Het Koningsdiep

In needgjalp oan ‘t Âlddjip

Heydhuysen, yn it jier 1830.

Dat is al tige lang lyn, tsjinwurdich sizze we Heidehuzen. De buorskip leit ticht by Oldterp (Olterterp) en is situearre by de Boarn ( ek wol Âlddjip).

In dat jier wer we no oer prate wienen der gjin motors, gjin fleanmasinen, gjin auto’s en trekkers dy je as fytser fan de sokken ride wolle. Foar je witte ha jo no in autospegel yn ‘e rêch.
It wie yn dy omkriten by de Boarn rêstich en, tichtby, wer no de ryddyk it âldjip troch krúsket, stie in fikse royale boerepleats tusken de beamen. Grutte bosken leinen oan wjerskanten en de minsken koenen somtiden oeren rinne foardat se immen tsjin kamen. It ferfier gie doe oer sânpaden en modderich reden. Faaks moast de hynders er oan te pas komme , omdat men oars der net komme koe.

Efter de kreaze buorkerij leinen dôchs moaie grienen gerslannen en ek de bou lei er kreas by. Hoe koe dat yn dizze wrâld fan bosk en heide?
Yn froegere tiden wie de Boarn net it rivierke sa’t as it no is. It wie gâns fan mear oansjen. Wol wie it net in grutte woeste stream, mar it ferfierde in aardich protsje wetter mear as no. De Kompanjonsfearten ha in gedielte fan har taak oernommen. Troch de ieuwen hie de Boarn yn de reintiid wolris in grutter bêd nedich as har takomt. Mar ja, dat is somtiden mei minsken ek wolris sa, dan geane je oer op in lits-jumeaux, wylst je int begjin leppeltsje leppeltsje lizze wûnen. Mar dat teside.

Troch dat oerstreamen is er gâns wat fruchtbere grûn efter bliuwen oan beide kanten en der hat dizze pleats letter profyt fan han. Om ‘t de pleats tusken de Sparren leit ha se it ” Sparrehôf” neamt, net de” Boarnhôf” want dy stiet by it Poastbrechje. En hoe kind ek oars, doe yn de tiid fan 1811 Napoleon woe dat de minsken in efternamme ha moasten hat de âld boer Auke Andeles, sa hiet er, him de namme “Sparringa” oanneame litten.

De soan.

De heit wie ferstoarn en de jonge Andela Aukes hie de buorkerij fuort set . Hy wie trout, mar der wie gjin leafde int spul west, it moast in goed party wêze dat wie folle belangriker. It houlik wie net min út fallen en se hienen in betreklyk lokkich libben. Er wienen twa bern kommen. It famke hiet Aaltsje, nei memme kant en it jonkje nei heite kan, dus lytse Auke. Ja, dat wie doe sa, gjin útwrydske nammen . Je soenen hast sizze “sljucht en rjocht”.
De bern waachsen op en moasten nei skoalle. It wie wol in oere rinnen nei de “Winieterp” ( Wijnjeterp), en it gie oer de sânreed oer it Poasbrechje en dan by “Sparrjebird” lâns. Ek dér stienen doe mânske sparren.

Nei de skoalle kamen beiden yn hûs en learden wat nedich wie foar de buorkerij en de hûshâlding. Aaltsje hie ferkearing mei de boppemaster Jan Duisterhout fan Wynterp. In bêste party fûn Andela dat en koe wol aardich mei him opsjitte. Syn wiif hie har betingsten wat, foar har hie dizze master it wat efter de earmtakke, mar ja leafde is blyn no ?.

Andela siet no yn de skimerjûn mei syn lange piip oan de sydmuorre fan it hûs oer de bosken te sjen. Er wie gjin frede yn syn hert en fan de moaie natuer dy troch de skepper makke wie hie er gjin each. Ek nea han, want by him draaide alles om it jild en de opbringst. Se hienen mei de soan praat, dat it hast tiid waard om te boaskjen want er moast in stamhâlder op ‘e pleats komme.
Se hienen al in fiks frommiske op ‘t each, mar de soan, kant fan lea, mei krollige donker hier, hie lake om sok praat. Hy koe oan eltse finger wol ien krije en hie gjin nocht oan de útsikerij fan de âlden. Hy hie sein: “ Mannichien rekket syn frijheit kwyt, as er frijer wurd”.

No, lis der mar es wat tsjin yn. Syn heit yn elts gefal net. Sa siet er wat te stoarjen en nei te tinken oer takomst, net wittende wat foar djippe kûlen er noch troch moast.

De tsjinstfaam.

Der kaam in nije tsjinstfaam op de buorkerij, har foargongster hie boaske en moast foar har eigen húshâlding soargje. Sadwaande hienen se Gepke oannaam dy tige folchsum, skjin en wurksum wie. De minsken wienen bot mei har ynnaam. Gepke en Aaltsje waarden sels freondinnen.
Ja, en doe giet mis!!!. De soan dy net in frijer wêze woe, frijde wol en it waard mienens. Se makken trouplannen en Auke moast wol mei syn heit er oer prate en sei it derom mar plan út.
Ferskriklik wie de útbarsting west!! By it mâle om’t of. In tsjinstfaam wie dôchs gjin stân, nea soe er syn jawurd jaan, nea soe in neikommeling fan Andela Aukes mei in faam fan mindere komôf trouwe, nea Ferstien !!
Lit dat frommis fuort gean en ferjit dyn misslach....

Auke naam dat net, it wie hast op in fjochterij útrûn. Heit dûm en Auke alhiel oeral. Gepke en Aaltsje hienen skriemd foaral doe se murken dat it net by te lizzen wie en dat Gepke it fjild romje moast.  Mar Auke naam it net en kiesde net foar de fêstigens mar foar de leafde. Andela ferbea syn soan en syn leafste it hûs en beiden setten ôf sûnder ôfskied fan heit of mem te nimmen. Allinne fan Aaltsje waard ôfskied nommen.

Acht jier letter.

Auke en Gepke wienen trout en hienen har yn “Himrick” festige yn in lyts húske. Hy wurke by in grutte boer en dy hie it arbeidershúske beskik stelt neist de pleats. De omjouwing stiet bekend ûnder de namme “Landlust”.

Ek Aaltsje en Jan hienen de lapen byelkoar smiten en wennen ticht by de skoalle yn it skoalmastershûs yn Wynterp. Nea wie Auke wer thús west, mar ien kear hie syn mem harren opsocht en har bûgd oer de widze fan har soan en syn frou. Triennen hienen dript op it lekentsje doe se der it lytse herterke, de lytse Andela lizzen seach en fol lof en leafde hie se har man ferteld oer it moaie gesin der by de feart.

Mar de wurden rekken har man net en gliden by him del. Kâld wie syn hert en dermei syn wurden dat er gjin soan mear hie en dat it de moaite net wie om nei har te harkjen.
Iensum wie se west doe se har bliidskip net kwyt koe by har eigen man, dat se swije moast oer it lok fan har soan en it lytse berntsje dat yn de widze lei.

Drôvens en ferjouwing.

De sinne wie efter de Olterterpster bosken wei sonken en ûnder de beamen begon te tsjuster te wurden doe Andela hynstestappen hearde. In man op in hynder dy nei Sparringa frege. Op it befêstigjende antwurd sei er : Ik ha in berjocht fan jo soan”. “ Dy ha ik net”, sei er noartsk. “No sei de man, dan mar fan Auke Andela Sparringa, hie hat in ûngelok han en ropt yn syn lêste oere om syn heit.”

Syn frou die de lêste wurden heard hie joech in gjalp en it izige hert fan de stânfries krige in triuw nei de rjochting fan ferjouwing en ynkear. Syn soan dy er ferstjitten hie en dy nei him, syn heit frege. Efkes letter wienen se in alle hasten mei de sjees op paad nei harren soan dy op ‘t stjerren lei en nei harren komst útseach.

Yntiid wie ek harren dochter Aaltsje oankommen en seach har heit en mem by Auke oant bêd sitten, mem skriemend om har soan en heit mei de holle op it boarst delsonken. Se hienen it útpraat en mei de lêste siken frege er of heit en mem foar syn frou en berntsje soargjen woenen as er der net mear wie. De âld man gûlde foar ‘t earst sûnt syn bernetriennen en pakte de han fan syn soan en flústere: “Dat fersprek ik dy”.

De triennen sprongen de stjerrende yn de eagen en sei sêft “Wês lokkich mei elkoar en ha ... mekoar leaf” Syn eagen brieken , in lêste sucht en ... lytse Andela , dy al yn syn bedsje lei , hie gjin heit mear.

It kaam oars.

Hoewol de âlden harren lytsbern graach thús ha woenen like it Gepke dôchs better ta dat se him sels grut bringe soe. Se woe net werom nei de pleats wer se iens fersjitten wie .Se ferhuze nei “Beetserswaagh “ yn in lyts húske oan de Haadstrjitte, ticht by it Kantongerjocht , miskien no. 77 wol. Mei it naaien foar oaren en mei de jildhelp fan de skoanâlders besocht se it te rêden.

Mar it kaam net goed mei har, nei in skoftsje kaam it berjocht by boer Sparringa dat harren skoandochter siik wie. De klap fan it ferstjerren fan har leafste, it lok wie fuort en dat koe de holle net mear oan. It jonkje, de lytse Andela waard fuort helle en nei syn pake en beppe brocht. Se moast him wol gean litte want se koe him net mear goed fersoargje. De boppemaster Jan Duisterhout hat der net sa’n moaie rol yn spiele. Troch dat fuortheljen fan har soantsje waard it er net better op, se fersutere alhiel en wie by tiid en ûntiid op ‘n paad roppend om har jonkje. Faak waard se wer thúsbrocht troch de buorren en op bêd brocht.

Beppe Sparringa kam wol gauris om har te helpen en te fertellen oer har Andela en dan kaam er in glimpke op har oanlit mar as se wer fuort wie kam wer it langstme en siet se te skriemen yn it lytse keamerke yn it efterein.

Memmeleafde.
It wie yn it lêst fan meart 1844. De snie wie weiteid en de winter wie foarby. Stoarmeftich wie it west en er wienen bulten wetter fallen. De Boarn hie yn gjin jierren de lannen sa fier oerstreamd en brûsde mei grut gewelt – foar syn dwaan fansels- it westen yn.

Op in sneintemoarn, like it waar wat bekommen. It sintsje beskynde it frommiske dat de modderige sândyk lâns stapte. It paad wie net bêst te berinnen. De weinspoaren sieten fol mei wetter, mar it dearde har net.
Om har hinne kaam de natuer ta nij libben en de earste koblomkes lieten har kopkes sjen. It wie maaitiid wurden, mar se seach der net nei, se hie mar ien doel. It Sparrehôf. Lytse Andela sjen, it wie syn jierdei. Se wie net ophelle. Master en ek de skoanâlders fûnen dat net sa ferstannich en hienen it er mar by litten. Mar dat soenen gau genôch te witten komme.

By Sparrehof sloech se in sydpaad yn dat efter de buorkerij útkaam en seach nei it folk dat op ‘t hiem omstrúnde.

Har geast wie net helder, se wist mar ien ding har soantsje helje, der wie se hjir foar. Se hie gelok, it jonkje kaam nei bûten mei in stik koeke yn de han en sette it bosk yn har kant op.
Se rôp “Andela... Andela hjir is mem... It jonkje skrok, seach har en kaam roppend op har ta. “Mem.... mem...
“Myn leave jonge, myn Andela “rôp se . It lûd klonk fier oer fjild. Dat hie net moatten. Eltsenien op ‘t hiem hearde dat. Se seagen hoe in wyld útsjend frommis ôfsette mei it jonkje de bosk yn. De buorkerij in rep en roer.

Aaltsje hie noch roppen: “ lit se gean, it is Gepke”, mar nimmen woe nei har lústerje. Er waard in klopjacht organisearre mei hynders en arbeiders te foet. Se driuwen har it Hemrickerfjild yn by de Âldjip lâns, wer it wetter troch kolke nei it westen ta. Doe se yn ‘t nau kaam by de Boarn, wer de kanten oan wjerskanten heech wienen , seagen de efterfolgers har stean. De ferwyldere blik yn har eagen ferspelde net folle goeds. “Gryp se” raasde de boppemaster, “sy is net by sinnen”.

De mannen kamen op har ta. It jonkje probearre los te kommen fan syn mem, mar de útsinnichheid joech har grutte kreft. In wylde laits en in rôp” Hy is myn soan en jimme krije him net.”
“Net dwaan” rôp Aaltsje noch har ta. Mar te let, mei in wylde sprong en lûde needgjalp fan angst, har bern meinimmend stoarte se nei ûnderen it kolkjende wetter yn.
De weagen sluten har boppen mem en bern. Noch ienkear kaam in hantsje fan it bern boppe wetter, wrakseljend foar syn libben. It wie it lêste. De minsken stienen ferbjustere op de hege kanten te sjen nei it wetter dat harren meinaam hie. Se hienen mem en bern de dea ynjage.

In tiid letter waard beiden opfiske en nei ‘t Sparrehôf brocht. Gepke kaam dôchs noch op ’e pleats dy har ferstjitten hie. Er wie rou op ‘t Sparrehôf, er wie gjin opfolger mear. De boer hie lyk krige, er soe nea in neikommeling fan in Sparringa op ‘e pleats komme. Mar sa hie it net moatten. De pleats is fuort rekke, it jild is nei ‘t “ûnderwiis” gien.
Of stiet de âlde pleats of opfolger derfan er dôchs noch? De minsken moatte dat mar es útsykje.

Heidehuzen falt no ûnder Olterterp en er steane in fiiftal buorkerijen ,wêrfan yn de lêste de boerinne Angelien net allinne kij melkt, mar se ek noch kreas skildert.

En it Âlddjip? It is net mear de stream as alear. En der wer de boaiem it djipst is en de hege dûnen oan wjerskanten binne yn ‘t Himrickerfjild ,der wer de wylgen en de sparren waakse , der flústerje se noch fan it drôve libbensleed en memmelangstmen.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-16.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik