Bakkeveen

Slûs Bakkefean, “Bea om help”

Moarmwâld, tiisdei 3 desimber 1907.

Trije jonge arbeiders, alle kostwinners foar harren gesin, makken harren klear om mei in izeren bok nei Bakkefean te farren om in lading turf te heljen foar de ferkeap. De mannen hienen ôfpraat dat mei har trijen te dwaan. Twa buorren Harm(en) en Sytze Visser en in oare freon Gelt van der Wal. Harm Visser wie de âldste en fjirtich jier âld. De oaren wienen krekt yn ‘e tritich.
It wie in lange tocht nei Bakkefean. De mannen hienen de âlde izeren bok mei, der koe gâns turf yn. Sa’n bok wie meastal fan hout, mar dizze wie fan izer en woe wol ruskje, der hienen de mannen altyd tige ûnderhâld oan.

Dat men mei mear minsken wie, wie wol needsakelik. De bok moast lutsen wurde of se moasten kloetsje, en dat wie wat oars dan tsjinwurdich mei in motorskipke de “Turfroute” lâns te farren . Miskien wie dat no ek wol wat, dat kloetsjen of lûken. Se moasten dat mar ferplichtsje, de man of frou yn ‘e beage, dan koenen se by ús wol in kopke tee krije as se toast krigen. Sa hienen de minsken oan de “Turfroute” ek noch es wat ferdivedaasje. Der soe gâns folk op ôf komme tink ik, want de minsken soenen wol tige nocht ha om te sjen se int spier wienen.

It ôfskied

Mar om by de skiednis te bliuwen, de mannen namen ôfskie fan harren famylje en it soe wol folgende wike wêze dat se werom wienen. Baukje, it dochterke fan Harm, hie oan har heit frege.”Is heit wol wer op tiid werom as ik jierdei bin op 11 desimber?“  “Dat wit ik net leave”, hie er sein, as wy de bok fol ha mei turf dan lûkt it tige swier en dan kin it wol es wat langer duorje. It famke hie wat sneu sjoen en sei: “Mar Heit is ek al net iens thús as Sinteklaas komt . Se hie suver de triennen yn de eagen, sadat hy hie har mar efkes oankrûpt hie en tsjin har sein. “Miskien krigest wol wat moais fan heit en mem op dyn jierdei”. Doe wie se dôchs wer in bytsje bliid.

De oaren hienen ek lytse bern en sille wol it Sinteklaazjen oan de froulju oerlitten ha tink ik. No moatte jo net tinke dat dit feest itselde wie as no hear. It wie mear sokke sette en wat lyts guod as geskink. Bygelyks wie it in de earme gesinnen yn ‘e wâlden wol gauris in pear eigenbreide sokken of in taaipop. By de minsken dy it better dwaan koenen, krigen de bern noch wolris in lapkepop of wat in houten hynderke.

De reis

Troch de froulju en de bern warden se útswaaid en setten ôf, net wittende dat se harren nea wer sjen soenen.  It wie in lange reis, de mannen dienen er wol trije dagen oer. Ûnderwei sliepten se yn it foarûnder fan de boat. It wie krekt grut genôch om mei alle trije yn te lizzen. It koe mar krekt, der wie hast gjin plak mear oer yn it lytse kajút dat foar of efter op de boat siet. No makke dat fjirder ek gjin ferskil, want de boat koe sawol foar as efterút farre. De foarkant wie it selde as de efterkant.

Op tongersdei hienen se mei man en macht de bok laden om sa de oare deis op tiid wer nei hûs te kinnen. It wie al let dat de mannen klear wienen en wienen mar foar de slûs yn Bakkefean lizzen gien, om de fredes de 6de desimber betiid mar wer op hûs oan te gean. It waar wie omslein en de mannen wienen huverich . De dagen wienen koart en de nachten lang . Boppedat wie it folle kâlder as earst, dat se besletten mar in pot mei fjoer oan te meitsjen yn it roefke, dat hienen se dôchs wat waarmte . Ien fan de mannen hie de naden goed ticht stoppe , sadat it tige noflik wie binnen.  Sa gienen se sliepen, deun tsjin elkoar oan, mei de pot mei fjoer tusken harren skonken.

Drama

De oare deis freed 6 desimber doe it wat ljocht ward bûten, kaam de slúswachter by de slûs om harren te skutten. Hy wist dat it skipke betiid fuort soe en seach al ljocht yn it roefke. Op syn roppen kaam gjin antwurd en dat wie tige frjemd.

Nochris balte hy oer it wetter om se wekker te meitsjen, mar gjin beweging.
Tige ûngerest gie er nei it bokje ta, klautere oan board en raamde it lûk iepen. It besaude him doe er se lizzen seach. Trije jonge mannen deastil neist elkoar, ferienige yn de iviche sliep.
It bloed luts him út syn gesicht en hy stode al roppende wei de wâl op, âljend om help en in dokter. De minsken út de beurt kamen delsetten en al gau kaam ek de dokter op syn fyts.
Dizze ûndersocht de mannen mar koe neat mear dwaan, de trije mannen wienen stoarn troch de koaledamp.

Fergiftige trochdat it bloed de koalmonoksyde (giftich gas) opnaam, sadat er gjin soerstof mear yn it lichem komt. It gas koe net fuort, alles wie potticht en er wie gjin romte genôch yn it roefke.
Ferslein wienen de Bakkefeanseter minsken doe de liken nei bûten brocht warden. En ek ferslein wienen de minsken yn de wâlden doe se de boadskip krigen dat se harren heiten, mannen en doarpsgenoaten nea wer libbend sjen soenen.

De gesinnen wienen yn djippe rou, de bern gûlden doe harren heiten thús brocht warden en de trije froulju Sjoukje, Antsje en Kintsje sochten treast byelkoar. Yn ienen wienen se widdo.

Advertinsje

De doarpsgemienskip libbe mei. In oantal foaroansteande minsken yn it doarp wer ûnder artsen, dominees, haden fan de skoallen , in kandidaat notaris en in feedokter setten in oantal berjochten yn ’e krante om help foar de gesinnen dy no yn need efter bliuwen. Boppe de advertinsje stie “Bede om Hulp” In gâns oantal minsken offerten jild. Hast 600,00 gûne wie by de kommisje ôflevere, dy it wer ferdiele soe. Om efkes oan te jaan dat it wol in fiks somje jild wie: Yn dy tiid koe je der wol in kreas frijsteand hûs mei tún foar keapje.

Yn in rou-advertinsje op 9 desimber 1907 troch Jacob Gjalts van der Wal, in broer fan Gelt , betsjûge dy ynmoedich tank oan de Boargemaster fan Opsterlân , de amtners en fjirder oan de bewenners fan Bakkefean en Drachten dy gehiel belangeleas help ferlient hienen.


fjwwbnl2Fpublic2Ft2Ff2Fe2Ftemp-eyigvpnjajasgjsyehes2F3-93-2.jpg

© Henk F. Hansma
De Himrik