Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Hemrik » It Folksgerjocht

It Folksgerjocht

It Folksgerjocht

(Fries: Bûtenstfallaat) is een buurtschap in de Friese gemeente Smallingerland en behoort tot het dorpsgebied van Drachten.  

Bûtenstfallaat , Sneon 22 desimber 1934.
Opskuor by de slûs neist it slûswachtershûs en net sa súnich ek , as je net wisten dat it de bewenners fan De Wylgen wienen, dan soenen je tinke dat de oarloch al earder útbrutsen wie dan yn maaie 1940.

De Haadpersoanen.

Mar om it barren wat dúdlik te meitsjen moat ik earst de haadpersoanen fan it gerjocht oan jo foarstelle: Dêr wenne lânarbeider Geart, 26 jier mei syn frou Geartsje dy wat jonger wie , neist Roel B. , in âld koloniaal dy in lyts pensjoentsje hie . It hús wer se yn wennen wie in trije ien keamer wenninkje wer ek de eigner de skipper Bonne Bergsma sels it bûtenste gedielte bewenne. Se sieten sadwaande ûnder it selde dak.

Geart en Geartsje hienen elkoar kennen leard by deselde boer yn Âld Beets wer se beiden yn tsjinst wienen. En ja hear, it wie wat wurden tusken beiden. No wienen de ferskillen wol wat grut tusken harren. Hy wie wat in skriel mantsje, Geart Pod seinen se en sy, Geartsje, wie de sûnde wol wurdich as jo begripe wat ik der mei sizze wol. In tige foarse frou mei flink wat hout foar de doar.
Alles siet der op en der oan, in kreaze mokkel, dat seagen de jonge mannen doetiids ek wol. Dat er waard foar it houlik al tige oer praat.

Se wienen beide fan grifformearde komôf, al wie er wol wat in ferskil. Geart syn folk wie sa fyn as poppestront mar mei Geartsje har folk wie dat wat oars. Se wennen op de Heide en hienen in grutte húshâlding en wienen de grouwe kant it neist. Mar ja, it wie de tiid fan de skoalstriid. De Wylgen hie ien skoalle, in iepenbiere. Doe Boarnburgum in kristelike skoalle krige waard er omraak toulûkt om ‘e bern. It bestjoer fan de kristelike skoalle kaam de heit fan Geartsje temjitte by it ûnderhâld fan syn team bern. Doe wie it gau beslutten en gienen de klompkes rjochting Boarnburgum.

Yn de tiid fan it folksgerjocht hienen Geart en Kekke (de bynamme fan Geartsje) trije bern. De jongste wie noch mar ien jier âld. Der waard doe al och sa wat ôfrabbe oer “ it heit wêzen” fan de lytse. De poppe wie de âld koloniaal as út de kop snien. It popke hie noch krekt gjin tatoeaazje op it earmke. Dat Geart it net seach of ek net sjen woe wie foar wûnder. Miskien woe er ek net yn krúsbestowing leauwe en betroude er tefolle op it sânde gebod.
It pear wie in de simmer fan 1934 al es in skoftsje út elkoar west want it bûtere net al te bêst tusken dy twa. De ferskillen wienen wol wat grut. Mar de heit fan Geart hie it spul wer by elkoar abbesearre.

Út de ferhalen dy er rûn gienen yn de buert waard sein dat buorman Roel it plak yn de bedstee al ynnaam sa gau Geart fan it hiem wie. It plak wer hy lein hie, wie noch waarm seinen sommige. Se sil wol op de tinne muorre kloppe ha tink ik. De wenninkjes waarden doe net sa best bout mei dy healstiens muorkes.

Geart wie feste arbeider en yn die tiid wienen der noch gjin fytsen mei “traapûndersteuning” sa as no, dat de man moast wol iere betiid fuort. Der gie sels praat dat Kekke him wolris in oere te betiid út it bêd raamd hie, sa dat er al om trije oere al by de boer foar de doar stie. Dy lei fansels noch efter de bêdsdoarren.

It gie perfoarst net goed, Kekke woe mear, as Geart jaan koe , moarns betiid der út en jûns let wer thús dat men koe wol begripe dat hy dan wol oan sliep ta wie en net foldwaan koe oan har winsken.

No wie er lokkich in buorman dy wol tiid hie en boppedat seach dy er goed út. It wie in foarse man ,brún fel, swart hier en brúne eagen. In man fan de wrâld en dy tige wat meimakke hie. Hy hie yn Nederlânsk Yndie west en wie o sa oantreklik foar de froulju .Wa soe der net foar falle, as jo te koart krigen?

Begin desimber gienen beiden út elkoar en Geart gie mei de beide âldsten by syn heit en mem wenjen. Wat moast er oars, berne-opfang wie er doe noch net en och, tsjinwurdich wurde de bern faaks ek al troch pake en beppe opfong en grut brocht. En Roel.... dy luts by Kekke yn. It feest koe begjinne.

It folks gerjocht.

Mar der kaam ek in oar feest, dat fan it doarp!!!
Men spruts skande en Geart stie te earmoedzjen op ‘e dyk doe it oan gie. Er wie fan tefoaren wol tige oer praat wurden en de minsken hienen begrutsjen mei him want hy wie in goed mantsje.

De mannen út it doarp wienen earst noch wat skruten, want er wie praat dat Roel sjitterij yn de hûs hie en se woenen net in kûgel yn ‘e bealch ha. Dat it allinnich net út begrutsjen wie woenen se letter ek wol tajaan. It wie foaral om de sensaasje. En wat ek meispiele hat wie, krekt as by de bisten: In hûn mei in farske bonke hat gjin freonen.

Er waard earst moed yndronken, hoewol er gjin herberch yn De Wylgen, wie er wol drank te krijen. Er waard yllegaal jenever stookt sadat er wol op trije adreskes yn De Wilgen en De Smelle Ie wol wat te krijen wie. Dat it rachen en skelden letter net allinnich út begrutsjen kaam sei al genôch. It skom stie ien fan de oanfierders op ‘e bek, sei immen.

My sa’n fyftich man marsjearden de ploech nei Bûtensfallaat mei pânnen en deksels en alles wat mar lawaai meitsje koe. Somtiden spatten de stikken emalje fan de deksels ôf. Dat letter ha se fest fan de frou wol sizzen krigen.

It lawaai moat yn Boarnburgum en ek yn Drachten wol te hearren west wêze mar de polysje liet it ôfwitte. Hy sil er wol fan ôf witten ha tink ik .It wie wol twa kilometer nei de slûs op it Fallaat en it gie oer de Poastbrêge en doe oer de “houtsjes”. Dat wienen smelle brechjes , sis mar planken sûnder leuning. Dat er ien yn it wetter dondere wie wol te begripen, mar dat lette neat, wol dat syn panne ek fuort wie, no krige er thús sizzen.

Op it Bûtenstfallaat ûntduts de ploech in pream mei houten peallen. Dat waard de bewapening.
Mar dy sjitterij siet in mannichte dôchs wol wat dwers. Ien miende al in loop te sjen efter it raam, dat it wetter kaam net allinnich fan de sleat.

Dôchs waard de oanfal ynset, se moasten wol. Mei man en macht en folle geraas waard de doar yntrape en binnen ha se alles fyn houd. Mar gjin Roel en Kekke, dy sieten op ‘e souder. Se hienen de kloft net ôfwachte en hienen it lûk goed beskoattele.

Nei bûten !!!, raasden sommige, nei boppe!!!. De efterkant wie leech, sadat se maklik op it dak komme koenen. De holle pannen gienen stikken nei ûnderen. Mei de peallen stampten se de pânlatten en it daklear stikken.

Ien fan de mannen hie de pikheak meinommen fan de slûs en mei dat ding koenen se Roel wol reitsje. Dy siet mei Kekke en it popke efter de skoarstien. Ast net komst stekke wy dy earst lek raasde er ien , no en doe woenen se wol nei ûnderen komme.

Wat er him fierder ôfspiele hat, kin seker gjin ljocht ferdrage . Se ha Kekke it popke ôfpakt en har net al te sêftsinnich behannele. Sels oantaast en har ûnderein is mei in koaltarre ynsmart, mei in bokkepoat dy wol op ‘e helling te krijen wie.

It wie eins by de bisten om en ôf wat de mannen der dienen. Die taferelen hat men krekt nij de befrijing yn 1945 ek útfierd en minsken ûnweardich.
Roel is mei ûntbleate boppe-ein ek meinaam en tige ôftúgd en se moasten earm yn earm spitsroeden rinne.

De optocht is ek troch de Smelle Ie gien, derwei lâns de Muontseleane nei de Heawei en sa werom nei de hoeke. It hat wol in oere duorre. Geart hat ek net swak byspiele en Roel tige mei in grutte peal op de rêch en skouders tichele. Mar dat wie in hurden ien en joech gjin krimp.
Doe pas hat de polysje yngrepen, mar se ha noch wol in pear amers wetter oer harren hinne krigen.

De Justysje.

It mûske krige wol in stutsje by it gerjocht dat net sa bliid wie mei it foar eigen rjochter spyljen. It wie wol ferwûnderlik, dat allinne Geart foar it gerjocht kaam. Hy hie Roel ôfseame mei in peal fan de helling en dat waard him tige slim oanrekke. It kaam him op in moanne finzenis te stean.
Kekke hat fan de presidint wol warskouwings mei krige oer de tefolle frije leafde yn har leafdeslibben.

Dat koe net, allinnich manlju meie bûten de pot pisje. No ja, dat lêste sei er net fansels.
De oaren wienen tige swijsum en it ûndersyk moat derop fest rûn wêze. It wienen allegear tsjûgen want it tsjûgejild wie mear as in deihier, dat se hâlden der jild fan oer.
Immen sei letter “Wy hienen in bus fan Paulusma en op de weromreis stutsen wy yn elk kafee oan en dat is al yn Ljouwert begûn. Op Nygeastershoek ha wy de lêsten hân, doe wienen de measten ek goed lam”.

Doe se oankamen sieten de measten ûnder de banken, krekt as by in skoalreiske. Mar it sjongen fan “En we gaan nog niet naar huis , nog lange niet nog lange niet !!!“ wie doe wol oer. Want “moeder” de frou wie wol thús, en dat ha sommige witten!!!. De deale, guons ha dagen op rantsoen sitten, want de measte froulju wienen it net mei it folksgerjocht iens.

De neisleep.

Tusken Kekke en Geart is it letter dôchs wer goed kaam. Lokkich mar, de bern binne yn soksoarte gefallen altyd de bloed.
In “tsjûge” moat doe tsjin him sein ha “No moast se drachtich hâlde heite, dan giet it jachtige der wol ôf”. Ik tink dat er dat yn 2015 net mear sizze soe, want dan kaam der in oar folksgerjocht, mar dan fan lilke froulju.
Geart hat it advys wol opfolge want se ha noch in seistal bern krige, dat Kekke koe ruften waskje en Geart wer sleat hikkelje.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-17.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik