Metten Pikje

De lytse skuonmakker út De Himrik

No ja, út De Himrik? Eins wenne hy yn Wenjeterp, mar hy wie tige ferbûn mei De Himrik
De grinzen binne nei ferrin fan tiid wolris wizige, sille wy mar sizze.

Mar foar de ûnwittenden  ûnder ús, wa wie eins Metten Pikje?

Metten hjitte eins Marten en syn efternamme wie net Pikje, mar de Jong. Marten is berne op 27 july 1883 en wie ien fan de trije bern fan  Ruurd Roels de Jong en Aafke Martens de Boer. Hy neamde him sels dan ek Marten Ruurds de Jong, wat men yn earder tiden ek faker die yn de santjinde ieu. De âldste hjitte Marten berne yn 1876 mar dat berntsje stoar yn 1877, de twadde Uilkjen yn 1878,  it tredde bern yn 1883 wie wer Marten en dat is dus ús Metten.

Mar it gie net goed mei it gesin de Jong,  Marten moast al op syn tredde jier syn mem ferlieze dat wie op 31.10.1886, en syn heit op 03.06.1891 doe  wie hy san jier. Hy kaam earst by syn beppe telâne, mar moast nei in pear jier  nei it weeshús  ‘Neerbosch’ yn Nijmegen. Wer syn suske  Uilkjen bedarre is wit ik net, miskien is dy stoarn,  yn elts gefal koe ik har net wer fine en ûnder de grêfstien fan Metten stiet net de famylje de Jong, mar de famylje Pool nei memme famylje kant.

Yn it weeshús wienen san 1100 bern, dy allegearre in fak leare koenen.  Smeie, timmerje, skuonmeitsje en oare ambachten.’ Timmerje en smeie wienen de moaie ambachten’ sei Metten.’ No, ik waard wol skuonmakker. As ‘t skuonmakker  wiest frege hja fuort ast in brekme hiest.  Mar dat is net sa hear.’

Skuonmakker

Doe Metten 18 jier wie gie hy nei syn berteplak Wenjeterp ta en wie dér in pear jier knecht by skuonmakker Post oan it Schuin Poel. Yn 1903 ferhuze hy nei Bakkefean wer hy san jier as selfstandige skuonmakker wurke. Yn 1910 kaam hy by de Wijnjeterper slús te wenjen yn in dûbele bewenne hûs.

Hy krige in drokke klandyzje  út De Himrik en Wenjeterp. Ek minsken út De Kompenije koenen him fine yn it âlde hús by de slús. Sa hat ‘Lytse Metten’ tûzenen skuon en learwurken makke en opknapt. De bern út de buert koenen de lytse man ek fine en werom?

No, yn dy tiid wie der gjin kaugom, mar wol pik. Fan dat swarte tarreguod dat earder brûkt waard foar ferskate tapassingen, ja sa ek yn de skuonmakkerij.  It wie net lekker, mar hja koenen der wol op kôgje. Dat it net sa botte gesûn wie wist men doe noch net. No witte jo hoe Metten oan syn bynamme kommen is:’ Metten Pikje.’ Metten is nea trout, mar oer it waarme iten hoegde Metten net yn te sitten, hy hie in goed kosthús flakby.

Metten yn syn wurkpleats

Gesellich

Dat alle bern him yn de buert him wol koenen, kaam ek wol om dat faaks tige gesellich wie by Metten mei syn wite toarteldo dy hy ek wolris los yn syn keamer fleane lyt. It bistje , sa seinen de besikers, wie dan tige drok . Ek folwoeksen kamen by Metten faaks ek foar de gesellichheid. De kantonrjochter út Beetstersweach mocht der ek graach sitte. It jout wol oan, dat de man wat foar de minskheid betsjutte. As hja de skuon wer helje moasten dan sei Metten: ‘Jimme moatte mar efkes tusken de skuon sykje dy der op de rige steane en sa koe it barre, dat de bern mei de ferkearde skuon thús kamen en moasten hja nochris nei Metten ta foar de goeien. Ja, it wie wolris in binde en tige rommelich, mar Metten koe sels it paad goed fine tusken syn spullen.  Op de foto is dat wol te sjen tink ik.

Feest

Mar no op de 14 maaie 1950 hie Lytse Metten  40 jier yn it fak sitten en de buert hat mei yntekenlisten lâns west om it feest dat by Auke Postma yn it hok , de winkelier by de Slús, hâlden wurde soe. En it waard in grut feest, besocht troch in grut oantal minsken en wat fûn de Lytse skuonmakker it moai, dat him in nije radio  en it oanlis fan elektryks ljocht fergees oanlein waard.  In pear jonge akkordeonisten út de omkriten soargen foar de muzyk , it wie in amateurklupke wer ûnder  Arend Arendz en Tjeerd Postma. Ek it muzykkorps ‘Eensgezindheid út De Himrik brocht Metten in serenade. In  lear-handeler út Ljouwert wie der sels fan út de stêd kaam om him te lokwinskjen, en dat alles foar de Lytse man oan de Slûs.

75 jier

Acht jier letter, op snein 27.07.1958 hat Metten al 48 jier yn it skuonmakkersfak sitten en dan wurdt hy 75 jier, en noch makket hy skuon,  al giet it net sa fluch mear as eartiids. Jo wurde âlder is’t net sa?. Hy hopet mei syn ferjierdei út it hiele lân in protte kaarten en brieven  te krijen, krekt as doe hy 40 jier skuonmakker wie yn De Himrik, en dat wie gjin wûnder want it wie doe in grut feest en ek noch yn de krante.

It hús

Wannear it hús ôfbrutsen is wit ik net krekt, mar Sytse de Boer út de Himrik hat in nij hús bout wat nei efteren en dér efter hat de lytse skuonmakker sels syn ‘skuonmakkerij’ krige. Mar nei de minsken seinen hat Metten it dér net sa nei it sin han,  hy miste syn âlde wurkpleats .

Op 05.07.1960, twa jier nei syn 75 ste jierdei is hy stoarn. Hy is 77 jier wurden en de roukoets mei it hynder derfoar hat ús skuonmakker nei it tsjerkhôf yn Wenjeterp brocht en dér is Marten Ruurds de Jong  beïerdige. 

In  lytse man mei in grut hert.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-18.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik