,00  yn de wike

2 x farre

f.   6,00     "       "

1 x farre

J. Nieuwland

Himrik - feart

f. 10,00     “      "

2 x farre

f.   9,00     "      "

1 x farre

J. de Graaf

Lippenhúzen - feart

f. 25,00     "      "

+ slúsjild

J. Jansma

Himrik - Bûtewei

f. 16,00     "      "

-

J. Aans

Poasen

f. 19,44     "      "

-

IJ. v..d. Veen

Lippenhuzen - wei

f. 20,00     "      "

-

G.v.d. Sloep

Lippenhuzen - Bûtewei

f. 21,00     "      "

-

Yn dat jier wienen by de fabryk bûten de molk ophellers san 18 minsken yn tsjinst en dat wie foar it doarpke De Himrik in hele protte dy dêr wurk hienen.
Op de direkteur nei fertsjinne de 1e tsiismakker (R. Borger) it measte fan it personiel dat wie f. 27,00 yn de wike en in learling mar f. 2,00 ta 4,00 gûne yn de wike.

Lokkich koenen de measte minsken yn 1935 mei oergean nei Terwispel.

By de Slús Himrik

Nei de twadde oarloch gie de molke ek wol nei de Molkfabryk yn Wenjeterp ta. De bussen wurden dan troch de molkfarder nei de slús yn Wenjeterp brocht en troch de molkrider Roel Bergsma mei de wein nei de fabryk ta ferfiert.

Mei it klear kommen fan de Tjalling Harkeswei op 10 septimber 1954 gienen de trije molkboaten oan de keatling. Hja wienen no net mear nedich. Lâns de hiele feart waard de molke troch de auto ophelle en nei de fabryk ‘De Volharding’yn Terwispel brocht.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-25.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik