Home » Historie-Friesland » Dorpen in Friesland » Hemrik » De voormalige grote hoenderfokkerij uit 1902

De voormalige grote hoenderfokkerij uit 1902

Hinnebuorkerij ‘Frisia’

Yn it ferline, sis mar in foech 115 jier lyn lei oan de Poaswei in stik heide dat eigendom wie fan Lycklama á Nijeholt út Beetstersweach. Dy famylje hie doe tige wat grûn yn harren besit.
En yn de omjouwing wie doe ek noch gâns mear wat hja doe neamden ’ûnlân’ . Dat wie alles wat gjin greide of bou wie. No tinke wy der wat oars oer, wy binne no tige bliid dat er wat bosk en heide oerbliuwen is wer de minsken hinne gean kinne om te kuierjen en ûntspanne.
De lêste heide is yn de twadde oarloch ek noch op gesach fan de Dútsers yn kultuer brocht, sadat ús soldaten letter nei Dútslân moasten om der op de Luneburgersheide it sjitten en spoarsykjen te learen.

No ja, der lei doe noch 7 hektare heide dat troch in winkelman  Tjitze Bottema út Aldeboarn yn 1902 kocht waard.  Hy liet op ‘e hoeke fan de Binnenwei en Poastwei in hûs delsette (no Binnenwei 117)  en in mânske hinnebuorkerij ‘Frisia Hemrik’. Syn beide soannen Sijtse en Jan gienen der yn wenjen. Sijtse wie tweintich jier, hie mar ien earm en net trout.
Dizze jongeman wie parkhâlder en waard holpen troch syn jongere broer dy noch mar 14 jier wie.
Oan de foto kinne wy wol sjen hoe grut it hinnepark wol net wie. Der kaam sels in arsjitekt út Aldeboarn oan te pas.

Yn it efterste gedielte fan it hûs stienen de briedmasines, wylds derefter it grut oantal hinne hokken. Oan de westkant siet matglês mei oan de westkant fan it perseel in dykje fan in meter heech mei derop hinnegaas. Der tusken koenen de piken en sa rinne en drinke út in pear welputten dy der makke wienen.

Deade piken

De ûndernimming wie net san grut sukses, de grutte ruten makken dat it yn de hokken sa waarm wie dat in protte hinnen mei de poatsjes omheech leinen en it net oerlibben.
Tjitze hat oars wol syn bêst dien der wat fan te meitsjen, dat liet syn advertinsjes wol sjen út it jier 1903.

6 mei 1903

30-24.jpg

20 juni 1903

32-29.jpg

16 december 1903

Ferkocht

Heit hie nei twa jier syn nocht en ferkocht it hiele saakje oan de Wijnjeterper timmerman Benjamin Pieters Offringa. Dy hat earst noch in pear hokken brûkt as stâl en liet letter in fjouwertal hûzen bouwe wer ien fan letter de namme noch krige fan ‘Âld Weinterp.’
Nei dit aventoer yn De Himrik, sis mar Sparjeburd,  is hy mei syn soannen wer ôfset net Aldeboarn.
Wol hat de Himrik der in kreas karakteristyk hûs fan oer hâlden.

Binnenwei 117 De Himrik

Ien fan de (no farve) hûskes

Nij bout hûs mei de namme ‘Âld Weinterp’

  • Mei tank oan Ernst Huisman.