Beetsterzwaag

WYLDE BARGEN Út BEETSTERSWEACH

De hear Van der Vegt, rintmaster fan de famylje Van Boelens siet foar him út te stoarjen.
Hoe moast hy der no mei oan, dêr hie hy krekt wer in pear boeren op syn sprekoere hân. De boeren wienen de foarige jierren ek al by him west en hienen har beklach dien oer de wylde bargen dy harren lân ferwrotten. Hienen hja krekt winterweet der yn siedde, komme der wer in pear bargen út it bosk en ferwrotten dy de hiele saak. Koenen se wer begjinne. Ha hja gjin mûzepleach, dan hat men wer in bargepleach.

It wie in twastriid foar de rintmaster. De hege hearen woe graach wat ha te sjitten yn harren bosken, mar hja woenen de boeren ek wol te freon hâlde, dy hierden it lân fan de adel.
Hy naam in beslút, dan moast hy mar in driuwjacht hâlde, mar dan moast de befolking wol efkes meihelpe. De boeren hienen it bosk al fûn wer de bargen tahâlden, dat it sjitten soe wol in makje wurde.

No, de meidieling hjirfan wie net oan dôvemansearen sein. Op moandei 5 maart 1880 stienen wol 26 jagers klear mei harren sjitark om de bargen in kopke lytser te meitsjen. En oan driuwers wie ek gjin brek, de rintmaster skatte dat wol op in 150 ta 200 minsken. Litte wy mar sizze: de bisten leafhawwers út de doarpen Olterterp en Beetstersweach en omjouwing woenen dit graach meimeitsje, ferdivedaasje as ‘meubelsjochwinkels’ wienen der doe noch net. Hy skodde al wat mei syn holle, dit moast wol yn goede banen lied wurde, oars skeaten de jagers elkoar of de driuwers yn de kont en dat moast ek wer net. No dêr moast de jachtopsjenner dan mar mei rêde.

Jacht

De kloft minsken waard opstelt en it driuwen begon, mei roppen en razen en tsjin de beamen slaan, al gau krigen de jagers ien fan de twa bargen foar harren loop.
No doe wie it krekt âldjiersjûn, ien baarch krige in skampskot mar ferdwûn út sicht rjochting Olterterp , sadat de jagers it neisjen hienen. Hja seagen him ferdwinen oer it fjild en doe de bosken yn. Mar al gau krigen se in twadde mantsje (bear) int sicht, en dy waard efterfolge oer it Âlddjip oan De Himrik ta. Dér waard hy úteinlik om 4 oere deasketten troch de hear Bouma en yn triomf en sjongend op in trep festbûn en rjochting Olterterp, nei it Wite Hûs ( it bekende kofjehûs) brocht.

Bear

It mantsje wie wol 1.50 meter lang oer de rêch metten en hie in gewicht fan 180 pûn. De kleur wie donkerbrún oan de grutte kop ta wer hy grize punten oan syn bef hie.  De rêch wie beset mei lang swart hier, stikelich krekt as by in igelbaarch.
En dan de grutte slachtosken dy it bist yn de bek hie!!. De minsken huveren der oer, doe sy dy seagen, dér moasten se gjin prip mei krije. It bist waard iepen snijt en de yngewanden der út helle en de baarch ûnder de jagers ferkocht foar in 150 gûne.

De Kommissaris fan de Keninginne,  Mr. Binnert  Philip baron van Harinxma thoe Slooten yn Ljouwert , dy in telegram krige hie mei de heuchlike meidieling fan it barren , kaam te let mei syn bod ta keapjen.

Hy koe de kop net oan de muorre hingje, dat wie spitich foar him, hy moast it  no mei in portret fan him sels dwaan. De keaper hat it bist ophong ta besichtiging. Earst foar 10 sinten, mar de deis derop de tiisdeis foar 25 sinten, sa grut wie de belangstelling om it bist te oanskôgjen.

Mar wér wie de earste baarch bleaun?  Dôchs stoarn?  De ynwenners fan Beetstersweach en Olterterp wisten it net, en it waard wer restich yn de doarpen. De bern waarden net mear bang makke foar de ‘mûnsters’ yn it bosk en de ikkers net mear fernield.

Oant....

......it ein fan 1905, begjin 1906. Doe begon it opnij yn it fjild. De ikkers mei ierdappels wienen no it doelwyt. En wer wienen de boeren it bokje. En wer wienen de minsken bang yn de doarpen. Wie it deselde wylde baarch dy ôfset wie of wie it in nije? It soe samar kinne.
It bist waard oeral sjoen en wie tige grut. Yn deselde tiid hie de baarch yn de nacht in besyk brocht oan in wiuwe P. yn de Oerterper Mersken. No ja, net oan de wiuwe sels fansels, mar oan har tamme mot.

No, dy hie der gjin beswier tsjin, san wylde baarch wie wat oars dan dy tamme sleauwe bear fan buorman Jan wer hja it oars mei dwaan moast. It gie der tige rûch om ta, dat de wiuwe it net heard wie de minsken in riedsel.

It duorre wol efkes, mar dan ha jo ek wat, de mot wie dan ek fuort swier, mar de heit gie fansels pleiter. Ja ,dat ha jo mei die bisten dy swerve.

Freedtemiddei 20 april 1906

Twa jachtopsjenners út Beetstersweach wienen op paad om te sjen of hja de baarch ek te pakken krije koenen. Efter Lauswolt yn it midden fan it dinnen bosk kamen se it bist op koarte ôfstân tsjin.
Hy lei yn syn leger en mei-ien fjurre jachtopsjenner Geert Hemminga ta acht kear in looper (hagelpatroan) op him ôf. Ek jachtopsjenner G. Lukkes wie tichteby kommen en fjurre omraak.
Tsjin san moardparty koe it bist net op en sakke yn elkoar. Kroandea !!!.

De mannen tilden it bist yn in kroade en brochten it doe efter de Harinxmastate en hongen it bist op oan in beam. Hja wienen it noch net fergetten fan eartiids, de minsken koenen ek no it bist besjen foar in dûbeltsje. Letter is it bist nei Hotel’ De Herder’ brocht, dêr wie in better plak foar de minsken om it te besjen. Se kamen wer fan fier nei it bist ta, op de fyts, mei it arbeidershynder of mei it tramke, it brocht gâns jild op.

Efter ‘Harinxmastate’: Twa froulju Hemminga, Wiebe Willems Tolman (famylje Hemminga), Geart Hemminga (sjitter) Marinus Schuite (fjildwachter), Anne Klazema (túnman), Willem Vrijburg ( sosjalistysk wethâlder)

Noch efkes de mjitte en kenmerken fan it bist: Lang 1.40 m, heech 1 m., de tosken wienen 40 sm., gewicht 137 pûn en de boarstels 12 en 13 sintimeter lang.
Dat wie it dan, heel wierskynlik is hy neist de oare wylde baarch kaam te hingjen yn Artis yn Amsterdam. Hjirby wie de Sweachsters skiednis oan it ein, of dôchs net?

Nee, noch net, der wie ommers noch in mot dy swier fan him wie. In skoftke foar de dea fan de heit lei de mot yn it kreambêd en brocht 14 lytse blaugrize biggen op de wrâld mei slachtoskjes.
Fiif fan dy bigjes hienen brune tiger streepkes oer it bealichje. Och wat wie de wiuwe bliid mei it team.

Ek hjir wie in besichtiging oan de oarder. Foar it lytste bigje waard wol 5 gûne bean.
Twa fan it team kamen sels yn Heageveen telâne, de hear H.L. v.d.Sleen, in bargeman kocht twa biggen, in famke en in jonkje bigge.  Hy woe der mei fokke, om de bonken fan de bargen te fersterkjen.  De mot liet hy fia in ‘datingsite’ pearje mei in yorkshire bear en op snein 4 augustus 1907 krige de mot 10 biggen.

De measten liken op de heit, mar by fiif ronnen prachtige tigersstrepen oer it lichem. Boppedat wienen se tige libbendich en hienen wat wylds oer harren. Neffens in echte bargeboer wie it better west, dat hja de ‘oerheit’ libje litten hienen, dan wie better west  foar de fokkerij. Mar ja, eangst en skea binne minne riedslju.


3-93.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik